West-Skylge

(Trochferwiisd fan West (Skylge))

West-Skylge (Midslânsk: West) is it grutste doarp op it Waadeilân Skylge. Mei 2.580 ynwenners is West-Skylge it haadplak fan it eilân. De bewenners fan Skylge nimme it plak ‘West’. De âlde buorren wurdt Ald-West neamd, dêr omhinne binne in grut tal nije wenwiken boud.

Lizzing fan Skylge
West-Skylge
West-Skylge

De grutste winkelstrjitten fan West binne de Toerstrjitte en de Beamstrjitte. Karakteristike 17e iuwske gevels yn de Buorren.Hjir binne inkele tsientallen winkels, restaurants, ythûzen en inkele hotels te finen. Yn de Kommandeurstrjitte, froeger de Lange Buorren, is it kultuer-histoarysk musem ‘It Bewarre Hûs’ fêstige. Yn dit museum kin men alles te witten komme oer de kultuer en de skiednis fan Skylge. Ek binne der yn West-Skylge in natoer-histoarysk museum en in fiskersmuseum te finen.

Yn West stiet ek de fjoertoer de Brandaris (1594), ien fan de âldste fjoertuorren fan Nederlân. De haven fan Skylge leit ek yn West. Dizze haven leit yn in natuerlike baai. Skylge hat in lytse fiskersfloat dy’t op garnalen fisket.

Fan âlds fertsjinnen de ynwenners fan it eilân harren jild mei fiskerij, ek wienen der lange tiid inkele feehâlderijen te finen. Hjoed de dei is it toerisme de belangrykste boarne fan ynkomsten.

Sûnt 1 jannewaris 1875 stiet yn West-Skylge de skoalle it Maritym Ynstitút Willem Barentsz.

West-Skylge ûntstie yn de 12e iuw op in sânplaat dy’t in iuw earder oan it eilân Skylge fêst groeide. De namme fan it doarp, en fan it eilân Skylge sels, komt fan de namme fan dizze sânplaat.

Yn de rin fan de tiid is de namme fan it doarp stadichoan feroare. Bekende nammen út de skiednis binne: Westeinde, Westerskylge, Schylge en Skylge. Ek hat it doarp de namme fan Sint Brandarius hân, de hillige fan de brannen. Alde nammen fan it doarp dy’t dat yn it ûnthâld bringe binne: Sint Brandariusparochy en Sint-Brandariustsjerke. Oant de 17e iuw kaam de namme Brandaris foar yn de namme fan it plak. Letter waard dizze namme jûn oan de fjoertoer fan West-Skylge.

De âlde Sint-Jantsjerke is boud om 1270 hinne, de toer fan de tsjerke komt út 1323. DEr binne in soad sarken by mei ôfbyldings fan skippen.

Yn 1666 is West-Skylge, in rêstoarde foar seelju, mei de Twadde Ingelske Oarloch, troch in ynfal fan de Ingelske float hast hielendal plat baarnd. Mar tritich huzen bleaunen oerein stean, wêrûnder de Brandaris en de Sint-Jantsjerke.

West-Skylge hat jierrenlang lêst hân fan kusteroazje. Troch it ferpleatsen fan in slinke yn noardlike rjochting ferdwûn tusken 1600 en 1800 in grut part fan it dúngebiet oan de eastkant fan it doarp de see yn. Ek in grut part fan it doarp sels ferdwûn yn de see. Uteinlik waard mei in stelsel fan damen, dy’t oanlein waarden tusken 1780 en 1840, foarkaam dat it doarp noch fierder yn de see ferdwûn.

Yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw wenne der ek in lytse Joadske mienskip yn West, dy't him dêrhinne ferspraat hie fanút Harns. Tsjin 1900 hiene de measten Joaden it eilân wer ferlitten. De famylje Pais, de lêst oerbleaune Joadske húshâlding op Skylge, waard ûnder de Twadde Wrâldoarloch yn 'e Holokaust fermoarde.

Eastlik fan West-Skylge lizze de buorskippen Dellewâl en Healwei. Dizze buorskippen hearre ek ta it doarpsgebiet fan West-Skylge. By Dellewâl lei eartiids it doarpke Wolmerum. Dit doarp is troch kusteroazje hielendeal yn see ferdwûn.

Wichtige plakken en gebouwen

bewurkje seksje