Heerd
Heerd is de beneaming foar in pleats yn Grinslân. Mei de heerd wurdt eins de hurd, it stookplak (heerdstede), bedoeld, mar yn de rin fan de skiednis waard mei de term heerd de hiele pleats (it gebou) en de byhearrend lân oantsjut: dat alles wat by de heerd heart.
In soad pleatsen hawwe dêrom in namme einigjend op heerd (soms: heert). It earste part fan de namme is faak de famyljenamme fan de earste bewenners. By nije bewenners waard de namme fan de heerd net feroare. Dat hie ek te krijen mei it feit dat it bewenjen fan guon heerden, de saneamde edele heerden, beskate rjochten joech, bygelyks by de rjochtspraak of yn it bestjoer fan in sylfest.
Yn de wyk Beijum yn de stêd Grins binne de measte strjitten nei (besteande en ôfbrutsen) heerden neamd. Inkelde nammen:
- Boelemaheerd
- Doornbosheerd
- Froukemaheerd
- Hiddemaheerd
- Jaltadaheerd
- Rensumaheerd
- Sijgersmaheerd
- Stoepemaheerd
- Wilkemaheerd
Edele heerden
bewurkje seksjeYn de Ommelanner geaen Westerkertier, Hunsingo en Fivelgo wiene der ek edele heerden (eale heerden), (ek gerechtigde heerd, schulteheerd of koartwei heerd neamd). Dat wiene heerden dêr't mear as 30 gerzen (ek jukken of deimt; likernôch 15 bunder) ta hearde. De eigenierde fan sa'n heerd hie beskate rjochten (dat boppedat plichten wiene) dy't oan de heerd ferbûn wiene, lykas in stim yn it redgerrjocht, it kollaasjerjocht of it oerrjocht. Dy rjochten wiene oer de ommegong yn elke kluft (of klau/clau) regele. Wat mear eale heerden der yn in kluft stiene, wat minder faak de eigenerfde fan in beskate eale heerd der gebrûk fan meitsje koe. Yn Grinslân waarden de eale heerden en ommegongen beskreaun yn klauboeken. Letter waard dit soarte rjochten los fan de pleats ferkocht, wêrby't aadlike persoanen it slagge bytiden meardere en bytiden alle ommegongen binnen in gebiet yn hannen te krijen.