Rely Jorritsmapriis

De Rely Jorritsmapriis is in Fryske literatuerpriis dy't alle jierren takend wurdt foar it bêste ynstjoerde ferhaal en/of gedicht fan it foargeande jier. De winners wurde bepaald troch in faksjuery. It prizejild, yn 2004 5.000 euro, wurdt útkeard út it Rely Jorritsma Fûns, dat beheard wurdt troch de gemeente Littenseradiel. Alle jierren kinne op syn heechst 5 prizen ferjûn wurde yn beide sjenres. De prizen wurde útrikt yn it tsjerkje fan Bears.

Rely Jorritsmapriis
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Frysk
útrikt foar literatuer
útrikt troch Rely Jorritsma Fûns
frekwinsje 1x jiers
datum juny
plak Bears (Fryslân)
ynsteld 1954
1e útrikking 1955
offisjele webside
www.stiftingflmd.frl

De priis is foar it earst takend yn 1955. Hy is ynsteld nei in beskikking yn it testamint fan de dichter Rely Jorritsma (1905-1952), dy't mei dat doel syn fermogen neiliet oan de eardere gemeente Baarderadiel, yn 1984 opgien yn Littenseradiel. Yn earste ynstânsje hie Jorritsma it ferjaan fan de prizen tabetroud oan de Fryske Bibleteek, mar omdat er der fuort al rekken mei hâlden hie dat der wol ris in ein komme koe oan de aktiviteiten dêrfan (1979), waard de gemeente Baarderadiel as ferfanger yn it testamint neamd. Sûnt de weryndieling fan 1984 foarmet it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Littenseradiel it bestjoer fan it fûns.

Yn 2004 hawwe de Afûk en it ynternettydskrift Doar ûnder de namme Junior Rely in jongereinfariant fan de priis, mei in wearde fan 750 euro ynsteld.

List mei winners

bewurkje seksje

Fan it seizoen 1954-1955 oant en mei it seizoen 1978-1979, waarden de priisfragen oantsjutten mei it jier dêr't de priis fraach yn útskreaun waard. Mei yngong fan it seizoen 1979-1980 wurde se oantsjutten mei it jier fan de útrikking. Der is dêrmei gjin priis dy't oantsjutten wurdt mei it jiertal 1979.
Koos Tiemersma wûn in Rely mei it ferhaal De ereksje fan in oar, Lomme Schokker mei it ferhaal It weagjen fan de see, Sipke de Schiffart mei it ferhaal In bysûndere moeting.

