Bocholt
De stêd Bocholt (Nederdútsk: Bokelt) leit yn it Westmünsterland yn it noardwestlik diel fan de Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen. It is de grutste stêd fan de kreis Borken yn it Regierungsbezirk Münster. De stêd leit oan de Nederlânske grins en is nei Münster en Rheine de grutste stêd yn it Münsterland.
Bocholt | |
---|---|
Histoaryske riedhûs | |
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Dútslân |
Dielsteat | Noardryn-Westfalen |
Kreis | Borken |
Sifers | |
Ynwennertal | 71.113 (31-12-2019) |
Oerflak | 119,4 km² |
Befolkingstichtens | 596 /km² |
Hichte | 25 m boppe seenivo |
Oar | |
Tiidsône | UTC+1 |
Simmertiid | UTC+2 |
Koördinaten | 51° 50′ 0″ N, 6° 37′ 0″ E |
Webside | www.bocholt.de |
Skiednis
bewurkje seksjeBocholt krige yn 1228 stedsrjochten en soe in ferbastering wêze fan it wurd "boekehout". Op midsiuwske segels fan de stêd is in beam te sjen en op it segel fan 1302 is dat dúdlik in boekebeam. It ferlienen fan de status fan stêd hie as doel om de posysje fan de macht fan de karfoarsten yn it westen fan it bisdom Münster feilich te stellen. Yn de 14e iuw waard it fersterke stedsgebiet fierder útwreide en waard in twadde tsjerke boud. Yn de 15e iuw waard de belangrykste tsjerke fan de stêd, de St. Georg (Sint-Joaris) op 'e nij as in goatyske halletsjerke boud. Ek waarden der yn dy tiid trije kleasters stifte.
Fanôf likernôch 1500 wie it dien mei de opgong fan de stêd. Fanwegen de lokaasje op de grins hie de ekonomy fan de stêd te lijen fan de Tachtichjierrige Kriich. Spaanske troepen brochten Bocholt in moannenlange besetting yn de winter fan 1598/1599. De wolstân naam letter wer wat ta en de bou fan in nij riedhûs yn 1618-1624 tsjûget dêr ek tsjintwurdich noch fan. De Tritichjierrige Kriich brocht dêrnei op 'e nij delgong: de plonderings en inbesetting troch Hessyske troepen fan 1635-1650 ferearme Bocholt. Dêroerhinne kamen ek noch útbraken fan de pest en njonken de ekonomyske delgong fûn der ek noch in politike delgong plak. Om't de stêd sûnt it midden fan de 16e iuw nei it protestantisme hong en ferset bea oan fersiken fan de lânshearen om it katolisisme wer yn te fieren, ferlear de stêd yn 1627 ek de stedske selsstannigens. Pas nei't de kontrareformaasje mei súskses trochfierd waard krige de stêd de âlde rjochten mei beheinings werom. Ek tsjintwurdich (2020) is de stêd noch yn mearderheid in katolike stêd..
Yn it midden fan de 16e iuw brochten flechtlings út Brabân de kennis mei fan it katoenweevjen. Mei de stifting fan in katoengild yn 1569 waard de tekstylbewurking út katoen yn de rin fan de tiid in wichtige ekonomyske faktor yn Bocholt. De stêd wie dêrby wol ôfhinklik fan de katoenymport oer Nederlân, dy't yn de 18e en begjin 19e iuw, fral yn de Sânjierrige Kriich en ûnder it bewâld fan Napoleon, swierrichheden ûnderfûn.
Troch de Frede fan Lunéville (1801), it ein fan it prinsbisdom Münster (1802) en it Reichsdeputationshauptschluss (1803) foel Bocholt ûnder it bewâld fan de hearen fan Salm-Salm en Salm-Kyrburg, dy't mei oare gebieten it foarstendom Salm stiften. Yn 1811 waard it foarstendom Salm mei oare Dútske lannen troch Frankryk anneksearre, yn 1813 troch Prusen beset en wat letter troch it Kongres fan Wenen yn 1815 oan it keninkryk Prusen tawiisd. Prusen dielde Bocholt by de kreis Borken, it Regierungsbezirk Münster en de provinsje Westfalen yn.
De yndustrialisaasje soarge wer foar in soad ekonomyske opgong; oant 1914 waarden der teminsten 114 nije tekstylfirma's stifte, itjinge as in katalisator wurke foar it tal ynwenners en de fierdere ûntjouwing fan de ynfrastruktuer.
It katolike Bocholt bleau oant de machtsoername fan de nasjonaalsosjalisten in bolwurk de Deutsche Zentrumspartei. De joadske befolking waard hielendal, as hja teminsten net op 'e tiid flechte wiene, nei it konsintraasjekamp deportearre en dêr fermoarde. Op 22 maart 1945 waard de stêd bombardearre en foar 85% ferneatige. Op 29 en 30 maart wisten Britske troepen Bocholt yn te nimmen. De Britske besetting setten yn in earder kriichsfinzenenkamp in DP-kamp op, dêr't saneamde Displaces Persons in ûnderkommen yn krigen. De measten dêrfan wiene twangarbeiders út Poalen, Estlân, Litouwen en Joegoslaavje. It kamp bleau noch oant de jierren 1950 bestean, om't in soad bewenners wegeren werom te gean nei harren troch kommunisten bestjoerde lannen. It kamp bleau aktyf, troch't it letter ek flechtlings út Hongarije en de Dútske Demokratyske Republyk opfong.
De weropbou fan de stêd waard nei de kriich mei faasje oppakt. Ynearsten profitearre ek de tekstylyndustry wer fan de bettere tiden, mar lang om let koe dy net op tsjin de konkurrinsje fan it bûtenlân. Ynstee dêrfan brocht de metal- en elektroyndustry nije wurkgelegenheid, sektoaren dy't ek hjoeddedei noch in stimpel sette op de ekonomy fan Bocholt.
Sûnt 1975 is Bocholt net mear in selsstannich kreis en foarmet de stêd in ûnderdiel fan it de kreis Borken. Troch de opheffing fan 10 lytsere gemeentes om Bocholt hinne naam lykwols sawol it grûngebiet as it ynwennertal fan it stedsgebiet fierder ta.
Foar de Achterhoeke foarmet de stêd in populêr plak om boadskippen te dwaan.
Yndieling
bewurkje seksjeSûnt 1975 is de gemeente Bocholt te ferdielen yn alve saneamde ortsteile: Barlo, Biemenhorst, Bocholt, Hemden, Holtwick, Liedern, Lowick, Mussum, Spork, Stenern en Suderwick. De grinzen fan de ortsteile komme likernôch oerien mei de âlde gemeentegrinzen fan foar de weryndieling.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Bocholt
|