Frijmitselderij

(Trochferwiisd fan Frijmitselder)

De frijmitselerij of maçonnerie is in genoatskip fan minsken dy't stribje nei geastlike en morele ferheffing, ûnderlinge wurdearring en help fan wjerskanten.[1] De leden wurde frijmitselers of (franc-)maçons neamd.[2] It hat as doel de mins himsels kennen te learen en te bewegen him foar in bettere mienskip yn te setten. De frijmitselder leart himsels stap foar stap kennen, troch nei te tinken, mei oaren te redendielen en rituelen te ûndergean dy 't dy ynderlike groei oanjouwe. De earste grutlôzje waard foarme om 1717 yn Londen, wêrmei't de frijmitselderij him organisearre yn de foarm sa't dy hjoed de dei bestiet. Yn Fryslân wurdt it wurd lôzje as synonym foar frijmitselderij brûkt. De besletten gearkomsten wienen oarspronklik allinnich tagonklik foar manlju, mar der besteane tsjintwurdich ek mingde en eksklusyf froulike lôzjes mar dy lêste beide wurde net "offisjeel" erkend.

Passer en Winkelheak, it logo fan de Frijmitselderij

Fryske lôzjes

bewurkje seksje
  • Ljouwert : Fiat Lux (ek foar froulju)
  • Ljouwert: De Friesche Trouw
  • Ljouwert: Het Azuren Gewelf
  • Snits : Concordia ad Libertatem
  • Snits: Concordia Res Parvae Crescunt
  • Harns : Deugd en IJver
  • Drachten : Industria
  • Hoarnstersweach : Ken U Zelven
  • Andries Van den Abeele, De kinderen van Hiram, vrijmetselaars en vrijmetselarij, Roularta Books, 408 siden, 2011.
  • Domenico V. Ripa Montesano, Vademecum di Loggia, Edizione Gran Loggia Phoenix-Roma Italia 2009 ISBN 978-88-905059-0-4

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. De Boer, W. Th. & de Smit, M.P. (red), Ster Woordenboek Nederlands, Utert-Antwerpen, Van Dale, 2001
  2. Grote Winkler Prins, sânde printinge, 1974