Jier Ferhalen Dichtwurk Ferskaat
2021 - Elmar Kuiper: In frjemde fûgel
- Gerrit Hoekstra: Crossroads
- Bregtje Sijtsma: Op frijersfuotten
- Elmar Kuiper: Ferlosbuartsje
- Fedde Dijkstra: In healsliten aureoaltsje
- Sytse Jansma: it waad
2020 - Elmar Kuiper: Ni Hao
- Sjoerd Bottema: Total loss
- Syds Wiersma: It famke
2019 - Elmar Kuiper: Ik doch it foar dy
- Geert Nauta: Kimboeëwij
- Jetske Bilker: Sleau mei lok
- Henk Nijp: Wy kinne...
- Remco Kuiper: Ik miende
2018 - Koos Tiemersma: De ereksje fan in oar
- Lomme Schokker: It weagjen fan de see
- Sipke de Schiffart: In bysûndere moeting
- Paul van Dijk: Kintsugi foar in diggelbast
- Edwin de Groot: Sa as di wynd fan dae vlekenum wayde.
2017 - Geert Nauta: Genede, in soarte fan bûgjen
- Trevor Scarse: Hofkesjonge
- Lida Dykstra: Guggem
- Geart Tighelaar: Du Smearlap
- Lomme Schokker: De oanhâldende gearspanning fan idioaten
- Anny de Vries: Lepus europaeus
- Arjan Hut: Opgean
- Edwin de Groot: Foarhinne trof ik by de seedyk in goede stoel
- André Looijenga: De brêge
- Erik Betten: Drachtsterbrêge
2016 - Koos Tiemersma: De ûnwittende
- Baukje Zijlstra: Nacht
- Janneke Spoelstra: Wat resistint is
- Sipke de Schiffart: It geheim fan in goed houlik
- Paul van Dijk: Etude yn ’e rein
- Johannes Dijkman: Ofskie
- Pieteke de Boer: De bosk
- Edwin de Groot: It rinfermogen fan in net útiten kwestje
- Henk Nijp: Tún
2015 - Eppie Dam: Monolooch út it pakhûs
- Koos Tiemersma: In stjer, in planeet'
- Baukje Zijlstra: Oer it hynder
- Gerrit Hoekstra: Superjûn
- Jelle Bangma: Hûnen
- Janneke Spoelstra: In wykein as dit
- Edwin de Groot: Kom der noch mar ris om; ûnbedoarne prins op in kleurfêst wyt hynder
- Ate Grypstra: De stêd, in sang
- Akke Brouwer: It geheim van de âlde bern
- Auck Peanstra: Wûnderdokter
2014 - Lida Dykstra: Flinteraikes
- Simen de Jong: Oer wurd en dea
- Geert Nauta: Animaasjeknyn
- Forina van der Zee: Nea besite
- Marije Roorda: Wat opdage
2013 - Baukje Zijlstra: Skrabje
- Geert Nauta: Rosarium
- Lida Dykstra: Dûnsflier fan 'e duvel
Gjin priis takend
2012 - Simen de Jong: Woldien yn Hylpen - Sytse Jansma: Oprop oan alle Friezen
2011 - Lida Dykstra: De jonge dy’t Koraal neamd waard - Sytse Jansma: Dagen ferwaaie
2010 - Sipke de Schiffart: Leafde nei de dea Gjin priis takend
2009 - Lida Dykstra: De lytse ik
- Simen de Jong: Leafde hâldt skoft
- Elske Kampen Sy is, taal is altyd
2008 - Elske Kampen: De Opdracht
- Elmar Kuiper: Dach
- Elske Kampen: Trije dagen
2007 - Froukje Postma: Maitydsskildering - Edwin de Groot: Yn it omgean
2006 - Sipke de Schiffart: Toe Sippy ju!
- Oene Spoelstra: It paradys
- Yva Hokwerda: Dûbeld Fjouwerjern yn 8
- Sytse Jansma: Dat minsk berne waard yn blauwe wurden
- Elmar Kuiper: Goedmeitsje
2005 - Jouke Hylkema: Wyberen en Hyke
- Elmar Kuiper: Ut namme fan mysels
2004 - Janne Heida: De deitaak
- Henk Wolf: De rôze oaljefant
- Jan van der Leij: Fertocht
- Jelle Zwart: Inkel sân
- Matty de Vries: Túnkabouter
- Simon Oosting: Yn 't foarbygoan
2003 - Albertina Soepboer: Dy griene neisimmer
- Jan van der Leij: Apart
- Elmar Kuiper: In mankelike man seit himsels in frije fûgel ta
- Sito Wijngaarden: Lânskip hjerst
2002 - Ytsje Hettinga-van der Heide: Oessy
- Elske Schotanus: De poppe
- Johannes Spyksma: De misrekken
- Abe de Vries: Fersen fan Ferjitten
- Oene Spoelstra: It doarp
