Cornelis Roggen
Cornelis Roggen (Hoarne (Skylge), 19 septimber 1900 – Amsterdam, 30 novimber 1985)[1] wie in Frysk skriuwer, dichter, toanielskriuwer, publisist, wurdboekgearstaller, taalaktivist en ûnderwizer. Hy krewearre fan 'e midden fan 'e tweintichste iuw oant syn dea foar it behâld fan syn memmetaal, it Aastersk, it Fryske dialekt dat sprutsen wurdt op it eastlike part fan it Waadeilân Skylge.
Cornelis Roggen | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Cornelis Roggen | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 19 septimber 1900 | |
berteplak | Hoarne (Skylge) | |
stoarn | 30 novimber 1985 | |
stjerplak | Amsterdam (Noard-Hollân) | |
etnisiteit | Frysk | |
wurk | ||
taal | Aastersk, Nederlânsk | |
sjenre | koarte ferhalen, poëzij, toaniel, non-fiksje, wurdboek | |
perioade | 2e helte 20e iuw | |
bekendste wurk(en) |
Wêdenboek fon et Aasters Terschelling: Zijn Naam en Andere Bijzonderheden | |
jierren aktyf | 1972 – 1985 | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
Libben en krewearjen
bewurkje seksjeRoggen wie hikke en tein yn it Skylger doarp Hoarne, en wurke letter op it fêstelân as kantoarklerk en ûnderwizer yn Amsterdam. Fan 'e midden fan 'e tweintichste iuw ôf wie hy de foarnaamste taalaktivist op it mêd fan syn Aasterske memmetaal. Sa skreau Roggen Aasterske gedichten en toanielstikken, en publisearre er koarte ferhalen yn fral de Harnzer Krante, dy't op Skylge in protte lêzen waard. Dêrnjonken brocht er ek non-fiksje út oer ûnderwerpen dy't mei it Aastersk en Skylge te krijen hiene, wêrûnder in postúm ferskynd skiedkundich wurk oer it hiele eilân, Terschelling: Zijn Naam en Andere Bijzonderheden (1987), en in selsstúdzjekursus yn it Aastersk, Aasters – Dialect Oosterschelling: Zelfstudie (1976).
Cornelis Roggen syn namme is lykwols fral ferbûn mei it Wêdenboek fon et Aasters, it earste wurdboek fan ien fan 'e Skylger dialekten, dat yn 1976 by de Fryske Akademy útkaam. Fjouwer jier letter folge ek noch in omsette wurdlist Nederlânsk-Aastersk. Teffens assistearre Roggen by de tastânkomming fan 'e earste wurdlist fan it Skylgersk, it susterdialekt fan it Aastersk, dy't tusken 1980 en 1983 gearstald waard troch Martha van Wichen-Schol. Ek op organisatoarysk mêd wie Roggen aktyf; sa wied er ien fan 'e oprjochters fan 'e kultuerhistoaryske Stifting Ons Schellingerland en wied er ek gauris yn 't spier foar de Skylger Klub fan Amsterdam.
Syn ynset waard beleanne mei in keninklike ûnderskieding yn 'e Oarder fan Oranje-Nassau en de Lutinepriis fan 'e gemeente Skylge. Roggen syn hope dat it Aastersk ea nochris in plak krije soe as learfak yn it pleatslike basisûnderwiis waard letter wurklikheid, mei't it tsjintwurdich it iennichste Waaddialekt is dêr't op 'e skoallen lessen yn jûn wurde.
Wurk
bewurkje seksje- non-fiksje
- 1972 – Terschelling Buitengaats (mei T.W. Dekker)
- 1976 – Aasters – Dialect Oosterschelling: Zelfstudie
- 1976 – Woordenboek van het Oosterschellings - Wêdenboek fon et Aasters
- 1976 – De Grie Bedijkt (yn: de Ljouwerter Krante)
- 1980 – Woordenlijst Nederlands-Aasters
- 1987 – Terschelling: Zijn Naam en Andere Bijzonderheden (skiednis)
- fiksje
- 1978 – Fetelsjys: Toneelstikjes, Borrebjear fon Froeger in Nog Mear (ferhalen, fersen en toaniel)
- 1980 – Fon Froeger: Fon Jonkje nei Jonge, Fertelsjys (toaniel)
- 1981 – Fjoertoer (yn: Terschelling... Rijmt en Dicht)
- koarte ferhalen yn 'e Harnzer Krante:
|
|
|
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|