Jobbegea

Jobbegea
Himrik fan Jobbegea
gemeente It Hearrenfean
Gritenij Skoatterlân
Stimmen 20
Ynwenners (2010) 3.350
Huzen {{{huzen}}}
Koördinaten 53° 0' NB, 6° 7' EL
Netnûmer 0516
Postkoade 8411
Webstee {{{webstee}}}

Jobbegea (Nederlânsk: Jubbega, Stellingwerfsk: Jubbege of Schurige) is it twadgrutste plak yn de gemeente It Hearrenfean. It doarp leit yn de noardeastpunt fan de gemeente. It hat likernôch 3.350 ynwenners.

Lizzing gemeente It Hearrenfean
Jobbegea
Molkfabryk "Ons Belang”
De Poppebeam fan Jobbegea

UntsteanBewurkje

Jobbegea is in dûbeld streekdoarp dat yn de rin fan de 17e iuw ûntstien is. Earst as agrarysk doarp oan de ferbiningswei fan Aldskoat nei Donkerbroek yn Eaststellingwerf dy‘t eartiids de Binnenwei neamd waard en no Skoatterlânskewei hjit. It wie de ûntsluting foar de ferspraat steande bebouwing. Súdlik fan dizze as leit ek noch de bûtenwei, mar dy wie healwei de 19e iuw al wer ferfallen. Oan de Berkeaperwei stiet by de in de jierren 1886-1888 kanalisearre Tsjonger in wyt ferve slûswachtershûs yn de sjaletstyl. It is ien fan de rige fan soksoarte wachtershuzen dy‘t om 1890 hinne oan de Tsjonger boud binne. It wachtershûs leit by de twadde slûs yn de Tsjonger, dy‘t wol feroarings ûndergie, mar mei wenning en in slanke, izeren flapbrêge de tiid fan doe werombringt. Noardlik fan de dyk leinen hege feanen en dêr kaam yn ‘e rin fan de 18e iuw troch de turfwinning in twadde wenkearn ta ûntwikkeling by de yn 1774 boude tredde slûs yn de Skoatterlânske Kompanjonsfeart.

GeaBewurkje

  • Jobbegea hat in protte bebosking om it doarp. Der is ek in hartekamp mei harten, geiten en einen.
  • Yn de maaitiid fan 1994 waard it doarp teheistere troch in protterpleach.

MienskipBewurkje

Pleatslik belang Jobbegea/Hoarnstersweach komt op foar de belangen fan beide doarpen en hat gearkomsten yn doarpshûs 't Pipegealtsje. De stifting Ferdivedaasje Jobbegea is der om inisjativen fan de befolking op it mêd fan kulturele aktiviteiten te stimulearjen en út te fieren. Der binne seis buertferienings: "By jûn útfûn", "DEG", "De Skoatterstreek", "Tusken de Wiken", "Tjelle Boskje" en "De Lantearne". Der is ek in iepenloftswimbad oan de Leidyk.

Skoallen en winkelsBewurkje

Jobbegea hat trije basisskoallen: OBS De Feart, OBS Master J.B. Kanskoalle en de kr. basisskoalle Fan ’e Wiken. It doarp hat in winkelsintrum mei û.o. in supermerk (C1000), in doch-it-sels saak, in drogist (Schlecker), in elektronikasaak, twa moadesaken Moadehûs Blaauw en Eijer fashion&underwear, in meubelsintrum, in fytsspesjalist De Singel en kapsalons t Slúske, Knypeach en Ans. Sintraal yn it doarp stiet it multifunksjonele sintrum de Expansiehal mei in sporthal, in buerthûs/jongereinsintrum De Stoater en in iepenbiere bibleteek. Yn 2009 waard it sintrum "De Kompanije" útwreide mei soarchwenten en in tsjinstesintrum. Dêrneist binne dêr de kristlike basisskoalle Fan 'e wiken en IBS De Feart tegearre ûnder ien dak kommen.

EvenemintenBewurkje

Ienris yn de fiif jier is der in grutte, fiif dagen duorjende konsumintenbeurs mei tsientallen standhâlders. Tagelyk wurde ferskate feesten organisearre. Ien fan de ûnderdielen fan de Ekspansje is de oanklaaiïng fan it doarp. De lêste Ekspansje, dy't tûzenen besikers luts, waard fan 13 oant en mei 17 septimber 2007 holden.

Elk jier wurdt op himelfeartsdei op de P.W. Janssenweg de Nederlânske Kampioenskippen Brommersprint holden. In wedstryd oer 150 meter wêr't maksimaal 200 dielnimmers oan meidwaan kinne en wêr't minsken út it hiele lân op ôf komme. Turfpop is in festival dat jierliks hâlden wurdt.

FerieningsBewurkje

Stifting Ferdivedaasje JobbegeaBewurkje

De stifting Ferdivedaasje Jobbegea is in der om inisjativen fan de befolking op it mêd fan kulturele aktiviteiten te stimulearjen en út te fieren.
Yn neifolging fan de iepenloftspullen fan 2004 (Hurd om Hut) en 2008 (De Krytsirkel) sil yn 2011 it iepenloftspul De Skippershûn yn Jobbegea opfiert wurde. Op http://www.ferdivedaasje-jobbegea.nl kinne jo ynformaasje en foto's fine.

It SjongfolkBewurkje

't Sjongfolk (fan Folk sûnder oeren) komt út Jobbegea. It is in mingd koar fan sa'n 30 leden dat foaral lietsjes fan en út de streek sjongt. Ek sjongt it koar yn revu’s en by iepenloftspullen. It koar sjongt net allinnich yn it Frysk mar ek in oare talen, faak nûmers út bekende produksjes. De lieding fan it koar is yn hannen fan Geert van der Schoot.

BefolkingBewurkje

1954 1959 1965 1969 1974 1999 2001 2003 2004 2005 2006 2007 2008 2009 2010
2923 3001 2928 3018 2958 3260 3330 3360 3270 3372 3359 3316 3338 3363 3350

Iepenbier ferfierBewurkje

Line fan ferfierder Qbuzz:

StrjittenBewurkje

Alle strjitten fan Jobbegea.

Sjoch ekBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
Plakken yn de gemeente It Hearrenfean
 
Haadplak: It Hearrenfean
Doarpen en útbuorrens: AldeboarnAldhoarneAldskoatAkkrumBontebokGersleatHaskerdikenHoarnstersweachJobbegeaKetlikDe KnipeLúnbertMildaamNesNijbrêgeNijhoarneNijskoatOranjewâldTerbantTsjalbert
Buorskippen: AldskouAnnebuorrenBrongergeaBurstumEasterboarnJinshuzenMeskenwierPeanPoppenhuzenJobbegea-SkuorregeaSoarremoarreSpitsendykSythuzenWarniahuzen