Lúnbert
Lúnbert is in doarp yn it noardwesten fan de gemeente It Hearrenfean. It noardlik diel fan 'e himrik makket diel út fan De Deelen.
Lúnbert | ||
Pleats oan de Aenjewiersterdyk | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | It Hearrenfean | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 425 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 6,45 km², wêrfan - lân: 5,00 km² - wetter 1,44 km² | |
Befolkingsticht. | 83 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 59' N 5° 55' E | |
Offisjele webside | ||
webstee fan Aenjewier | ||
Kaart | ||
Kaart | ||
Lokaasje Lúnbert (grien) yn 'e gemeente It Hearrenfean |
Skiednis
bewurkje seksjeLúnjebert foarme mei de doarpen Terbant, Tsjalbert en Gersleat 'De Streek' fan de eardere gemeente Aenjewier. Dy gemeente waard yn 1934 opheft en mei in diel fan Skoatterlân by de doe nije gemeente It Hearrenfean foege.
Lúnbert wurdt op in kaart fan 1245 Lyedingaberde neamd. Oare namme fan Lúnbert wiene Lionigaberde (1315), Lonighaberd (1481), Lyonjebert alias Leowerdt (1505), Luniebirdt (1664), Lunjebert, Lunjebirt (1839). It doarp hat de namme te tankjen oan it skaai Lyedinga, dy't de rjochten fan harren oandiel yn in kapel oan de yn 1243 stifte kommanderij fan de Hillige Marije yn Nes fan 'e Dútske Oarder oerdroech.[2]
Fanút Nes waarden der noch twa konvinten stifte: it yn 1299 stifte Sint-Nikolaaskonvint fan Skoaten en it mooglik yn 1281 stifte en oan Sint-Elisabeth wijde nonnekonvint fan Lúnbert.[3] Dat konvint fan nonnen stie likernôch in kilometer noardlik fan de tsjerke op 'e hichte fan Spitsendyk en waard Stientsjerk of Marijebosk neamd en ek wol it Katryper Konvint. It konvint rekke yn it neigean en waard om 1375 hinne wer opheft, mar yn 1491 op 'e nij stifte en nei't de nonnen harren oansletten by de Sistersjinzerske oarder ferhûze it nei de oare kant fan de Aenjewiersterdyk. Op in lânmjitterskaart fan 1608 is te sjen dat dat plak súd fan 'e tsjerke lei.[4]
De tsjerke fan Lúnbert is om 1745 hinne ôfbrutsen en ferfongen troch in houten klokkestoel, dy't yn 1921 foar it lêst ferfongen waard troch in klokkestoel fan wapene beton. Yn de klokkestoel hinget in oan Sunte Nicolaus ende Bonifacius wijde en in troch Geert fan Wou en Johan ter Stege yn 1538 getten klok út de parochytsjerke. Nei de Twadde Wrâldoarloch waard de klok yn 'e herfoarme tsjerke oan 'e Fok yn it Hearrenfean hongen, mar yn 2005 kaam de klok werom yn Lúnbert. De lytse yn 1645 troch Jacob Noteman getten klok wie oarspronklik ornearre foar Terbant en kaam yn 1843 nei Lúnbert,
Yn 'e 18e en 19e iuw wie der in soad feanterij yn 'e krite. It ûnlân waard neitiid yn kultuer brocht en der waarden nije pleatsen boud. Yn 1901 waard it molkfabryk 'Aengwirden' stifte. It lytsere molkfabrykje fan Tsjalbert fusearre yn 1904 mei it molkfabryk Aengwirden. By it molkfabryk waard yn 1911 in elektrisiteitssintrale boud, dêr't it hiele doarp fan mei profitearre. Oan it fabryk kaam yn 1963 in ein en tsjintwurdich binne der oare bedriuwen yn de gebouwen ûnderbrocht.[5]
Mienskip
bewurkje seksjeDe Aenjewierster doarpen hawwe in yn 2016 iepene Multyfunksjonele Akkomodaajse, dy't yn Tsjalbert stiet. It doarp docht in soad yn 'e mande mei de oare Aenjewierster doarpen en ek in mienskiplik Pleatslik Belang. "Aengwirden Aktief" is de doarpskrante.
Tsjerke
bewurkje seksjeSkoalle
bewurkje seksjeSûnt 2022 geane de bern fan alle Aenjewierster doarpen nei de doe iepene gearwurkingsskoalle De Nijewier. De skoalle stiet yn Tsjalbert.
Ferienings
bewurkje seksje
|
|
(De list is yn 2023 bywurke mei help fan de hiemside fan 'e Aenjewierster doarpen. Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op dy hiemside)
Befolkingsferrin
bewurkje seksjeJier | 1850 | 1900 | 1950 | 1960 | 1970 | 1980 | 2005 | 2010 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 585 | 698 | 644 | 590 | 507 | 461 | 441 | 424 |
Jier | 2015 | 2020 | ||||||
Ynwenners | 810 | 840 |
(Boarnen: 1850-1980: De Heeren en de Anderen, R. Boltendal, side 301-302; 2015 en 2020: Alle Cijfers)
Eveneminten
bewurkje seksjeStrjitten
bewurkje seksjeAlle strjitten fan Lúnbert mei ferklearring fan de nammen.
Publikaasje(s)
bewurkje seksje- S. Bakker "Vier dorpen, één streek. Terband, Luinjeberd, Tjalleberd, Gersloot"
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
It Hearrenfean | ||
---|---|---|
Doarpen en útbuorrens: Aldeboarn • Aldhoarne • Aldskoat • Akkrum • Bontebok • Gersleat • Haskerdiken • Hoarnstersweach • It Hearrenfean • Jobbegea • Ketlik • De Knipe • Lúnbert • Mildaam • Nes • Nijbrêge • Nijhoarne • Nijskoat • It Oranjewâld • Terbant • Tsjalbert | ||
Buorskippen: Aldskou • Annebuorren • Brongergea • Burstum • Easterboarn • Jinshuzen • Meskenwier • Pean • Poppenhuzen • Jobbegea-Skuorregea • Soarremoarre • Spitsendyk • Sythuzen • Warniahuzen | ||
· · |