Harspit
In harspit is in lyts draachber ambyld foar it harjen fan in seine of sichte; mei in harhammer wurdt it snijflak skerpe.
De ôfbylding lit trije typen harspitten sjen. It linker wurdt brûkt troch it mei de punt yn in bygelyks in stobbe te slaan en wurdt brûkt yn kombinaasje mei in gewoane hammer. De middelste en rjochter wurde mei de punt yn de grûn stutsen en brûkt yn kombinaasje mei in harhammer.
Yn sêgen mei witte wieven spilet it smiten mei in harspit faak in wichtige rol.