Janna Eijer
Janna Eijer (Jobbegea, 18 jannewaris 1989) is in Fryske sjongster/dûnster en tekstskriuwster út Jobbegea. Yn 2011 wûn Eijer it sjongfestival Liet Ynternasjonaal.
Janna Eijer | ||
sjonger en/of muzikant | ||
(2011) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 18 jannewaris 1989 | |
berteplak | Jobbegea | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
sjongtaal | Nederlânsk, Frysk | |
ynstrumint | sjonger, piano | |
jierren aktyf | 2010 - no |
Libbensrin
bewurkje seksjeFan har 11e oant en mei har 19e jier dûnse se yn de groep Duende. Mei dy dûnsgroep die Janna Eijer ferskate optredens by ûnder oaren Simmer 2000 en Oerol. Janna Eijer krige keyboard- en pianoles by Cees Bouma en klassike sjonglessen by Claartje van Dokkum. Yn Ljouwert studearre Eijer oan de Akademy foar Popkultuer.
Nei in stikmannich losse optredens hie Eijer op 19 desimber 2010 har earste konsert op Sneinswille yn de Alde Slûs.
Liet
bewurkje seksjeMei it eigen nûmer Hinne Rinne, helle se it fjirde plak by Liet 2009. Yn 2011 wûn se Liet 2011 mei har gefoelige pianoballad Yn 1 klap. Yn novimber 2011 fertsjintwurdige se Fryslân op Liet Ynternasjonaal yn it Italjaanske Udine en wûn dêr de earste priis.
Aktiviteiten
bewurkje seksjeMei Eijer Producties makket se workshops op fersyk foar bedriuwen en ynstellingen, mar set sels ek nije workshops op. Dêrneist jout Janna Eijer op ferskate plakken sjong- en dûnsles.