Wolmearum
Wolmearum wie earst in plak op Skylge. It doarpke lei tichtby de buorskip Dellewâl. It doarp lei op de Plaat, in ûnderdiel fan it havengebiet fan West-Skylge, dat troch dammen tsjin de see beskerme is. De Plaat makket diel út fan de Waadsee en stiet ûnder ynfloed fan eb en floed.
Oarspronklik lei Wolmearum yn it westen fan de Skylger-polder. Yn 1557 stienen der alve huzen. It plak en de polder deromhinne waarden tsjin eb en floed beskerme troch in wierdyk, dêr't de kwaliteit min fan wie.
Ferdwining
bewurkje seksjeIt havengebiet fan West-Skylge hie tusken 1600 en 1800 in protte lêst fan kustôfslach. Dat waard feroarsake troch de havengeul dy’t him hieltyd mear nei it noarden ferpleatste. Ek de wierdyk waard dêrtroch skansearre. Uteinlik waard besluten om eastliker fan de wierdyk in sterkere dyk te bouwen. Dy dyk waard de Nije Dyk neamd en makket diel út fan de hjoeddeiske waaddyk fan Skylge. Nei de oanlis fan de Nije Dyk en it ferdwinen fan de âlde wierdyk kaam Wolmearum bûtendyks te lizzen en ferdwûn it stadichoan yn de Waadsee. Sûnt de 18e iuw wenje der gjin minsken mear yn Wolmearum.