Jacob Noteman (Sittard of omkriten, om 1599)[1]) wie in 17e iuwsk brûnsjitter út Ljouwert. Hy hie syn bedriuw yn de âlde tsjerke fan Nijehou yn Ljouwert dêr't syn foargonger en learmaster Hans Falck fan Neurenberch earder wurke hie. Yn 1650 is er nei Heidelberch, Dútslân, ferfearn. Hy waard yn Ljouwert opfolge troch Jurjen Balthasar.

Klok fan Noteman yn de klokkestoel fan Lúnbert

Noteman makke ûnder oaren de lytse klok fan de Aldehou (1637) en levere yn 1642 tsien klokken foar de Sint-Jans Katedraal yn De Bosk. Fierders hawwe Jislum (1636), De Jouwer (1636), Hitsum (1637), de waach yn Dokkum (1637), Burdaard (1638), Westhem (1639), Boalsert (1640), Finkegea (1642), Ie (1642), Sonnegea (1644), Tersoal (1644), Terbant (1645), Skiermûntseach (1648) en it stêdhûs fan Harns (1648) syn liedklokken.

Klokken (karút)

bewurkje seksje
Jier Plak Bouwurk Beskriuwing
1636 De Jouwer Jouster Toer Diameter 116,8 sm
1637 Ljouwert Aldehou Diameter 147 sm. Gewicht 2100 kg. Slachtoan Sis1.
1637 Jislum Katarinatsjerke Diameter 64 sm
1637 Hitsum Tsjerke fan Hitsum Diameter 103 sm
1637 Dokkum Waach
1638 Skerpenseel Herfoarme tsjerke Diameter 66,5 sm
1638 Burdaard Herfoarme tsjerke Yn 1943 fan de Dútske besetter foardere
1639 Westhem Bartholomeüstsjerke Diameter 66 sm
1641 De Bosk Sint-Janskatedraal Diameter 209 sm. Gewicht 5750 kg, heart by de swierste klokken fan Nederlân
1645 Lúnbert Klokkestoel Diameter 88 sm. Gewicht 390 kg. De klok hat fan de Twadde Wrâldoarloch oant 2005 yn de Tsjerke oan de Fok hong[2]
1645 Easterein Martinitsjerke Diameter 130 sm
1647 Abbegea Gertrudistsjerke Diameter 84 sm
1648 Hallum Grutte of Sint-Martentsjerke Diameter 120 sm
1648 Harns Stedhûs fan Harns Diameter 95 sm. Gewicht 520 kg.
1648 Minnertsgea Meinardstsjerke By de brân fan 1947 waard de klok skansearre en yn 1951 op 'en nij getten troch Van Bergen
1649 Skiermûntseach Grutte Tsjerke Klok wurdt net mear brûkt
1649 Molkwar Sint-Lebuïnustsjerke Twa klokken: diameter 71 sm en 81 sm


Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. andrelehr.nl/gieters
  2. klokkenstoelen.nl Luinjeberd
  • J. J. Kalma, W. Kok, M. Wiegersma, J. H. Brouwer, Encyclopedie van Friesland, 1958. Elsevier.