Feriening Ald Harns
De Feriening Ald Harns is in feriening út de stêd Harns. De feriening waard op 8 novimber 1954 oprjochte troch in oantal minsken dy't har soargen makke oer de wize wêrop der mei de âlde stedskearn omgien waard. In soad weardefolle pânen yn it tige âlde sintrum hie efterstallich ûnderhâld en der waarden manieren socht om it ferfal te kearen. It woe koartsein it monumintale karakter fan Harns yn stân hâlde.
Yn 1963 kaam de Hein Buisman Stichting derby, oprjochte troch de Ljouwerter Hein Buisman dy't him it lot fan de stêd Harns oanluts. De Hein Buismanstichting hat al mear as 70 histoaryske pânen restaurearre.
De Feriening Ald Harns stribbet op in oare wize har doelen nei. Sa hâldt se sekuer alle foarnommen besluten, bouaktiviteiten en foarnimmens ta sloop yn 'e gaten en besiket dy eventueel te feroarjen. As it needsaaklik is wurde beswierskriften yntsjinne. De feriening jout ek foarljochtingen. Dêrom is der twaris yn jier in ledegearkomst mei lêzingen, films of diafoarstellingen oer har wurkterrein. Elts jier ferskynt ek it ledemagazine mei in soad nijsgjirrige artikels oer notiids en destiids fan de stêd Harns.
De feriening hat ek kontakten mei it Hannemahûs en de Hein Buismanstichting en hat in Wurkgroep Stedshistoarje en in Filmfûns foar histoaryske films.