Cornelis Douwes (Skylge, 27 augustus 1712 - Amsterdam, 1773) wie in skipperssoan en ûntwerper fan de "Douwes-formule": in praktyske en betroubere sifermetoade foar de breedtebepaling bûten de meridiaan, dy't oant 1940 yn gebrûk bleaun is op alle skippen dy't op astronomyske plakbepalings oanwiisd wiene. Joech yn Amsterdam seefeartkundige lessen, wêrnei't er it brocht ta lieder fan it Algemien Seemans Kolleezje dêre.

Nei Cornelis Douwes is neamd it orgaan fan de yn 1961 oprjochte Feriening fan Ald-learlingen fan de Seefeartskoalle op Skylge. It earste nûmer ferskynde yn jannewaris 1962. De ferskining is net regelmjittich. Redakteur wie Jo Smit.

Publikaasjes

bewurkje seksje
  • Verhandeling om buiten den Middag op Zee de waare Middags-Breedte te vinden. 1754.
  • mei kaptein John Campbell: Tables for facilitating the solution of a very useful problem, for finding the latitude of a ship at sea: having the latitude by account, two observed altitudes of the sun, the time elapsed between the observations measured by a common watch, and the declination of the sun; with precepts and examples. W. en J. Richardson, 1769.
  • Ernst Crone: Cornelis Douwes, 1712–1773 zijn leven en zijn werk. Met inleidende hoofdstukken over navigatie en zeevaart-onderwijs in de 17de en 18de eeuw.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dútsktalige Wikipedy, Cornelis Douwes