Jo Smit
Jo Smit (Midslân, 24 maart 1916 – Formearum, 30 april 1991) wie in Frysk skriuwer, dichter, toanielskriuwer, essayist, publisist, ûnderwizer en sjoernalist. Hy stiet yn Fryslân almeast bekend sjoernalist, skriuwer yn it Frysk en lid fan 'e Fryske Beweging. Lykwols sette er him ek yn foar syn memmetaal, it Midslânske dialekt fan Skylge, dat er as ien fan 'e earsten ek brûkte as skriuwtaal.
Jo Smit | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Jo Smit | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 24 maart 1916 | |
berteplak | Midslân (Skylge) | |
stoarn | 30 april 1991 | |
stjerplak | Formearum (Skylge) | |
etnisiteit | Frysk | |
wurk | ||
taal | Frysk, Midslânsk, Nederlânsk | |
sjenre | lit. romans & koarte ferhalen, poëzij, toaniel, essay's, non-fiksje | |
perioade | 2e helte 20e iuw | |
bekendste wurk(en) |
Sûnder Sûker Wês Foarsichtich, Watse | |
prizen | Rely Jorritsmapriis 1957 Rely Jorritsmapriis 1958 Gysbert Japicxpriis 1963 Lutinepriis 1973 | |
jierren aktyf | 1956 – 1991 | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
Libben
bewurkje seksjeSmit wie hikke en tein yn Midslân, op Fryske Waadeilân Skylge, mar ferfear mei tsien jier mei syn âlden nei Rotterdam. Letter wenne er noris al en dan wer net op it eilân. Hy wie in tige alsidich man, dy't by syn libben û.m. wurke as learling-ferpleger yn in psychiatrysk sikehûs, as ûnderwizer en letter as learaar oan 'e Skylger seefeartskoalle, as sjoernalist by de Ljouwerter redaksje fan 'e sosjalistyske krante Het Vrije Volk, en fierders as boekhâlder en as haad fan 'e ôfdieling "Sprutsen Wurd" fan 'e VARA-radio. Teffens wied er fan 1953 oant 1959 direkteur fan 'e noardeastlike regionale omrop RONO, wêrby't er nau gearwurke mei haadredakteur Cornelis Douwes.
Pas yn syn middeljierren ûntjoech Smit him ta skriuwer yn it Frysk, mei syn debút Sûnder Sûker, in novelle dy't yn 1956 útkaam. Neffens Dykstra en Oldenhof "wist men [doe] fuort dat men net rjocht wist wêr't men mei dizze man oan ta wie."[1] Smit syn wurk blonk út troch de nuvere foarfallen en brike tastannen dy't er deryn ferwurke. Fral yn koarte ferhalen as Fabel fan de Túnslang kaam dat goed ta utering. Yn 1968 skreau er in ludike detektiveroman, Wês Foarsichtich, Watse!, dy't yn 2000 werútjûn waard as ûnderdiel fan 'e rige Fryske Klassiken.
Yn 1957 en 1958 wûn Smit twa kear efterinoar de Rely Jorritsmapriis mei syn fersen, en foar syn ferhalebondel Bisten en Boargers, út 1959, waard him yn 1963 de Gysbert Japicxpriis takend. Yn 1973 waard oan him ek noch de Lutinepriis útrikt. Njonken syn fiksje en dichtwurk skreau Smit ek essay's en publisearre er û.m. oer it federalisme en de Fryske literatuer. Teffens wied er ien fan 'e earsten dy't syn memmetaal, it Midslânsk, as skriuwtaal brûkte; Smit publisearre twa toanielstiken, in musical en in stikmannich gedichten yn dat dialekt. Fierders wie Smit mei-oprjochter en earste foarsitter fan it Skriuwersboun. Hy kaam yn 1991 yn it Skylger doarp Formearum te ferstjerren.
Wurk
bewurkje seksjeYn it Frysk
bewurkje seksje- romans en novelles
- 1956 – Sûnder Sûker (novelle)
- 1968 – Wês Foarsichtich, Watse (detektiveroman; 2e printing 2000)
- ferhalebondels
- 1959 – Bisten en Boargers
- 1991 – De Bêste Fryske Ferhalen
- toaniel
- 1966 : Happening de Vries (yn: De Tsjerne XXI, s.1-62)
- poëzij
- 1970 – Stôk en Ballen (eigen behear; grutdiels wijd oan biljerten, dêrfandinne de titel)
- essay's en oare non-fiksje
- 1956 – Federalistyske Eachweiding (oer Westjeropeeske minderheden)
- 1968 – De Fryske Literatuer 1945-1967
- 1973 – Dit Is Ien Seldzem Almenak: It "Nieuw Leeuwarder Almanach" út it Jier 1778
- 1979 – It Rydbewiis ??
Yn it Midslânsk
bewurkje seksje- toaniel
- 1983 – Buuren
- 1987 – An 'e Reis (musical)
- 1989 – Sundrum
Yn 'e Skylger dialekten
bewurkje seksje- ferhalebondel
- 1966 – De Mimmetaal: Schylgelôner Leisboek
Yn it Nederlânsk
bewurkje seksje- essay's en oare non-fiksje
- 1972 – Terschellinger Getij
- 1984 – Terschellinger Jaarboek 1984
- 2000 – De Moderne Roman Als Moraliteit (essay's, gearstald troch Jabik Veenbaas)
Prizen en nominaasjes
bewurkje seksjeJier | Priis | Kategory | Foar |
---|---|---|---|
1957 | Rely Jorritsmapriis | bêste fers | Ein |
1958 | Rely Jorritsmapriis | bêste fers | Hjerst |
1963 | Gysbert Japicxpriis | n.f.t. | Bisten en Boargers |
1973 | Lutinepriis | n.f.t. | oeuvre |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
referinsjes:
boarnen:
|