Wopke Eekhoff
Wopke Eekhoff (Ljouwert 2 maart 1809 - dêre, 12 febrewaris 1880) wie in argivaris en útjouwer yn Ljouwert. Hy wie in soan fan in Eastfryske goudsmid.
Nei in Nutspriis krigen te hawwen foar Levensschetsen van beroemde Friezen, dat hy op tweintichjierrige leeftyd skreaun hie, begûn hy syn boeken yn eigen behear út te jaan. Hy waard oplaat by de Ljouwerter printer-útjouwer G.T.N. Suringar.
Mei de help fan gûverneur Humalda en Van Halmael foarme Eekhoff him ta regionaal histoarikus en waard er yn 1838 de earste stedsargivaris fan Nederlân. Neist syn argyf hold Eekhoff ek in boekwinkel en in lytse útjouwerij by yn in pân mei de namme Keizerskroon.
Fierders stifte Eekhoff de Steds Bibleteek fan Ljouwert en sammele er dêrfoar en foar de Provinsjale Bibleteek ek boeken. As autodidakt fûn men him wat eigensinnich, sadat er de bynamme Wopke profeet krige.[1]
Eekhoff wie teffens goed 40 jier in tige aktyf lid fan it Frysk Genoatskip[2]
De Wopke Eekhoffpriis is in Fryske priis foar bydragen oan histoarysk ûndersyk yn Ljouwert.
Wurken
bewurkje seksjeTa syn bekendste wurken hearre:
- Verzameling van Friesche spreekwoorden, gezegden, anecdoten, enz (1826)
- Nasporingen betrekkelijk de geschiedenis der voormalige Middelzee in Friesland (1834) - mei-skriuwer Petrus Brouwer Pz.[3]
- Geschiedkundige beschrijving van Leeuwarden (1846) - ek digitaal beskikber
- Beknopte geschiedenis van Friesland (1851)
- Het leven van Eise Eisinga en geschiedenis van het Planetarium door hem van 1774 tot 1780 vervaardigd (1851)
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|