Midslânsk
It Midslânsk (Midslânsk: Meslânzers) is in Hollânsk-Frysk mingdialekt dat sprutsen wurdt yn it sintrale diel fan it ta de provinsje Fryslân hearrende Waadeilân Skylge. It ûntstie troch de iuwenlange Hollânske oerhearsking fan Skylge, wêrby't it doarp Midslân as bestjoerssintrum de sterkste ynfloed fan 'e Hollânske bestjoerstaal ûndergie. It Midslânsk is fral nau besibbe oan it Amelânsk. Mei it Skylgersk en it Aastersk, de beide oare dialekten dy't op Skylge sprutsen wurde, bestiet folle minder besibskip, mei't dat Fryske taalfoarmen binne.
Midslânsk | ||
algemien | ||
eigen namme | Meslânzers | |
lânseigen yn | ![]() | |
tal sprekkers | 500 (2009, skatting) | |
skrift | Latynsk alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Yndo-Jeropeesk ● Germaansk ● Westgermaansk ● Súdwestgermaansk ● Nederfr.-Nedersaks. ● Nederfrankysk ● Nederlânsk ● Hollânsk ● Hollânsk-Frysk ● Midslânsk | |
dialekten | gjint | |
taalstatus | ||
offisjele status | gjint | |
erkenning as minderheidstaal |
![]() ● ![]() |
Skiednis Bewurkje
Hoewol't de taalkundige G.G. Kloeke al oan it begjin fan 'e tweintichste iuw riddenearre dat as West-Fryslân foarhinne Frysktalich west hie, dat de Waadeilannen dat dan perfoarst oarspronklik ek west hawwe moasten, waard dat net daliks oannommen. Noch yn 1934 oppenearre de Grinzer heechlearaar Klaas Heeroma, dy't sels fan Skylge ôfkomstich wie, dat syn eilân fan oarsprong Frankysk west hawwe moast, mei't hy grutte oerienkomsten seach tusken it Midslânsk en de dialekten fan Flylân, Teksel, Wieringen, Drechterlân (by Inkhuzen) en de Saanstreek. Nei syn idee hie dy dialektgroep neat mei it Frysk út te stean, en sels it Stedsk hie neffens him in hiel oare oarsprong. De beide ûntsjinsisber Frysktalige úteinen fan Skylge seach er as frij jonge koloanjes fan Friezen dy't oarspronklik út 'e Súdwesthoeke ôfkomstich wiene.
Tsjintwurdich is men fan betinken dat de oerienkomsten dy't Heeroma seach tusken it Midslânsk en de neamde Hollânske dialekten wier wol hout sniene, mar dat de ûnderlizzende oarsaak fan dy oerienkomsten no krekt it Fryske substraat is, dat it Midslânsk mei de Westfryske dialekten en it Saansk dield. Sadwaande slút de algemien oanfurde sjenswize fan hjoed de dei mear oan by Kloeke syn riddenaasje. Skylge moat oarspronklik hielendal ta it Fryske taalgebiet heard hawwe, mar waard ûnder de Midsiuwske Frysk-Hollânske Oarloggen yn 1396 troch Albrecht fan Beieren, de greve fan Hollân, beset, en kaam doe ûnder in Hollânsk bestjoer te stean dat oant 1942 duorje soe. Trochdat Midslân dêrby as bestjoerssintrum fungearre, wie dêr de ynfloed fan 'e Hollânske bestjoerstaal it grutst en binne Midslân en omlizzende doarpen en útbuorrens doe meitiid ferhollânske, krekt sa't dat op it Fryske fêstelân yn 'e stêden ek barde. Dat proses moat, nei't men tinkt, yn 'e sechstjinde iuw fierhinne syn beslach krigen hawwe.
