Deimêd
In deimêd, mêd of deimt is in eardere Fryske en Grinslânske flaktemjitte. In deimt stie foar it hoemannichte lân, ornaris healân, dy't ien meaner op ien dei haaie koe mei de seine.
De grutte fan in deimêd ferskilde de streek. In deimêd kaam op ferskate plakken oerien mei in heale bunder. In Grinslânske deimt, dat fan it Aldfryske deimeth, fan dei en meth (mei de seine meand stik lân) wie 4.997 m².