Joadske mienskip fan Harns en Skylge
De Joadske mienskip fan Harns en Skylge wie de mienskip fan Joaden dy't foarhinne yn 'e Fryske stêd Harns wennen en har dêrwei ek ferspraten nei it Waadeilân Skylge, dêr't hja har yn it doarp West fêstigen.
Skiednis
bewurkje seksjeDe earste Joaden setten har oan 'e ein fan 'e santjinde iuw yn Harns nei wenjen. Dy lju wiene foar it meastepart ôfkomstich út 'e stêden fan Hollân en út Emden, yn it Dútske East-Fryslân. Fan teminsten de midden fan 'e achttjinde iuw ôf hie Harns syn eigen Joadsk begraafplak oan 'e Willemskade, en yn 1812 waard der oan 'e Raamstrjitte in synagoge iepene, dy't letter noch útwreide waard. Fierders krige de stêd ek in eigen Joadske skoalle. Troch dy foarsjennings koe de Joadske mienskip ta bloei komme. Der waarden ferskate Joadske ferienings en genoatskippen oprjochte, en guon Joaden namen diel oan it iepenbiere libben yn Harns, hoewol't se gjin funksjes yn it gemeentlik bestjoer beklaaiden. Omtrint 1870 wie de Joadske mienskip yn Harns mei 356 leden op syn hichtepunt.
It begraafplak oan 'e Willemkade waard yn 1870 sletten, en dêrnei waard in part fan it algmiene begraafplak foar de ferstoarne leden fan 'e Joadske mienskip yn gebrûk nommen. Fan 'e Joaden dy't om 1900 hinne noch yn Harns wennen, fertsjinnen de measten de kost as keapman of winkelman (slachter, grienteboer, ensfh.) Nettsjinsteande de relative wolfeart fan 'e Joaden yn Harns belune harren oantal yn 'e earste desennia fan 'e tweintichste iuw fluch, mei't in protte Joadske Harnzers, krekt as Joaden út oare Fryske stêden, ferfearen nei plakken yn 'e Rânestêd, lykas Amsterdam en Utert. Likegoed waard yn dy tiid foar en troch de Joaden fan Harns noch in nije frouljusferiening en in nije toanielferiening oprjochte.
Ut Harns wei ferspraten de Joaden har yn 'e njoggentjinde iuw ek nei it Waadeilân Skylge, dêr't in lytse Joadske mienskip ûntstie yn it doarp West. Tsjin 1900 hiene lykwols de measte Joaden it eilân alwer ferlitten. Yn 'e Twadde Wrâldoarloch waarden ûnder de Dútske besetting fan Nederlân frijwol alle Harnzer Joaden deportearre nei de ferneatigingskampen, dêr't se as ûnderdiel fan 'e Holokaust fermoarde waarden. Itselde lot trof de famylje Pais, de iennichst oerbleaune Joadske húshâlding op Skylge, dy't oant yn augustus 1942 op it eilân wenne. Nei de ôfrin fan 'e oarloch waard de Joadske gemeente fan Harns gearfoege mei dy fan Ljouwert. Sa kaam der in ein oan 'e Joadske mienskip fan Harns en Skylge.
Oarlochsdeaden
bewurkje seksjeDe leden fan 'e Joadske mienskip fan Harns en Skylge dy't omkamen yn 'e Holokaust, wiene:
Harns | ||||||
---|---|---|---|---|---|---|
adres | namme | berte | ferstjerren | âldens | berop | opmerkings |
Grutte Oksemerk 16 | Gabriël Boas | Harns, 9 apr. 1899 | Auschwitz, 19 nov. 1942 | 43 jier | havenarbeider | man fan Dina Boas-Pais, heit fan Joseph Boas |
Dina Boas-Pais | Harns, 24 febr. 1882 | Auschwitz, 19 nov. 1942 | 60 jier | húsfrou | frou fan Gabriël Boas, mem fan Joseph Boas | |
Joseph Boas | Harns, 8 sept. 1922 | Ottmuth, 30 juny 1943 | 20 jier | n.f.t. | soan fan Gabriël Boas en Dina Boas-Pais | |
Havenplein 24 | Lieba Steil-Aftergut | Limanowa, 1 july 1892 | Auschwitz, 1 okt. 1942 | 50 jier | húsfrou | frou fan Moizesz Aron Steil, berne yn súdlik Poalen, mem fan Nechemia en Berel Steil |
Berel Steil | Mszana Dolna, 25 sept. 1923 | Auschwitz, 30 sept. 1942 | 19 jier | n.f.t. | berne yn súdlik Poalen, soan fan Lieba Steil-Aftergut en Moizesz Steil | |