Wat fierder oft men fan it bestjoerssintrum ôf kaam, wat lytser oft lykwols de ynfloed fan it Hollânsk wie, dat op 'e westlike en eastlike úteinen fan Skylge beholden de pleatslike dialekten harren Fryske karakter. Wol hie it Midslânsk op it eilân de funksje fan in soarte fan lingua franca, in algemiene omgongstaal, dy't net inkeld troch de Midslanners sels, mar likegoed troch de lju fan West en de Aastersen behearske waard. Op dy manear droech it Midslânsk by oan in ferhollânskingsproses dat ek yn 'e beide oare dialekten dúdlike spoaren neilitten hat.
Status Bewurkje
It Midslânsk hat op Skylge gjin offisjele status of erkenning. Yn 'e provinsje Fryslân genietet it al in beskate erkenning, sij it offisjeel net as minderheidstaal, mar as "streektaal". Yn dy hoedanichheid wurdt it û.m. neamd yn 'e provinsjale Noata Streektalen 2004, as in taalfoarm wêrfan't it gebrûk befoardere wurde moat. Hoewol't yn Fryslân sûnt 1980 ûnderwiis fan it Frysk op 'e basisskoallen ferplichte is, hat de gemeente Skylge dêr frijstelling fan, en folje de skoallen op it eilân de sa frijkommen tiid yn mei lessen "hiemkunde", oer de Skylger kultuer. Der wurdt lykwols gjin spesifyk ûnderwiis yn it Midslânske dialekt fersoarge, ek al wurdt dat yn it oanbuorjende taalgebiet foar it Aastersk wol dien.
Taalgebrûk Bewurkje
De bekendste skriuwer yn it Midslânsk wie Jo Smit (1916-1991), dy't yn Midslân hikke en tein wie ear't er mei tsien jier mei syn âlden nei Rotterdam ferfear. Yn Fryslân is er benammen bekend as Frysk skriuwer en lid fan 'e Fryske Beweging, mar hy skreau ek twa toanielstikken (Buuren en Sundrum) en in musical (An 'e Reis) yn it Midslânsk. Om 2004 hinne is der yn Midslân in wurkgroep oprjochte mei as doel om in alomfetsjende wurdlist fan it Midslânsk op te stellen. Teffens binne der (dizenige) plannen om earne yn 'e takomst ien grut wurdboek foar alle trije Skylger dialekten gear te stallen.
Taalgeografy en sprekkers Bewurkje
It Midslânsk wurdt fan âlds sprutsen yn 'e doarpen en útbuorrens Midslân, Baaidunen, Hee, Kaard, Kinnum, Landerum en Stryp, en teffens yn it westlike part fan it doarp Formearum. Dêrmei beslacht it de midden fan it eilân Skylge, wêrby't it oan 'e westkant grinzget oan it taalgebiet fan it Skylgersk (of Westersk), en oan 'e eastkant oan dat fan it Aastersk. Foarhinne waard de grins mei it Aastersktalige gebiet foarme troch It Jit, in paad dat yn 'e noard-súdrjochting dwers troch it doarp Formearum hinne rûn. Neffens de ferhalen koe men, rinnend oer It Jit, de eilanners oan 'e ien 'e kant Aastersk praten hearre en oan 'e oare kant Midslânsk. Tsjintwurdich wurdt it Midslânsk noch sprutsen troch nei skatting sa'n 500 minsken, dy't meast ta de âlderein hearre, sadat it tal sprekkers de lêste tsientallen jierren stadichoan tebek rint.
Taaleigenskippen Bewurkje
It Midslânsk en it der nau mei besibbe Amelânsk waarden yn it ferline faak sjoen as dialekten fan it Stedsk, mar in ûndersyk út 2001, troch Mathilde Jansen, in taalkundige dy't ferbûn is oan it Meertens Ynstitút, hat útwiisd dat it Midslânsk relatyf sterk fan it Stedsk ôfwykt. Sa komme typysk Stedske foarmen, lykas burst ("boarst"), sú ("soe"), must ("moast") en durst ("doarst") yn it Midslânsk net foar. Mar teffens wykt it dúdlik ôf fan it Frysk, mei foarmen as pea'd, kien en eeuwen (foar "hynder", "bern", resp. "jûn"), wêr't it Skylgersk hòrs (ferlykje it argayske Fryske wurd "hoars"), bòn en jong hat en it Aastersk hos, ben en joon.