2001 - Foppe Venema: Aldfaars erfrûte
2000 - Ulke Brolsma: Iona
- Koos Tiemersma: It alter
- Marije Roorda: Seedyk
- Gryt Witbraad: Simmersêne
1999 - Lida Dykstra: De nije seemearmin
- Willem Schoorstra: Trettjin dagen
- Pim Roodenboog: Ripens
1998 - Pim Roodenboog: Tiidgeasten
- Simy Sevenster: It Apelhôf
- Libbe Leistra: Meditaasje
- Jantsje Oost: Fûgelstront
- Albertina Soepboer: Flearlân
- Foppe Venema: Betinkingsdei
1997 - Dirk van der Veen: Yn it begjin wie der ûnskuld
- Henk Bok: Fjoer
- Albertina Soepboer: De skulp
- Eeltsje Hettinga: De Woldberch
1996 - Benny Holtrop: Luside ynterval
- Jehannes Kramer: Op e kop ferkeard
- Sybout Hartog: Een moaie hobby
- Eelco Salverda: Foarbygonger
- Oene Spoelstra: Jierdeifeest
- Gryt Witbraad: Gearrin
- Albertina Soepboer: Kâldfjoer
- Jan Kooistra: De dei fan de gershippers
1995 - Lolkje Hoekstra: Alfa Romeo, in lust foar de leafhawwer
- Simy Sevenster: Tinne rôse nunder
- Benny Holtrop: It pypke kryt
- Anne Koopmans: De hemelvaart van Ossip J.
- Jelle Kaspersma: it wurge hert
- Jan Kooistra: De komst fan Romeo
1994 - Lolkje Hoekstra: De fisk
- Margryt Poortstra: Goudene knoopkes
- Simy Sevenster: Kâld en wyt
- Itty Sluis-Nijdam: Oerwintering op Gauster Syl
- Oene Spoelstra: Bei dir
- Eeltsje Hettinga: It hinnekleed fan winter
- Benny Holtrop: Lyts ferdomme
1993 - Sjoerd Bottema: It tredde ferhaal
- Benny Holtrop: De smaak fan norkoaze
- Mette Meinou Piebenga: Skylk binne wy dea
- Doeke Sijens: Op it eilân
- Antine Zijlstra: It kistje
- Sybout Hartog: Yn e neinacht giet it need
- Anne Koopmans: Dimpte haven
- Frits van der Kuip: ongetiteld gedicht
- Tjitte Piebenga: Lette Simmer Op 't Koehoal
1992 - Sjoerd Bottema: White Christmas
- Anne Koopmans: Sipke syn lêste reis
- Bouke Oldenhof: Wjirmen
- Benny Holtrop: Rock 'n' roll ma non troppo (symfony yn trije kleuren)
1991 - Sjoerd Bottema: Nachtsuster Linda en it fertriet fan doktor Kildare
- Itty Sluis-Nijdam: De spear en de fûgel
- Eeltsje Hettinga: Nacht oer Geonterp
- Benny Holtrop: By de dea fan Raymond Lullio
- Hindrik van der Meer: skouspul
1990 - Froukje Annema-Noordenbos: Dyn kânsen binne goed...
- Hanneke de Jong: It wetter oan e lippen
- Mette Meinou Piebenga: Hier waak ik
- Uulke Tuinstra: Antoine Watteau lêste omgong
- Folkert Verbeek: Maitiidsmar
1989 - Margryt Poortstra: Fan nei de oarloch
1988 - Pieter Breuker: De rôze ko - Eeltsje Hettinga: Ofskied
1987 - Durk van der Ploeg: Kâlde dagen - Tsjêbbe Hettinga: Súdwesthoeke - Wilma Bakker: Keninginnedei (debút)
1986 - Jelle Bangma: Unmacht
- Pieter Breuker: De winner
- Durk van der Ploeg: Foarfloed
- Margryt Poortstra: Kearpunt
- Annie de Vries: Wintergesicht
1985 - Bennie Huisman: Brief oan Hilde
- K.F. van der Veen: De Kaai
- Nelly Nauta: Pake
- Margryt Poortstra: Skilderij
- Wilco Berga: Lânlibben
1984 - C. Koolstra: Feest yn 't doarp
- Sibbele Krikke: It pealtsje
- Magda van Ommen: Narkoazze
- Durk van der Ploeg: Dowen
- Eliza Zwart: Dâld man - N. van Calsbeek: It ûnsichtbre folk (berneboek)
1983 - Tj. de Jong: Scarborough Fair
- G. Tijseling-Terpstra: De waskautomaat
- Peter Wilke: De jonge frou en de hynst
- Gerben Willem Abma: Ofskie
- Pier Boorsma: Selsportret
- Hindrik van der Meer: ongetiteld
1982 - Bennie Huisman: De rop fan wetter
- H. Heeringa-Seepma: Groetnis fan Beitske
- Tj. de Jong: Net inkeld in goed prater ferbettert in swijer
