Anthony Winkler Prins
Anthony Winkler Prins (Voorst, 31 jannewaris 1817 – Voorburg, 4 jannewaris 1908) wie in Nederlânsk skriuwer, dichter, dûmny en frijmitselder. Hy wie haadredakteur fan de letter nei him neamde Winkler Prins ensyklopedy.
Biografy
bewurkje seksjeWinkler Prins waard berne yn Voorst. Oer syn bertedei bestiet wat betizing. Yn de twadde printinge fan de troch himsels redigearre ensyklopedy stiet 31 jannewaris 1817, mar neffens guon fermeldt de offisjele berteakte 30 jannewaris.
Hy studearre natuerwittenskippen en letteren oan de Universiteit Utert, en teology oan it Doopsgesind Seminarium yn Amsterdam. Fan 1841 oant 1850 wie er predikant yn Tsjalbert. Doe't er 33 jier wie waard hy Meniste predikant yn Veendam, foar in jiersalaris fan tûzen gûne.
Winkler Prins is hjoeddeis by de measte minsken bekend troch de nei him neamde ensyklopedy, mar yn Veendam wurdt er noch altyd om folle mear saken eare. De Ryksskoallemienskip is nei him neamd en yn it Feankoloniaal Museum wurde noch in soad saken oan dizze produktive man yn it sin brocht. Veendam is net allinnich it plak dêr't hy in grut part fan syn libben wenne hat. Ek realisearre hy foar syn gemeente in Hegere Boarger Skoalle, in Latynske skoalle foar famkes en in kweekskoalle foar ûnderwizers en ûnderwizeressen. Hy wie by de lôzje L' Union Provinciale yn de Frijmitselderij ynwijd en wie yn 1878 meioprjochter fan de frijmitslderslôzje Het Noorderlicht yn Veendam. Op 31 oktober 1879 rjochte hy mei oare notabelen de Earste Grinzer Tramwei-Maatskippij op. Dy soe op 'en doer de langste hynstetramline fan Europa ûnderhâlde.
Neist it preekamt die er in soad oare wurk, lykas it skriuwen fan haadartikelen foar seis provinsjale kranten, it meitsjen fan gedichten en almanakken yn tydskriften, it popularisearjen fan boeken oer natuerkunde en it oersetten fan populêr-wittenskiplike wurken út it Ingelsk en Dútsk.
Winkler Prins akseptearre it fersyk fan de Amsterdamske útjouwer Brinkman om haadredakteur te wurden fan in yllustrearre ensyklopedy. Trettjin jier hat hy dêroan wurke en yn 1870 ferskynde it earste diel fan de Geïllustreerde encyclopedie. Tolve jier letter, yn 1882, ferskynde it sechtjinde en lêste diel. Yn datselde jier gie Winkler Prins, dy't yntiden 65 wurden wie, as dûmny mei emeritaat en ferfear nei Amsterdam. Kwealik hied er him dêr fêstige oft hy waard troch de útjouwersmaatskippij Elsevier frege om de ensyklopedy fannijs te besjen en út te wreidzjen. De twadde printinge ferskynde al yn 1884. Yn Amsterdam wie hy ûnder oare foarsitter fan in frijmitselderslôzje. Nei Amsterdam fêstige it echtpear Winkler Prins him yn Lisse en dêrnei Voorburg.
Winkler Prins bleau oant op hege leeftyd tige krigel en fitaal. Hy wie 78 jier doe't hy mei ien fan syn fjouwer soannen op redens oer de Kagerplassen fan Lisse nei Leien ried en werom. Op syn tachtichste preke hy wer ris yn Veendam en op Skiermûntseach. Foar de Delftse Courant skreau hy noch 150 haadartikels. Meiïnoar soe hy yn syn libben 39.000 feltsjes A4 folskreaun hawwe.
Winkler Prins ferstoar yn 1908 op 90-jierrige leeftyd yn Voorburg. Nei syn ferstjerren iepene in dochter in briefke fan him. Dêryn stie:
- "Mocht ik te ferstjerren komme, dan meie myn frou en bern witte dat ik in lang en lokkich libben hân haw. It berjocht fan myn ferstjerren moat allinnich pleatst wurde yn de Nieuwe Veendammer Courant."
Opnij beïerdige
bewurkje seksjeWinkler Prins waard yn Voorburg beïerdige, lykas letter syn frou Henriëtta. It grêf rekke slim ferwaarloaze en der stie sels gjin grêfstien op, allinnich in pealtsje mei it nûmer 48. Dat Winkler Prins destiids yn Voorburg en net yn Veendam te hôf kaam, hie wierskynlik in praktyske reden: destiids soe elke gemeente op de rûte tusken Voorburg en Veendam apart om tastimming frege wurde moatte foar trochtocht fan de lykkiste.
Mei op grûn fan it briefke fan Winkler Prins die Petra Maters, direkteur fan it Feankoloniaal Museum, fan 2003 ôf alle war foar werbegraffenis fan it echtpaar Winkler Prins yn Veendam. It Kolleezje fan Boargemaster en Wethâlders fan Veendam neamde de ferbûnens fan Winkler Prins mei Veendam in goede reden om ta werbegraffenis oer te gean. Begjin 2005 joech de gemeente Leidschendam-Voorburg hjirfoar tastimming. It pear is op 9 septimber 2005 yn Veendam werbegroeven, neist it grêf fan de mem fan Winkler Prins en dat fan ien fan syn soannen. Der is in grêfstien setten mei de tekst 'Weromkomd yn Veendam op septimber 2005'. Yn de gemeente Leidschendam-Voorburg is op 13 septimber 2008 in tinkteken ûnthuld foar Winkler Prins tichtby it hûs dêr't er yn wenne hat, op de Laan van Nieuw Oosteinde 17.