It grutste ferskil fan it Midslânsk mei it Nederlânsk sit him yn 'e oanwêzichheid fan 'e hurde Fryske g (IPA: [ɡ]) en it bestean fan in folle wiidweidiger systeem fan lûden en twalûden, dat mear fan it Frysk wei hat as fan it Nederlânsk. Ek in protte wurden op it mêd fan it yntime ferkear, de fak- en bernetaal, topografyske nammen en persoanlike foarnamwurden lykas dou ("do"/"dû"), jij ("jo") en jim ("jimme") binne yn it Midslânsk fryskich bleaun.
Datselde is it gefal mei it weromwurkjend foarnamwurd, dêr't it Midslânsk, krektlyk as it Frysk, gjin aparte foarm foar hat: Jan herinnert um dat verhaal wel ("Jan kin him dat ferhaal wol tebinnenbringe"), yn tsjinstelling ta it Nederlânske: Jan herinnert zich dat verhaal wel. Ek de sinskonstruksje is it Frysk it neist, mei foarmen as: Ik vind dat elkien swemme kanne mot ("Ik fyn dat eltsenien swimme kinne moat"), yn tsjinstelling ta it Nederlânske: Ik vind dat iedereen moet kunnen zwemmen.
Fierders hat der yn it Midslânsk (krekt as yn it Amelânsk sa't dat noch troch de âlderein sprutsen wurdt) gjin einûntstimming plakfûn. Dat wol sizze dat stimhawwende bylûden oan 'e ein fan wurden stimhawwend bliuwe, en net, lykas yn it Frysk en it Nederlânsk, harren stimhawwendheid ferlieze. Dus wurden as goed ("goed") en bêd ("bêd") wurde útsprutsen mei in d oan 'e ein, krekt as yn it Ingelsk, en net mei in t-klank, lykas yn it (moderne) Frysk en it Nederlânsk. Dyselde útspraak kaam yn earder iuwen ek foar yn it Frysk en it Nederlânsk, dat it is yn it Midslânsk gjin ynfloed fan it Ingelsk, mar in oerbliuwsel út it ferline dat yn oare talen weiwurden is.
Priuwke Bewurkje
- Droogte
- Der sit gin water in 'e bakken
- Der sit gin water in 'e pet
- De droogte het ons raar te pakken
- De minsen sitte der maar met
- Iderien is schoan ferlegen
- De hele boêl lykt wel fermoogd
- De boeren janke nou om regen
- Hòr sead en gers 't is allegaar ferdroogd.
- Allienig fòr de badgast is et mooi
- Di kan op strând mar see in
- Mar wij – wij krupe mar te kooi
- En hewwe braaf de P. in
- —Jo Smit
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Talen en Dialekten yn Fryslân | ||
---|---|---|
Frysk | Aastersk ● Hylpersk ● Klaaifrysk (Bjirmsk) ● Molkwardersk † ● Noardhoeksk (Eastnoardhoeksk • Westnoardhoeksk) ● Skiermûntseagersk ● Skylgersk ● Súdwesthoeksk (Lemsterlânsk) ● Wâldfrysk (Westereindersk) | |
Hollânsk | Hollânsk-Frysk | Amelânsk (Eastamelânsk • Westamelânsk) ● Biltsk (Eastbiltsk • Westbiltsk) ● Midslânsk ● Stedsk (Boalsertersk • Dokkumersk • Feanstersk † • Frjentsjertersk • Harnzersk • Kollumersk • Ljouwertersk • Snitsersk • Starumersk) |
Westfrysk | Flylânsk † | |
Nedersaksysk | Kleastersk ● Pompstersk ● Stellingwerfsk (Eaststellingwerfsk • Haadstellingwerfsk • Kúndersk • Westhoeksk) ● Westerkertiersk (Kollumerlânsk) |