- Magda van Ommen: De kokon
- Doete Venema: It motfiskje
- Bennie Huisman: Hiem
- A.R. Oostra: In 't ingelske wurk
- H.A.R. Ozinga: Wurden yn it wetter
- Sibbele Krikke: Sédún
1981 - Magda van Ommen: De brêge
- Sjoerd Palstra: Una giornata particolare
- Thys Kuiper: De baanfeger
- D. Stienstra-Venema: Tegearre foar de lêste bus
- Herman Heida: Skylge
1980 - Pier Boorsma: Lêste simmer
- H.E. de Jong: Wikseljend jiertij
- Sibbele Krikke: Triotel
- T. Slim-Riemersma: Sprei
- Jelle van der Ploeg: Blauwe saffieren (novelle)
- Willem Verf: It bliuwt pielen (roman)
1979
1978 - Thys Kuiper: Bitizing
- P.P. Miedema: Doarren geane iepen
- B.T. Dijkstra-de Jong: Kleiliet
1977 - Akky Kuiper-van der Veer: Folle lok en seine
- Durk van der Ploeg: De dea komt ús oer 't mad
- Durk van der Ploeg: Mei frede litte
1976 - Durk van der Ploeg: De soan
- Oene Spoelstra: Dukke Bukke dea
- Pier Boorsma: Lizzend op it strân
- Beart Oosterhaven: Sâlt
- Durk van der Ploeg: Ald
- Goaitsen van der Vliet: It doarp mei de lege wei
1975 - Eppie Dam: Bijke
- Bouke Oldenhof: De wurden en de dingen en de dreamen
- Jan Dotinga: Stil minske yn 't swart
- Goaitsen van der Vliet: Ik it wol, ik wil it wol
1974 - Akky Kuiper-van der Veer: Pake
- Alex M.J. Riemersma: Spegelgefjocht
- Pyt-Jon Sikkema: Bjuster spoar
- Bennie Huisman: Hjerst
1973 - Tjitte Piebenga: De rokken fan Antsje
- Eppie Dam: In apel fan ljocht
- Piter Boersma: Botke
- Joop Boomsma: Yn it skaad fan in iperen beam
- Piter J. de Groot: Bokselje
- Jelle Kaspersma: Frisia cantat
- Tjitte Piebenga: Tusken Peins en Skigen
- Durk van der Ploeg: Foto
1972 - Paulus Akkerman: Yn e wachtkeamer
- Piter Boersma: Rêch wriuwe
- Tjitte Piebenga: De mantels fan de leafde
- Trinus Riemersma: Gjin plak foar twa
- Hannah Ludwig: Trilogy fan de ierdmantsjes
- Durk van der Ploeg: Jouns
- Reinder Reitsma: (sûnder titel)
- Jan de Vries: Glêzen brêge
1971 - Josse de Haan: Pasiense
- Tjitte Piebenga: Apels
- Durk van der Ploeg: In dierber bern
- Trinus Riemersma: Miskien kom ik wer
- Joop Boomsma: Al wer in nije dei
- Tsjêbbe Hettinga: Ljocht ùt en troch
- Hannah Ludwig: Syndroom
- Durk van der Ploeg: De buorren by nacht
1970 - Paulus Akkerman: It offerlaem
- Joop Boomsma: Ik en ús heit
- Meindert Bijlsma: Headfilm
- Tiny Mulder: Leaf dinkje
- Tjitte Piebenga: Dekkleden
- Sikke Doele: High priest & first monk
- Tsjêbbe Hettinga: Forfal
- Hannah Ludwig: Neat
- T. Piebenga-Bethlehem: No chance
- Durk van der Ploeg: Doe't ik njoggen wie
1969 - R.R. van der Leest: Nachtloop
- Durk van der Ploeg: In plak om te stjerren
- Trinus Riemersma: In forsetsje
- Paulus Akkerman: Yn it net fortiisd
- Tjitte Piebenga: Heit wie der net by
- L.G. Jansma: Panta Rhei
- Hannah Ludwig: Picturen at an exhibition
- Tiny Mulder: La mise en mots
- Durk van der Ploeg: Utfanhûs
- Jan de Vries: Soasjale steat
1968 - Meindert Bijlsma: De blauwe bar
- Ypk fan der Fear: In spoek fan jiske
- R.R.R. van der Leest: Lytse griene rite
- Tiny Mulder: Machtich als de miggen
- Tjitte Piebenga: Hanneke
- Josse de Haan: Undergrounderotyk
- L.G. Jansma: Dize
- Hannah Ludwig: Sosiale bystân
- Durk van der Ploeg: Wy helje de ein wol
- Jan de Vries: Sicht op in flat
1967 - Ypk fan der Fear: Us heit stjert
- Tiny Mulder: In wykein by de Donetties
- Tjitte Piebenga: Kikkerts
- Durk van der Ploeg: It ôfskie