Nechemia Steil | Mszana Dolna, 10 nov. 1925 | Auschwitz, 31 jann. 1943 | 17 jier | skroar | berne yn súdlik Poalen, soan fan Lieba Steil Aftergut en Moizesz Steil | |
Heechstrjitte 15 | Benjamin Raphaël Pais | Harns, 29 juny 1861 | Auschwitz, 23 nov. 1942 | 81 jier | keapman | man fan Jantje Pais-De Vries, heit fan Racheltje Pais |
Jantje Pais-De Vries | Harns, 14 july 1868 | Auschwitz, 23 nov. 1942 | 74 jier | húsfrou | frou fan Benjamin Raphaël Pais, mem fan Racheltje Pais | |
Racheltje Pais | West-Skylge, 4 aug. 1891 | Auschwitz, 23 nov. 1942 | 51 jier | amtner | dochter fan Benjamin Raphaël en Jantje Pais | |
Hilligewei 19 (letter omneamd ta: Grutte Tsjerkstrjitte 24) |
Michiel Speijer | Harns, 18 des. 1902 | Sobibor, 26 mrt. 1943 | 40 jier | tekstylwinkelman | man fan Hanna Speijer-Schulenklopper, heit fan Elkan Aron en Cäcil David Speijer |
Hanna Speijer-Schulenklopper | Harns, 17 des. 1902 | Sobibor, 26 mrt. 1943 | 40 jier | húsfrou | frou fan Michiel Speijer, mem fan Elkan Aron en Cäcil David Speijer | |
Elkan Aron Speijer | Harns, 18 sept. 1930 | Sobibor, 26 mrt. 1943 | 12 jier | n.f.t. | soan fan Michiel en Hanna Speijer | |
Cäcil David Speijer | Harns, 22 juny 1933 | Sobibor, 26 mrt. 1943 | 9 jier | n.f.t. | soan fan Michiel en Hanna Speijer | |
Hilligewei 28A | Aron de Vries | Harns, 16 nov. 1865 | Auschwitz, 23 nov. 1942 | 77 jier | keapman | man fan Grietje de Vries-De Wilde, heit fan Klara en Benjamin de Vries |
Grietje de Vries-De Wilde | Snits, 7 juny 1867 | Auschwitz, 23 nov. 1942 | 75 jier | húsfrou | frou fan Aron de Vries, mem fan Klara en Benjamin de Vries | |
Klara de Vries | Harns, 25 aug. 1901 | Sobibor, 20 mrt. 1943 | 41 jier | húsfrou | dochter fan Aron en Grietje de Vries | |
Benjamin de Vries | Harns, 2 juny 1909 | Auschwitz, 30 sept. 1942 | 33 jier | keapman | soan fan Aron en Grietje de Vries | |
Lytse Bredepleats 16 | Abraham Pais | Harns, 22 juny 1872 | Auschwitz, 23 nov. 1942 | 70 jier | grienteboer | broer fan Esther en Salomon Pais |
Esther Pais | Harns, 31 aug. 1874 | Auschwitz, 23 nov. 1942 | 68 jier | húsfrou | suster fan Abraham en Salomon Pais | |
Salomon Pais | Harns, 14 aug. 1885 | plak ûnbekend, 30 sept. 1942 | 57 jier | grienteboer | broer fan Abraham en Esther Pais | |
Lytse Bredepleats 18 | Levie Pais | Harns, 19 janne. 1977 | Auschwitz, 23 nov. 1942 | 65 jier | grienteboer | man fan Adriana Pais-Rood |
Adriana Pais-Rood | De Haach, 13 maaie 1881 | Auschwitz, 23 nov. 1942 | 61 jier | húsfrou | frou fan Levie Pais | |
Midlumerwei 5 | Leonard Leijdesdorff | Frjentsjer, 16 des. 1880 | Sobibor, 30 apr. 1943 | 62 jier | goudsmid | man fan Rosalie Leijdesdorff-Vos |
Rosalie Leijdesdorff-Vos | Coevorden, 18 maaie 1892 | Sobibor, 30 apr. 1943 | 50 jier | húsfrou | frou fan Leonard Leijdesdorff | |
Noarderhaven 18 | Raphaël Pais | Harns, 9 mrt. 1893 | Auschwitz, 28 febr. 1943 | 49 jier | ûnbekend | man fan Rosa Pais-Heymann, heit fan Aäron Pais |
Rosa Pais-Heymann | Norden, 7 apr. 1901 | Auschwitz, 29 okt. 1942 | 41 jier | húsfrou | frou fan Raphaël Pais, mem fan Aäron Pais | |
Aäron Pais | Harns, 7 okt. 1921 | Auschwitz, 30 sept. 1942 | 20 jier | kantoarbetsjinde | soan fan Raphaël en Rosa Pais | |
Noarderhaven 32 | Raphaël Pais | West-Skylge, 29 sept. 1893 | Auschwitz, 28 febr. 1943 | 49 jier | keapman | man fan Roosje Pais-Minco, heit fan Jantsje en Benjamin Raphaël Pais |
Roosje Pais-Minco | Oldenseal, 26 apr. 1901 | Auschwitz, 23 nov. 1942 | 41 jier | húsfrou | man fan Raphaël Pais, mem fan Jantsje en Benjamin Raphaël Pais | |
