In seine is in stik lânbou-ark dat beskôge wurde kin as in fierdere ûntwikkeling fan de sikkel. In tuskenfoarm is dan de sichte. De seine bestiet út in lang bûgd mes, oan de binnebocht skerp, mei in skerpe punt, befêstige oan in stâle mei bytiden 1 mar meast 2 hânfetten. De seine wurdt brûkt troch mei in flugge swaaiende beweging lang gêrs of nôt te meanen, sûnder dat de meander him dêrfoar hoecht te bûken.

Seine
It brûken fan in seine
Harhammer,harspit en strikel

De seine wurket it bêste as dizze flymskerp is. Hoewol't de measte seinen mei in swiere metalen stâle út Nederlânske winkels faak allinnich mei in strikel (in mei groukerrelich slypmateriaal beplakte latte) skerp holden wurdt, wurde de bêste resultaten berikt troch de seine te harjen en te setten.

It "harjen fan de seine" kin dien wurde by ûnbehurde meanblêden fan hege kwaliteit izer, dat yn East-Jeropa en Eastenryk (Teufelskerl) noch wol te krijen binne. It snijflak fan sa'n blêd wurdt bylâns de râne nei bûten dreaun mei in harhammer op in harspit (ambyld), sadat in tinne râne ûntstiet dy't flymskerp is. Hoewol soks tige ienfâldich liket, is der foar dizze bewurking frijwat fakkennes nedich. Op grutte fjilden, dy't mei de seine meand waarden, wie der geregeld ien persoan waens taak it wie om oan ien tried wei te harjen.

Under it wurk wurdt it blêd troch de meander sels geregeld set troch in yn wetter wietmakke silexstien (strikel, slypstien) mei lange swaaiende bewegingen fan de breedste kant ôf nei de punt te bewegen.

  • Gêrs wurdt leafst yn de moarntiid meand, omdat it middeis stiif wurdt.
  • Der bestiet in ferskaat oan meanblêden, fan ± 30 cm foar presys meanen, -bygelyks yn in hôving- oant mear as 60sm foar gruttere stikken lân. Ek bestean der grutte blêden om tinne tûkjes mei te meanen.
  • De seine mei metalen stâle en stielen 'mes' is lichaamlik folle swierder as de lichtere houten seinestâlen dy't yn East-Jeropa te keap wienen, en dy't sels wol op maat makke waarden, dêr't in hierskerp sêftmetalen mes by brûkt wurdt. By de goeie technyk wurdt der amper krêft brûkt, en wurdt de rêch rjocht holden. It mes wurdt yn in floeiende swaai leech oer de grûn beweegt, wêrnei in stap foarút dien wurdt en de beweging wjerhelle wurdt. Ek âldere froulju dy't dizze technyk yn 'e macht hawwe kinne dit in dei folhâlde.
  • Yn de leginde fan de Wite Wiven spilet it smiten fan in harspit in wichtige rol.
  • Alle jierren wurdt der yn de feestwike yn Surhuzum it wrâldkampioenskip seineharjen holden. Yn 2004 foar de 25e kear. Wa't oan 'e ein fan it kampioenskip de skerpste seine hat, mei him in jier lang wrâldkampioen neame.
  • Yn it Skotsk Museum yn Edinboarch is yn de kelder in grut seineblêd út de Romeinske tiid te bewûnderjen. De tekst derby oer it skerpjen is mooglik ferkeard.
  • Alle jierren wurdt der by de tradisjonele Flaeijelfeesten yn Aldhoarne en Nijhoarne it Frysk kampioenskip seinemeanen holden, altyd de lêste sneon yn septimber.

Yn de symbolyk hat de figuer fan de dea, Blauwe Fedde, altyd in seine by him.