Dokumintaasjesintrum Jobbegea-Skuorregea-Hoarnstersweach

Dokumintaasjesintrum Jobbegea-Skuorregea-Hoarnstersweach is in groep minsken dy't him dwaande hâldt mei de skiednis fan de doarpen Jobbegea, Skuorregea en Hoarnstersweach. De groep ûntstie yn 2006 doe't in tal frijwilligers oan de gong gienen om histoaryske en aktuele gegevens oer de doarpen op in oersichtlike wize by elkoar te bringen. Dokumintaasjesintrum Jobbegea - Skuorregea - Hoarnstersweach presintearre harsels yn septimber 2007 tegearre mei Pleatslik Belang op de Expansie. Se komme gear yn it dokumintaasjesintrum yn de iepenbiere bibleteek fan Jobbegea. Yn 2011 is de gearwurking fan bibleteek, gemeente en Dokumintaasjesintrum Jobbegea, Skuorregea, Hoarnstersweach útgroeid oant in Histoarysk Ynformaasje Punt (HIP). In HIP is in fêst plak yn de iepenbiere bibleteek dêr't eltsenien by de ynformaasje fan it doarp en de omkriten kin.

It HIP befet orizjinelen en kopyen fan kaarten, brieven, foto's, films en boeken mei de skiednis en hjoeddeiske ynformaasje oer de streek. Alle materiaal wurdt opnomd yn it bibleteeksysteem, sadat eltsenien -ek thús op ynternet- yn de katalogus sjen kin wat der oer de omjouwing te finen is. Dit beskikbere materiaal wurdt presintearre yn in apart gedielte fan de bibleteek yn kasten, dy't troch in finansjele bydrage fan Pleatslik Belang Jobbegea - Hoarnstersweach oanskaft wurde koenen. It materiaal kin ek brûkt wurde foar arranzjeminten foar toeristen en de minsken fan de doarpen.

Sa giet aktueel en histoarysk materiaal net ferlern en is it op ien plak yn de streek by elkoar te finen. Eltsenien kin materiaal op alle soarten media oanleverje, fan boeken, films, dia's, krantenknipsels en -artikelen, brosjueres, foto's, plakboeken, dvd's en kassettebantsjes.

Keppeling om utens

bewurkje seksje