Gersleat

Gersleat
Flagge fan Gersleat Wapen fan Gersleat
Flagge Wapen
Lokaasje fan Gersleat
Gemeente It Hearrenfean
Ynwennertal (2010) 305
Webstee webstee fan Aenjewier

Gersleat (Gersloot) is in doarp yn de gemeente It Hearrenfean. Gersleat leit yn it noardwesten fan de gemeente, en foarme foar 1934 mei de doarpen Terbant, Lúnbert en Tsjalbert de gemeente Aenjewier. De fjouwer doarpen wurde noch altyd Aenjewier of De Streek neamd.

lizzing gemeente It Hearrenfean
Klokkestoel Gersleat

De trije doarpen binne mei it noardeastlike part fan It Hearrenfean yn 1936 by Skoatterlân foege om sa de gemeente It Hearrenfean te foarmjen.

Gersleat foarmet it meast eastlike part fan de oan de Aenwirderwei frijwol ûnûnderbrutsen trochrinnende bebouwing fan de fjouwer doarpen. Oan de ein fan Gersleat is de bebouwing tinner. Mei ek omdat der nei de oarloch net folle mear boud is, is dêr de sfear te priuwen fan in wenmienskip middenmank it útfeante lân dat wer yn kultuer brocht is.

De streken noardeastlik fan de Aldeweisterfeart en dy oan de Hegedyk, dy‘t nei it suden ta, rjochting Lúkswâld rint, hearre ek ûnder Gersleat.

It doarp wie yn de tiid fan de 18e en de 19e iuw in sintrum fan de ferfeaning. Op de gritenijkaart fan de atlas fan Eekhoff út ’e midden fan de 19e iuw docht bliken dat hast de hiele omkrite fergroeven wie en ûnder wetter lei. Allinne de ûnder Gersleat fallende Aldeweisterpolder is yn 1776 drûchmeald en wer yn kultuer brocht. Itselde wie doe krekt (yn 1851-1852) bard mei de wat gruttere polder súdlik dêrfan.

Op it begraafplak stiet ek ien fan de klokkestuollen yn Fryslân. Oant 1834 stie op it begraafplak de protestantske tsjerke fan Gersleat. Dy wie yn of koart nei 1735 boud as ferfanging fan in âldere brekfallige tsjerke. De predikant wie tagelyk dûmny fan de oare doarpen fan Aenjewier. De befolking fan it Opsterlânske doarp Lúkswâld hearde yn elk gefal oant yn de 18e iuw tsjerklik ûnder Gersleat.

In pear kilometer benoarden De Streek leit it natuergebiet De Deelen, in lânskip mei in ôfwikseling fan petgatten en stripen.

MienskipBewurkje

De trije doarpen dogge in soad mei-inoar. Gersleat hat wol in eigen feriening foar Pleatslik Belang Gersleat-Polder en der is in wykteam. De basisskoalle hjit D' Aldewei.

FerieningsBewurkje

  • Fuotbalferiening Gersleat - fuotbal
  • Foarút - keatsen
  • RynkRank - kabaret
  • Hercules, sportferiening: gymnastyk en follybal
  • Stifting Natuerbad "De Wispel"
  • Tegearre Fierder - iisclub
  • Onder de Linden - toulûke

BefolkingBewurkje

1954 1959 1964 1969 1973 2004 2005 2006 2007 2008 2009 2010
479 447 410 338 286 296 298 292 286 294 302 305

Iepenbier FerfierBewurkje

StrjittenBewurkje

De strjitten fan Gersleat mei de ferklearring fan de nammen.

Sjoch ekBewurkje

Keppeling om utensBewurkje

 
Plakken yn de gemeente It Hearrenfean
 
Haadplak: It Hearrenfean
Doarpen en útbuorrens: AldeboarnAldhoarneAldskoatAkkrumBontebokGersleatHaskerdikenHoarnstersweachJobbegeaKetlikDe KnipeLúnbertMildaamNesNijbrêgeNijhoarneNijskoatOranjewâldTerbantTsjalbert
Buorskippen: AldskouAnnebuorrenBrongergeaBurstumEasterboarnJinshuzenMeskenwierPeanPoppenhuzenJobbegea-SkuorregeaSoarremoarreSpitsendykSythuzenWarniahuzen