Nijbrêge

Nijbrêge
Himrik fan Nijbrêge
gemeente It Hearrenfean
Gritenij {{{gritenij}}}
Stimmen {{{stimmen}}}
Ynwenners (2004) 150
Huzen {{{huzen}}}
Koördinaten 52° 59' NB, 5° 53' EL
Netnûmer 0513
Postkoade 8469
Webstee {{{webstee}}}

Nijbrêge is in doarp yn de gemeente It Hearrenfean, benoarden It Hearrenfean. It doarp hat likernôch 150 ynwenners (2004). By it doarp is in grutte jachthaven.

Nieuwebrug Nijbrege b 02.jpg

Nijbrêge foarmet mei Haskerdiken in twillingdoarp. It is yn de 19e iuw ûntstien, doe't besuden fan Haskerdiken in nije brêge mei slûs oanlein waard. Skippers moasten hjir bytiden wachtsje, minsken oer de dyk ek en sa ûntstie der in doarp. Yn 1952 is de brêge ferfong troch in daam.

Oant 1934 hearde Nijbrêge by Haskerlân, mar doe't dat jiers de nije gemeente It Hearrenfean foarme waard, krige dat in lyts stikje fan Haskerlân mei Nijbrêge derby. Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 hearde it doarp by de gemeente It Hearrenfean (wylst Haskerdiken ta de gemeente Haskerlân rekkene waard). Fan 1984 oant 2014 hearden beide doarpen by Skarsterlân; dêrnei kamen se beide by It Hearrenfean.

Yn it doarp stiet in lytse Amerikaanske wynmotor.

Om 1900 hinne wenne hjir de bekende kaartlister Hinke Kaart.

MienskipBewurkje

Haskerdiken en Nijbrêge dogge in soad mei elkoar. It mienskiplike doarpshûs hjit It Deelshûs. It Fiifde Stee is de doarpsskoalle dy't yn Haskerdiken stiet.

FerieningsBewurkje

  • SIM - kuorbal en folleybal
  • Wês Warber - frouljusferiening

StrjittenBewurkje

  • Ljouwerterstrjitwei - fan Ljouwert nei it suden, wêrfan kening Willem I opdracht joech ta de oanlis yn 1827 en ek mei betelle.
  • Liere - fan de liere as takel.

Sjoch ekBewurkje

 
Plakken yn de gemeente It Hearrenfean
 
Haadplak: It Hearrenfean
Doarpen en útbuorrens: AldeboarnAldhoarneAldskoatAkkrumBontebokGersleatHaskerdikenHoarnstersweachJobbegeaKetlikDe KnipeLúnbertMildaamNesNijbrêgeNijhoarneNijskoatOranjewâldTerbantTsjalbert
Buorskippen: AldskouAnnebuorrenBrongergeaBurstumEasterboarnJinshuzenMeskenwierPeanPoppenhuzenJobbegea-SkuorregeaSoarremoarreSpitsendykSythuzenWarniahuzen