Minnertsgea

Minnertsgea (Biltsk: Minnertska) is in Frysk doarp yn 'e Bouhoeke, dat diel útmakket fan 'e gemeente De Waadhoeke. De skelnamme foar Minnegeasters is 'keallepoaten'.

Minnertsgea
2023 Minnertsgea, Meinardswei.jpg
Emblemen
Minnertsgea vlag.svg               Minnertsga wapen.svg
Sifers
Ynwennertal 1.740 (2022) [1]
Oerflak 12,03 km²
werfan lân: 11,95
werfan wetter: 0,07 km²
Befolkingsticht. 147 ynw./km²
Polityk
Lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
gemeente Waadhoeke vlag.svg Waadhoeke
Oar
Koördinaten 53° 15' N 5° 35' E
Offisjele webside
Doarpsside
Kaart
Minnertsgea (Fryslân)
Minnertsgea

SkiednisBewurkje

Minnertgea is it meast eastlike terpdoarp fan de wichtichste kwelderwâl fan it âlde Barradiel. Der wurdt oannaam dat it terpdoarp Minnertsgea al yn it jier 1000 bestie, wierskynlik as eilân. Minnertsgea wurdt yn 1168 al neamd.

Yn dy tiid stie de oan Sint-Martinus wijde tsjerke der ek al, dy't nei alle gedachten likernôch 1120 boud wêze moat. Yn 13e-iuwske kroniken wurdt it doarp Minderskerka neamd en ek as Meynardiskerka. De tsjintwurdige letgoatyske tsjerke waard yn de 15e en 16e iuw yn ferskillende fazes boud, mar oan de noardlike kant is noch in stikje muorrewurk te sjen fan de eardere tsjerke.

Om Minnertsgea hinne leine ferskillende stinzen en states. Noardeastlik fan it doarp stie Grut-Hermana. Grut-Hermana waard al nei 1700 ôfbrutsen. Tsjintwurdich stiet op it plak in pleats, dy't troch de útwreiding fan it doarp no yn it midden fan it doarp stiet. Allinne in stikje fan de grêft is bewarre bleaun. In oare state wie it 16e-iuwske Lyts-Hermana, dy't noardlik fan de Hearewei stie en it langer folholden hat en pas yn 1836 ôfbrutsen waard.

 
De pleats op de lokaasje fan Grut-Hermana

Oan de hjoeddeiske W. Binnemaleane stie de Sixma fan Andlastate, dy't nei in tiid fan ferfal om 1800 hinne ôfbrutsen waard. Grut-Tsjessinga stie oan de westlike kant fan it doarp (oan de Tsjessingawei). Fan dy state is net in soad bekend en it iennige dat fan de state oerblean is, binne de singels om de grêft. Oan de oare kant fan de Tjessingawei lei de Haytsma State. Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland waard yn 1780 al skreaun dat Haytsma State al lang ôfbrutsen wie. Op de 2,8 meter hege terp op de lokaasje stie oant 1500 in kapel fan Haitsma State.[2]

Yn de 19e iuw hie it doarp in sûkereifabryk. Op 2 desimber 1902 waard by Minnertsgea in stasjon iepene oan it NFLS-spoar fan Stiens nei Harns. De ôfkoarting fan de stasjonsnamme wie Mn en it stasjon lei op 15 kilometer fan Stiens. Op 1 desimber 1940 waard it stasjon wer sluten.

Oant 1832 wie Minnertsgea it haadplak fan de doetiidske gritenij Barradiel. Yn dat jier ferhûze it gritenijbestjoer nei Seisbierrum. Oant 1984 bleau Minnertsgea ûnderdiel fan de gemeente Barradiel. Ek al hearde Minnertsgea net by it Biltske taalgebiet waard it doarp yn dat jier yndield by de gemeente It Bildt. It wie it âldste doarp yn dy gemeente. Sûnt de lêste weryndieling yn 2018 heart it doarp by de gemeente De Waadhoeke.

GeografyBewurkje

 
Meinardswei

Minnertsgea leit op de easterein fan De Bjirmen, net fier westlik fan Wier. Dêrmei leit it krekt súdwestlik fan de Hege Dyk, de âlde waaddyk dêr't de polders, fan de Middelsee tsjinoan lizze. It doarp leit oan de N393, dy't nei it westen nei Tsjummearum giet en nei it noarden nei Sint Jabik. Nei it suden is it doarp fia de Minnertsgeaster Feart ferbûn mei De Ried by it doarp Rie.

MienskipBewurkje

Sûnt 2019 hat Minnertsgea in Multyfunksjonele Akkomodaasje, dy't 'de Doarpsfinne' hjit en dêr't de doarpsaktiviteiten binne ûnderbrocht. Ek it doarpsargyf krige in plakje yn 'e Doarpsfinne.

TsjerkenBewurkje

 
Eardere grifformearde tsjerke
  De Wikipedy hat ek in side Meinardstsjerke.
  • PKN-gemeente Minnertsgea

De grifformearde tsjerke stie op de Tilledyk en mei de foarming fan de PKN-gemeente Minnertsgea (webstee) waard dêr op 24 juny 2001 foar it lêst in tsjinst holden. De PKN hat de tsjerketsjinsten yn de eardere herfoarme tsjerke, de Meinardstsjerke.

SkoalleBewurkje

Minnertsgea hie earder twa basisskoallen: de iepenbiere basisskoalle 'De Lytse Terp' en kristlike basisskoalle 'De Wizebeam'. Yn augustus 2021 fusearren de basisskoallen ta Yntegraal Bernesintrum (IKC) 'De Twirre'.(webstee)

 
Skoalle

FerieningsBewurkje

 
It Stasjonskofjehûs

BefolkingsferrinBewurkje

Jier 1850 1954 1959 1964 1969 1974 2013 2022
Ynwenners ±1150 1890 1869 1807 1869 1921 1809 1740
 
17e-iuwske gevelstien fan Adam en Eva dy't fan in ingel út it Paradys ferdreaun wurde (Meinardswei 40, Minnertsgea)

Berne yn MinnertsgeaBewurkje

FerskaatBewurkje

  • It wapen fan de famylje Hermana wie de basis foar wapen en flagge. De nôtskeaf is ûntliend oan it wapen fan de gemeente Barradiel en de seehoarn oan it wapen fan It Bilt.

StrjittenBewurkje

Alle strjitten yn Minnertsgea.

PublikaasjesBewurkje

  • A.D. Wumkes "Om toer en tsjerke fan Minnertsgea"
  • Pieter B. Winsemius "Bydrage ta syn Skiednis"
  • Klaas Schotanus en Gosse Vogel "Minnertsgea, lykas it wie ....."
  • Dooitze Swart "Dorpsperikelen" (Minnertsga in de jaren dertig)
  • "Oantinkens oan Minnertsgea"

Keppeling om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Alle Cijfers
  2. Dooitze Zwart, Rondgang langs het verleden, Uytland 2001