- Leo O.M. Popma: Wachtwurd
- J.J. Bijlsma: Sankje
- Meindert Bijlsma: Forgunning
- Berber van der Geest: 30 kear de dea sjen
- Simon van der Meer: Lithografy
- Tjitte Piebenga: Myn famke
1966 - W. Bergsma: Eangst yn e nacht
- S.M. van der Galiën: Arbeidsreservist
- Leo O.M. Popma: De trein
- Ypk fan der Fear: De lege kiste
- Meindert Bijlsma: De lifter
- Tiny Mulder: Ars Brevis
- Leo O.M. Popma: Myn folk myn kenning
1965 - Meindert Bijlsma: Fan in greate man in lyts mantsje
- Geart Jonkman: In machtige fint
- Durk van der Ploeg: It paradys
- Leo O.M. Popma: Komsik
- Trinus Riemersma: Skûmplastic
- Pier Boorsma: Diaspora
- Anne Jousma: Sawn Kwatrinen
- Tiny Mulder: Reisboek
- Leo O.M. Popma: Stêd fan in werkennen
- Geart van der Zwaag: Skiphok
1964 - Paulus Akkerman: Earm fan geast
- W. Bergsma: Canadian cemetry
- Hein Faber: Byn my mar op in Manta
- G.J. Jonkman: It kearpunt
- Anne Jousma: In snein
- Jan Dotinga: (zonder titel)
- Leo Popma: Blues fan de sûndfloed
- Gerben Brouwer: Fantoom
1963 - W. Bergsma: Opmars
- G.J. Jonkman: Eigenaerdich
- Tiny Mulder: De soldaet mei it huodtsje op
- Trinus Riemersma: In snein
- Tiny Mulder: Nettsjinsteande
1962 - Trinus Riemersma: Minske tusken himel en ierde
- Durk van der Ploeg: Prolooch fan de iensumheit
- G.J. Jonkman: Et maintenant
- Paulus Akkerman: De Smjunt
- Tsjits Peanstra: Als Irene komt
- Tiny Mulder: Brief encounter
1961 - Hein Faber: It koarte forheftige libben fan Pomarius de Jager
- Tjitte Piebenga: Boartsje mar
- Anne Jousma: Reis nei Switserlân
- Jan Dotinga: Unbiwender forklearre
- Tiny Mulder: Beam fan it beminnen
- Tjitte Piebenga: Duet for dy
- Anne Jousma: Israël
1960 - M. Apperloo: It andert
- G.J. Jonkman: Dou nei hûs... gij naar Irnsum
- Pieter Terpstra: It forhael
- Gerben Brouwer: Pakhúsfeint
- Jan Dotinga: Alderhûs
- Inne de Jong: Moarnsstjerre
- Durk van der Ploeg: Profeet
1959 - Paulus Akkerman: Ien misstap
- G.J. Jonkman: De leffert geane de kleuren op en del
- G. Mulder: Stêd
1958 - Paulus Akkerman: Hûndert kilo plastic
- G. Mulder: Frou foar freeds
- Tiny Mulder: Nachttrein nei Chicago
- Anne Jousma: Goadejefte
- Tsjits Peanstra: Diminsje
- Durk van der Ploeg: Ut is hûs fan de sliep
- Jo Smit: Hjerst
1957 - Hein Faber: De fuotleasten
- G. Mulder: De grêven sille iepene wurde
- Ype Poortinga: Tristan yn it deadelân
- Pieter Terpstra: De stien
- Tsjits Peanstra: Fiif fersen in memoriam
- Durk van der Ploeg: Apel en hout
- Jo Smit: Ein
1956 - J. Bilker: De Jacquelinebocht
- Hein Faber: Weromfoardere
- G.J. Jonkman: Ik haw dy leaf, dat is 't him
- Anne Jousma: De mantel fan de profeet
- G. Mulder: Fuort net op knibbels
- Anne Jousma: It is allegearre wol gewoan wêze
- Ype Poortinga: Wylde balsem
- Marten Sikkema: Mearkedei
1955 - Paulus Akkerman: De brânstifter
- Watse Cuperus: S.D.G.
- Inne de Jong: Yntermezzo
- R. Leenstra: De wiksel
- Pieter Terpstra: Beatrix
- Anne Jousma: Trije roundelen
- Marten Sikkema: Oantinken
- Ella Wassenaer: Brân
1954 - G. Mulder: Om de romte
- Ype Poortinga: Hinkjend yn 't Paradys
- Boukje Fokkema: Twa susters
- Paulus Akkerman: De hinnebuorkerij Aurora
- Hein Faber: Mislearre reis
- Obe Postma: Fan de fjouwer eleminten
- Hein Faber: De rounte
- Inne de Jong: Yn lyts bistek
- Dam Jaarsma: Allinne
- S.S. de Jong: sonnetten

Keppeling om utens

bewurkje seksje