Tsjalbert
| |||||
![]() | |||||
Gemeente | It Hearrenfean | ||||
Ynwennertal (2019) | 840 | ||||
Webstee | Webstee fan Aenjewier |
Tsjalbert (Tjalleberd) is in doarp yn de gemeente It Hearrenfean. Tsjalbert leit yn it noardwesten fan de gemeente en foarme foar 1934 mei de doarpen Terbant, Lúnbert en Gersleat de gemeente Aenjewier. Oan de noardkant fan it doarp lizze De Deelen. Tsjalbert komt foar as Jellebert of Tialbert of Tjallaberd of Tiallabert of Tiallaberd of Tyallebyrd of Thyellaberd.

Op de earste kadasterkaarten wie der om Tsjalbert hinne mear bosk as tsjintwurdich. It doarpswapen hat dan ek in iik, krekt as by in soad oare doarpen yn Sânwâlden, mei de it devys Regeneratio (Werberte). In stik bosk oan de súdkant wie eigendom fan Tjeerd Geerts van Roeden, út Sechtjinroeden. It rjochthûs fan de eardere gritenij stie yn Tsjalbert.
MienskipBewurkje
Tsjalbert hat in feriening foar Pleatslik Belang dy't syn gearkomsten hat yn Doarpshûs. Foar it doarp is in doarpsfyzje opsteld. Aengwirden Aktief is de doarpskrante. De Streek en Anjewier binne de skoallen fan it doarp. Opfallend is, dat it doarp mei mar 782 ynwenners in selsstannich brânwachtkorps hat.
BefolkingBewurkje
1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1973 | 2004 | 2005 | 2006 | 2007 | 2008 | 2009 | 2010 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
761 | 646 | 450 | 436 | 514 | 737 | 735 | 737 | 755 | 765 | 786 | 782 |
Bekende ynwennersBewurkje
- Fan 1841 oant 1850 wie Anthony Winkler Prins predikant yn Tsjalbert.
- Fryske topdammer Jannes van der Wal is yn Tsjalbert opgroeid. Syn heit wie dêr haad fan de skoalle.
- Jan Wuite (1877-1946), boargemaster fan Smellingerlân.
- Van 1841 oant 1850 wie Anthony Winkler Prins predikant te Tjalleberd.
- Henk de Wilde (1917-2004), deputearre foar Fryslân en boargemaster fan Skagen
- Henk Pijlman (bestjoerder) is yn Tsjalbert grutbrocht.
StrjittenBewurkje
Oer de strjitten fan Tsjalbert.
Iepenbier FerfierBewurkje
- Line 84: It Hearrenfean – Lúnbert – Tsjalbert – Gersleat – Lúkswâld – De Tynje - Nij Beets – Boarnburgum – Drachten vv.
Sjoch ekBewurkje
Keppeling om utensBewurkje
Haadplak: It Hearrenfean | |
Doarpen en útbuorrens: Aldeboarn • Aldhoarne • Aldskoat • Akkrum • Bontebok • Gersleat • Haskerdiken • Hoarnstersweach • Jobbegea • Ketlik • De Knipe • Lúnbert • Mildaam • Nes • Nijbrêge • Nijhoarne • Nijskoat • Oranjewâld • Terbant • Tsjalbert | |
Buorskippen: Aldskou • Annebuorren • Brongergea • Burstum • Easterboarn • Jinshuzen • Meskenwier • Pean • Poppenhuzen • Jobbegea-Skuorregea • Soarremoarre • Spitsendyk • Sythuzen • Warniahuzen |