Jantsje Pais | Harns, 31 mrt. 1933 | Auschwitz, 23 nov. 1942 | 9 jier | n.f.t. | dochter fan Raphaël en Roosje Pais | |
Benjamin Raphaël | Harns, 8 nov. 1934 | Auschwitz, 23 nov. 1942 | 8 jier | n.f.t. | soan fan Raphaël en Roosje Pais | |
Raamstrjitte 3 (letter omneamd ta: Skritsen 10) |
Sally Hes | Bocholt, 31 okt. 1908 | Auschwitz, 31 des. 1943 | 34 jier | rabbyn | man fan Anna Rosa Hes-Van Gelder, heit fan Mathilde Henriëtte Hes |
Anna Rosa Hes-Van Gelder | Borne, 1 apr. 1909 | Auschwitz, 2 nov. 1942 | 33 jier | húsfrou | frou fan Sally Hes, mem fan Mathilde Henriëtte Hes | |
Mathilde Henriëtte Hes | Hingelo, 3 juny 1939 | Auschwitz, 2 nov. 1942 | 3 jier | n.f.t. | dochter fan Sally en Anna Rosa Hes | |
Roazegrêft 15 | Levi Messcher | Haskerlân, 17 juny 1898 | Sobibor, 21 maaie 1943 | 44 jier | feekeapman | man fan Catharina Messcher-Gans, heit fan Hanna Klara en Klara Leonora Messcher |
Catharina Messcher-Gans | Aduard, 6 nov. 1898 | Sobibor, 21 maaie 1943 | 44 jier | húsfrou | frou fan Levi Messcher, mem fan Hanna Klara en Klara Leonora Messcher | |
Hanna Klara Messcher | Harns, 5 febr. 1938 | Sobibor, 21 maaie 1943 | 5 jier | n.f.t. | dochter fan Levie en Catharina Messcher | |
Klara Leonora Messcher | Harns, 24 juny 1939 | Sobibor, 21 maaie 1943 | 3 jier | n.f.t. | dochter fan Levie en Catharina Messcher | |
Rommelhaven 26B | Elize de Vries-Odewald | Slochteren, 24 mrt. 1873 | Sobibor, 20 mrt. 1943 | 69 jier | húsfrou | widdo, mem fan Izaäk de Vries |
Izaäk de Vries | Harns, 29 apr. 1898 | Auschwitz, 28 febr. 1943 | 44 jier | tekstylkeapman | soan fan Elize de Vries-Odewald | |
Sâltsleat 135 | Nathan Polak | Harns, 29 nov. 1903 | Sobibor, 23 apr. 1943 | 39 jier | keapman | man fan Betsij Polak-Frank, heit fan Izak Nathan Israël Polak |
Betsij Polak-Frank | Grins, 30 juny 1902 | Sobibor, 23 apr. 1943 | 40 jier | húsfrou | frou fan Nathan Polak, mem fan Izak Nathan Israël Polak | |
Izak Nathan Israël Polak | Harns, 17 febr. 1937 | Sobibor, 23 apr. 1943 | 6 jier | n.f.t. | soan fan Nathan en Betsij Polak | |
Simon Stijlstrjitte 4 | Pietje Polak-De Vries | Harns, 15 maaie 1872 | Sobibor, 20 mrt. 1943 | 70 jier | húsfrou | widdo |
Stasjonswei 1 | Leonard Goldsmid | Sutfen, 30 jann. 1886 | Auschwitz, 12 febr. 1943 | 57 jier | ûnbekend | |
Sara Goedhart | Roermond, 9 okt. 1884 | Auschwitz, 12 febr. 1943 | 58 jier | húshâldster | ||
West-Skylge | ||||||
adres | namme | berte | ferstjerren | âldens | berop | opmerkings |
Boomstrjitte 1 en 2 | Benjamin Jacob Krönstein | West-Skylge, 16 apr. 1922 | Auschwitz, 31 mrt. 1944 | 21 jier | ûnbekend | |
Judik Pais-Spijer | Harns, 8 nov. 1866 | Sobibor, 21 maaie 1943 | 76 jier | húsfrou | widdo, mem fan Jetje en Sara Pais | |
Jetje Pais | Harns, 21 july 1882 | Auschwitz, 21 july 1943 | 50 jier | húsfrou | dochter fan Judik Pais-Spijer | |
Sara Pais | Harns, 2 july 1891 | Amsterdam, 28 mrt. 1943 | 41 jier | húsfrou | dochter fan Judik Pais-Spijer |
Neitins Joadske slachtoffers
bewurkje seksjeHjertmis 2011 besletten Vereniging Oud Harlingen en it Centraal Comité 1945 de 45 weifierde Joadske oarlochsslachtoffers mei 'stroffelstiennen' te betinken.[1] Troch crowdfunding adoptearren belutsen famyljes en partikulieren stiennen foar in persoan of in hiele húshâlding. Fanwegen de grutte belangstelling foar it projekt waard besletten om in lytse útstalling yn it Hannemahûs yn te rjochtsjen.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|