Nijhoarne (Nederlânsk en offisjeel: Nieuwehorne) is in doarp yn de gemeente It Hearrenfean, noardwest fan it trijegemeentenpunt mei de Stellingwerven. Nijhoarne foarmet in twillingdoarp mei Aldhoarne.

Nijhoarne
Tsjerke fan Nijhoarne
Tsjerke fan Nijhoarne
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente It Hearrenfean
Sifers
Ynwennertal 1.455 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 6,4 km²
lân: 6,35 km²
wetter: 0,045km²
Befolkingsticht. 227 ynw./km²
Oar
Postkoade 8414
Netnûmer 0513
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 57' NB, 6° 3' EL
It Flaeijelfeest yn Nijhoarne
It Flaeijelfeest yn Nijhoarne
Offisjele webside
http://www.oude-nieuwehorne.nl/
Kaart
Nijhoarne (Fryslân)
Nijhoarne
Kaart
Tsjerke fan Nijhoarne
Himrik fan Nijhoarne yn de gemeente It Hearrenfean

Nijhoarne hat 1.455 ynwenners (1 jannewaris 2023).

Nijhoarne leit lykas in protte oare doarpen yn it gebiet "Tusken Feart en Tsjonger" tusken de Skoatterlânske Kompanjonsfeart oan de noardkant en de rivier de Tsjonger oan de súdkant. It leit tusken Ketlik en Aldhoarne yn. Der binne in soad houtwâlen. It gebiet hat him ûntwikkele troch de feanterij. De Skoatterlânskewei rint mei in soad lintbebouwing troch de doarpen. Yn it noarden fan Nijhoarne is by in fallaat yn de Kompanjonsfeart it buorskip Bontebok ûntstien. Dat doarp hat yn 1979 de status fan in apart doarp krige.

Lytse en Grutte Kiekenberch en de tichteby lizzende Ketlikerheide en Ketliker Skar binne unyk. Ald- en Nijhoarne lizze oan De Tsjonger dêr't simmerdeis in soad boaten troch Slûs I farre.

Yn 1315 wurdt de namme Hoerne cum duabus capellis neamd en betsjut "Hoarne mei twa kapellen" ferwizende nei de twa doarpen Ald- en Nijhoarne. Hoarne ferwiist nei in hoeke yn in dyk. Yn 1408 komt it doarp foar as Nye Hoerne en Nyenhoern. It taheaksel nye (nij) ferwiist nei it ûnderskied fan Aldhoarne. It doarp ûntstie dus út Aldherne wei en waard as jongere delsetting dus "nij" neamd.[2]

Nijhoarne ûntstie yn de 18e iuw as streekdoarp by de spjalting fan de Binnenwei dy't hjoed-de-dei as Skoatterlânskewei fan Aldskoat ôf rjochting Donkerbroek is. It doarp lei yn in heechfeangea dêr't turf stutsen waard en dêrnei yn kultuer brocht waard. Súdlik dêrfan lizze mieden yn de delling fan De Tsjoner. It doarp ûntwikkele hm op it plak dêr't de Skoatterlânske Kompanjonsfeart út it noarden de Fjirde Wyk dy't rjochting de Binnenwei rûn. Dêr waard yn 1778 de tsjerke boud.

Nijhoarne woeks yn de 19e en iere 20e iuw benammen by de diken del. Nei de Twadde Wrâldkriich waard yn it gebiet tusken de diken beboud. Nijhoarne ûntwikkele him lykwols net ta in komdoarp, mar bleau in streekdoarp.

Oant de gemeentlike weryndieling fan 1934 wie it, lykas it susterdoarp Aldhoarne, part fan de gemeente Skoatterlân.

Nijhoarne en Aldhoarne wurkje in soad gear op mêd fan it ferieningslibben. It pleatslik belang komt op fan it belang fan de doarpen Ald- en Nijhoarne. 13 buertferienings binne aktyf yn it twillingdoarp.

Yn Nijhoarne stiet de Sevenaerskoalle it doarpshûs De Kiekenhof. Dêryn sit ek it pjutteboartersplak De Lytse Bearkes. Op de lêste sneon yn septimber steane Ald- en Nijhoarne yn it teken fan it Flaeijelfeest. Tsien kear yn 't jier ferskynt doarpskrante De Hoarnekrite. De VVV organisearret in soad doarpsaktiviteiten.

  • Fûgelwacht
  • Klokkekommisje Aldhoarne
  • It sjongkoar Jan de Roas Sjongers is neamd nei strjitartyst Jan de Roos.
  • De Vrije Fries - muzyk
  • Sjongnocht - frouljuskoar
  • Let's Try - popkoar
  • De Maerteblom - toanielferiening
  • Trekker Trek Aldhoarne
  • Lyts Bigjin – iisklup. Oprjochte yn 1897
  • Ien Twa Trije - iisferiening
  • De Kiekenhof – biljertferiening
  • UDIROS - sportferiening
  • De Horne - tennisferiening
  • Stifting Volksvermaak Oude en Nieuwehorne.

Befolkingsferrin

bewurkje seksje
1954 1959 1964 1969 1974 2004 2005 2006 2007 2008 2009 2010 2013 2024
894 898 889 946 1131 1491 1494 1472 1491 1488 1496 1489 1445 1485

De strjitten yn Nijhoarne en ferklearring fan de strjitnammen.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Sjoch: Kerncijfers wijken en buurten 2023 (CBS).
  2. Nederlandse plaatsnamen verklaard, 2018 troch G. van Berkel en K. Samplonius en Friese plaatsnamen. Alle steden, dorpen en gehuchten (2017) troch Karel F. Gildemacher

  • Nijhoarne yn Friesland Wonderland troch Peter Karstkarel
  It Hearrenfean  
Doarpen en útbuorrens:
AldeboarnAldhoarneAldskoatAkkrumBontebokGersleatHaskerdikenHoarnstersweachIt HearrenfeanJobbegeaKetlikDe KnipeLúnbertMildaamNesNijbrêgeNijhoarneNijskoatIt OranjewâldTerbantTsjalbert
Buorskippen:
AldskouAnnebuorrenBrongergeaBurstumEasterboarnJinshuzenMeskenwierPeanPoppenhuzenJobbegea-SkuorregeaSoarremoarreSpitsendykSythuzenWarniahuzen
  ·   ·