Simy Sevenster
Simy Sevenster-de Jong (Wier, 15 desimber 1944) is in Fryske skriuwster en oersetter fan ferhalen, blijspullen, boeken en toanielstikken. Hja skriuwt yn it Frysk en somtiden yn it Biltsk.
Libben
bewurkje seksjeSimy Sevenster folge ûnder oaren in oplieding ta ferpleechster. Dat wurk hat hja fjouwer jier dien. Doe troude hja mei boer Anton Sevenster en buorke mei him yn Wier. Nei't it bedriuw oernaam wie troch in soan ferfearen Simy en har man nei Minnertsgea.
Sy helle by de Afûk de akte Frysk en hat sels ek les yn 't Frysk jûn. Simy hie altyd al niget oan toaniel. Simy spile by de toanielferiening fan Wier. By Pyt van der Zee folge se aktear- en rezjylessen en folge letter ek in kursus toanielskriuwen dy’t organisearre waard troch it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD); har dosint wie Bouke Oldenhof. Har earste stikken skreau se foar in nijjiersrevue yn Frjentsjer (1984) en in revue foar it 75- jierrich bestean fan de Fryske Maatskippij fan Lânbou (1983). Sûnt hat hja in soad toanielstikken skreaun.
Simmy Sevenster hat teffens gedichten en proaza skreaun. Hja publisearre fierders yn 'Frysk en Frij', it Frysk Deiblêd, de Ljouwerter Krante en hat ynterviews dien foar it Friesch Landbouwblad.
Wurk
bewurkje seksjeBerneboek
bewurkje seksje- 1985 : Wimerklaas en Swarte Pyt (útjûn yn eigen behear)
Ferhalebondels
bewurkje seksje- 1996 : ferhaal yn 16 Fryske Winterferhalen (mei oaren)
- 1997 : ferhaal yn 18 Fryske Simmerferhalen (mei oaren)
- 2001 : ferhaal yn 21 nije Fryske Winterferhalen (mei oaren)
- 2003 : ferhaal yn De riedsels fan it hert (mei oaren)
- 2006 : Ut ’e foarein 1
- 2007 : Ut ’e foarein 2
- 2017: Wier is it en Wier sil it bliuwe (oer de skiednis fan Wier)
Toaniel: (kar út)
bewurkje seksje- 1988 : De reade hoanne op Lautastate (Iepenloftspul)
- 1989 : Wylde Rixt fan it Oerd (iepenloftspul)
- 1990 : De tongerdraak (iepenloftspul)
- 1990 : Idaerd fan ’e kaart
- 1991 : De sulveren rinkelbel (nei Waling Dykstra, iepenloftspul)
- 1992 : De Likedielder (iepenloftspul)
- 1993 : Tusken wâl en skip: Tsjerk Vermaning, libben en wurk (iepenloftspul)
- 1993 : Ferrie yn Ferwert (iepenloftspul)
- 1994 : Rûzje op ‘e Ryp ((iepenloftspul, bewurking nei Carlo Goldoni)
- 1995 : Giele knikkerts (foar bern)
- 1995 : It spoar op Hatsum (iepenloftspul, oersetting nei T. Maccius Plautus)
- 1998 : In klasse apart (jongerein toaniel)
- 1999 : Blau-Oranje Rottweilers (jongerein toaniel)
- 2000 : Frâns yn Fryslân (iepenloftspul)
- 2000 : De kwestje Jellema (ienakter)
- 2005 : Fluitje van een cent (Utjouwerij Vink)
- 2022 : Golf van onrust (oer de oprjochting fan de Broedertrouw yn 1889 en de arbeidersopstân op It Bilt)
Oersettings foar de Stichting Utjouwerij Frysk Toaniel
bewurkje seksje- 1996 : Box en Cox (John Maddison Morton)
- 1997 : Eigen wei (Beppie van Zutphen)
- 1997 : Breidssuite (Anthony Marriott en Bob Grant)
- 1999 : Moard op de Nyl (Agatha Christie)
- 2000 : De froulju yn ús libben (Ton Davids); Yn ferbân mei Sophie (Nina Werkman)
- 2003 : It hûs te lyts (Jos Schepers)
- 2005 : Ferliezers (Ton Davids)
Prizen
bewurkje seksje- 1994 : Rely Jorritsmapriis (ferhaal: Kâld en wyt)
- 1995 : Rely Jorritsma-priis (ferhaal: Tinne rôse núnder)
- 1998 : Rely Jorritsma-priis (ferhaal: It Apelhôf)
Keppelingen om utens
bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |