De Holokaust (ôflaat fan it Grykske ὁλόκαυστον holókauston, 'folslein ferbaarnd') of Shoah (ek Shoa of Sjoä; Hebriuwsk: השואה Ha-Shoah, "de katastrôfe") is in begryp dat brûkt wurdt foar de genoside op 'e likernôch seis miljoen Jeropeeske Joaden dy't yn de Twadde Wrâldkriich ombrocht binne, troch it stribjen fan de nazys om harren as etnyske groep út te rûgjen. It beslút ta de saneamde Endlösing ("einoplossing") fan wat de nazys as it "Joadske probleem" seagen, waard nommen op de Wannseekonferinsje yn 1942. Ek oare groepen, lykas de Roma (Sigeuners), leden fan Slavyske folken, homo's, Jehova's Tsjûgen, frijmitselders, geastlik beheinden, lichaamlik beheinden en politike tsjinstanners fan de nazys waarden systematysk útrûge, mar de moard op dy groepen wurdt strikt nommen net ta de Holokaust rekkene.

It haadgebou fan ferneatigingskamp Auschwitz
Kaart mei kampen, getto's en transportrûtes
Getto's yn Jeropa
 
Hongaarske joaden op it seleksjeperron fan Auschwitz, maaie 1944

Foar de Endlösung der Judenfrage wie it fan belang en meitsje in systeem.

Konsintraasjekamp

bewurkje seksje

Sa't de namme it oantsjut wie in konsintraasjekamp (of wurkkamp) in plak dêr't tsjinstanners byelkoar brocht waarden, yn dit gefal fral Joaden. Fan dêre waarden de finzenen mooglik nei ferneatigingskampen ferfierd. In oare mooglikheid wie it brûken fan finzenen as arbeiders.

Ferneatigingskamp

bewurkje seksje

Yn in ferneatigingskamp waarden de finzenen dy't net sûn genôch wienen om te wurkjen mei gas fermoarde. In stikmannich fan dy finzenen waarden ek brûkt as arbeiders om it swiere wurk foar de nazysoldaten te dwaan. By eintsjebeslút soene hja ek deadien wurde. De ferneatigingskampen wienen meast yn Poalen:

Medyske eksperiminten

bewurkje seksje

In oar skaaimerk wie it brûken fan minsken foar medyske eksperiminten. Dútske dokters dienen sokke eksperiminten yn de kampen fan Auschwitz, Dachau, Buchenwald, Ravensbrück, Sachsenhausen en Natzweiler.

Meast ferneamd is de dokter Josef Mengele, dy't yn Auschwitz wurke. Syn part fan it spultsje wie it testen fan minsken yn drukkeamers, testen fan drugs, minsken ynfrieze, mei gemysk guod de eachklear fan bern besykje te feroarjen, amputaasjes en oare ferskriklike ûndersiken.

 
Sigeunerbern yn Auschwitz, ek slachtoffer fan de medyske eksperiminten

Wat er noch mear dien hat is net bekend omdat gâns papieren mei gegevens troch Dr. Otmar von Verschuer fan it Keizer Wilhelm Ynstitút ferneatige binne. Minsken dy't in ûndersyk fan Mengele oerlibbe hienen waarden deadien.

Hy wurke meast mei Sigeunerbern. Hy soe har snuobbersguod en boartersguod jaan, en persoanlik nei de gaskeamer liede. Hja neamden him Omke Mengele. Vera Alexander wie in Joadin dy't yn Auschwitz finzen wie en naam 50 bern foar har noed:

Ik tink noch oan ien twilling yn it bysûnder: Guido en Ina fan fjouwer jier. Op in dei naam Mengele se mei. Doe't se weromkamen, wienen de bern striemin yn steat: hja hienen har mei de rêch oan mekoar naaid, lykas in Siameaske twilling. De wûnen wienen ynfektearre en der kaam dracht út. Hja skriemden dagenlang. Doe regelden de âlden—ik wit noch dat harren mem fan Stella hite—wat morfine en hja fermoarde de bern om har te ferlossen fan de pine.."[1]

Wilens de Twadde Wrâldkriich waarden der getto's makke troch de nazys om Joaden en Sigeuners yn op te sluten. In getto is in buert yn in stêd mei muorren deromhinne, dêr't in soad Joaden byïnoar wenje moasten. It begryp getto wurdt meast brûkt, mar eartiids tsjutten de nazys it oan as 'Judischer Wohnberzirk' of 'Wohngebiet der Juden', it kin beide oerset wurde as Joadsk Wengebiet.

De nazys sette yn 1939 útein mei it ferfieren fan Poalske Joaden nei de ornearre buerten yn de Poalske stêden. De earste grutte getto, dy fan Piotrków Trybunalski, wie yn oktober 1939 ree. Om in getto hinne stiene muorren, eltse Joad dy't útnaaie woe waard deasketten. It Getto fan Warsjau wie it grutste getto, dêr hawwe 380.000 minsken yn opsletten sitten.

Fryslân en har ynwenners wilens de Holokaust

bewurkje seksje

Fan de 852 Fryske Joaden oerlibje mar 235. It meastepart wenne yn Ljouwert. Der ha ek lytsere Joadske mienskippen yn Harns, Gordyk, Snits, Drachten en yn de Lemmer west. [2].

  1. Berenbaum, Michael. The World Must Know, United States Holocaust Memorial Museum, side 194–195.
  2. Kooistra, J. Een Laatste Saluut - Fryslân in de oorlog side 24 (Ljouwert 2005)
 
Holokaustmonumint yn Berlyn

Keppeling om utens

bewurkje seksje