Wier is in doarp yn 'e Fryske gemeente De Waadhoeke. It leit oan de Hege Dyk yn wat foarhinne de uterste noardwestpunt fan Menameradiel wie, tichter by Minnertsgea (foarhinne yn It Bilt) as by Berltsum (it neiste Menameradielster buordoarp).

Wier
Flearmûzetoer fan Wier
Flearmûzetoer fan Wier
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Waadhoeke
Sifers
Ynwennertal 195 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 1,77 km², wêrfan:
- lân: 1,73 km²
- wetter: 0,03 km²
Befolkingsticht. 110 ynw./km²
Oar
Koördinaten 53° 15' N 5° 37' E
Offisjele webside
Side fan Wier
FB-side fan Wier
Kaart
Wier (Waadhoeke)
Wier

Wier hat 195 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

De earste ynwenners fan Wier wiene boeren en fiskers. Oer de Wierster Syl en Balksyl koene de fiskers maklik op de Middelsee komme. Omkring it jier 1000 waarden der diken oanlein tusken Ljouwert en Wier, oer Bitgum en Berltsum. Wier lei dus efter Berltsum. Yn Menaam waard dêrom foarhinne wol sein, as immen frege fan "Ja wier?": "Wier leit achter Berltsum en ast der bist leit it derfoar."

Foar de gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 2018 makke it doarp al sûnt minskewitten diel út fan 'e gemeente Menameradiel.

 
De Jehannes de Dopertsjerke (Teätertsjerke)
  De Wikipedy hat ek in side Ioannis Teätertsjerke Wier.

Yn de twadde helte fan de 12e iuw waard de houten tsjerke ferfongen troch in tsjerke fan stien, dy't wijd wie oan Jehannes de Doper. Oan de súdmuorre fan de tsjerketoer hinget in astronomysk oerwurk dat yn 1946 oanbean waard troch in ûnderdûker yn 'e Twadde Wrâldkriich. De tsjerke is tsjintwurdich eigendom fan de Stifting Alde Fryske Tsjerken en wurdt eksploitearre troch de Stifting Freonen fan Terp & Tsjerke Wier.

 
Lauta State yn de 18e iuw

Schelte Lauta liet yn 1192 in stins bouwe; Lauta Stins. Yn 1634 ferfong in nije state de stins, dy't yn 1748 by in pachtersoproer ôfbaarnd waard. It plak dêr't de state stien hat is noch goed te werkennen. De singels binne op inisjatyf fan de bewenners opknapt en de grêften wer ferbrede. Natoer en asstrology foarmje de tema's dy't by de ûntwikkeling fan it projekt in rol spilen. Der is yn 'e styl fan de stinzepoarte in flearmûzetoer boud en der leit in stjerreheuvel; it projekt waard bekend as 'Nachttún'.

 
Doarpshûs d'Ald Skoalle

It doarpshûs fan Wier hjit d' Ald Skoalle. Ut 'e namme is ôf te lieden dat it foarhinne de doarpsskoalle wie, mar de Wierster bern sitte no al lang yn Minnertsgea of Berltsum op skoalle. Doarpsrûnte, de feriening foar Pleatslik Belang, hat yn d' Ald Skoalle syn gearkomsten. Yn it earste wykein fan july is der merke. Doarpskrante Op 'e Roaster ferskynt yn Berltsum en Wier.

Ynwenners fan Wier wurde foar katten útmakke. Oan 'e Lautawei stiet sûnt 2002 in byldsje fan de 'Wierster Kat', dat dêr yn it ramt fan it 50-jierrich jubileum fan de doarpsferiening set waard.

 
Kop-hals-romppleats

Befolkingsferrin

bewurkje seksje
Jier 1840 2004 2013 2017 2018 2020 2023
Ynwenners 258 210 206 211 206 190 190
 
Radarpost Wier

Yn Wier sit Radarpost Noard fan de Keninklike Loftmacht, ien fan de twa saneamde "Medium Power Radars" wêrmei't it Nederlânske loftrom bewekke wurdt. De oare Nederlânske radarpost is yn Nieuw Milligen (by Apeldoorn) en is ûnderdiel fan Air Operations and Control Station Nieuw Milligen.

Nei 40 jier, yn 2021 waard in folslein nije radarynstallasje yn gebrûk nommen.[4] By in ûndersyk die bliken dat de doarpsbewenners fan de nije radar lûdshinder en stoaringen oan apparaten ûnderfûnen. Ek makken hja harren soargen oer de gefolgen fan 'e radarstraling op de folkssûnens. De wurkgroep Radar Wier ferwiet de gemeente Waadhoeke te folle passiviteit oer de soargen fan it doarp by de bou fan de nije militêre radar.[5]

Gernierswei, Hegedyk, Lautawei, Terpeleane, Tsjalling Bakkerstrjitte, Tsjerkepaad.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: