Frou

(Trochferwiisd fan Froulju)

In frou, ynformeel ek frommes, frommeske of, noch wat ûnfatsoenliker, wiif, is in minske fan it froulik geslacht. Yn it deistich spraakgebrûk wurdt de oantsjutting 'frou' lykwols útslutend brûkt foar in folwoeksen minske fan it froulik geslacht; ûnfolwoeksen froulju wurdt famkes of bern neamd. Oan 'e oare kant wurdt yn gearstallings as 'frouljus-wc' gjin ûnderskie nei âldens makke. It minske fan it tsjinstelde geslacht is in man.

In frou dy't swier is.
Dizze side giet oer persoanen fan it froulik geslacht. Foar in froulike houliks- of relaasjepartner, sjoch: frou (oarehelte).

Geslachtsskaaimerken

bewurkje seksje

Krekt as by oare froulike sûchdieren ervet it genoom fan in frou yn prinsipe in X-gromosoom fan 'e mem en in twadde X-gromosoom fan 'e heit. De froulike foetus produsearret gruttere hoemannichten estrogeen en lytsere hoemannichten androgeen as de manlike foetus. Dat ûnderskie yn 'e ûnderlinge ferhâlding fan dy geslachtssteroïden is fierhinne ferantwurdlik foar de fysiologyske ferskillen tusken froulju en manlju. Yn 'e earste jierren omfiemje dy ferskillen de primêre geslachtsskaaimerken, wat foar froulju (famkes) delkomt op it hawwen in fagina mei skamlippen en in klitoaris, dy't manlju (jonges) net hawwe.

Under de puberteit wurdt de produksje fan estrogeen stimulearre troch beskate hormoanen, mei as gefolch de ûntjouwing fan 'e sekundêre geslachtsskaaimerken. Sadwaande nimme de ferskillen tusken de beide seksen dan noch ekstra ta. Dêrop binne lykwols útsûnderings oangeande ynterseksuële en transseksuële froulju. Ornaris omfiemje de sekundêre geslachtsskaaimerken by froulju:

 
It Fenussymboal, wêrmei't it froulike geslacht oantsjut wurdt.

Fuortplanting

bewurkje seksje

It grutste ferskil tusken froulju en manlju is lykwols de rol by de fuortplanting. Froulju hawwe aaistokken dy't aaisellen produsearje. Dy kinne by geslachtsmienskip befruchte wurde troch de siedsellen fan 'e man, wêrnei't sa'n befruchte aaisel him yn it limoer nêstelet en fia in embryo en in foetus útgroeid ta in poppe. Nei in draachtiid fan njoggen moanne, it saneamde swierwêzen, wurdt de poppe berne by in proses dat de befalling neamd wurdt, wêrby't er fia de fagina út it lichem fan 'e mem parse wurdt. Nei de befalling produsearret in frou tate (molke) mei molkklieren yn har boarsten, en kin se sa de poppe iten jaan troch dy oan har spiennen sûge te litten (dêrfandinne de beneaming 'sûchdier').

Maatskiplike posysje

bewurkje seksje
 
Under de Twadde Wrâldoarloch moasten froulju (fanwegen de ôfwêzigens fan manlju dy't oant it front fochten) yn in protte Westerske lannen wurk dwaan dat foartiid as folslein ûngaadlik foar harren beskôge wie.

Yn in protte histoaryske, mar ek moderne maatskippijen en kultueren nimme froulju in ûnderhearrige rol oan foar manlju oer. Dat is oer it algemien gjin frijwillige kar, mar wurdt oplein troch tradysjes en wizânsjes. Saakkundigen ornearje dat it úteinlik weromgiet op 'e ferskillende rollen by de fuortplanting. Om't swiere froulju yn harren beweging beheind binne en oer it algemien nei de befalling in yntimere bân mei harren bern hawwe as de heit, hiene manlju yn prehistoaryske jager-sammeldermaatskippijen almeast de rol fan jager, wylst de froulju plantaardich iten sammelen en ûnderwilens om 'e bern tochten. Dy rolferdieling late by de ûntwikkeling fan in protte kultueren letter ta in brike maatskiplike ferhâlding tusken de geslachten, wêrby't manlju harsels mear rjochten ta-eigenen en froulju ûnderdrukten.

Yn 'e Westerske maatskippij feroare dat geandewei de tweintichste iuw troch ferskowende ferhâldings op 'e arbeidsmerk. Tsjintwurdich wurde manlju en froulju yn 'e Westerske kultuer ornearre inoars folsleine gelikensen te wêzen. Dat is lykwols net sa, mei't der bgl. yn in protte Westerske lannen noch altyd in salariskleau is tusken wat manlju en froulju foar itselde wurk fertsjinje. It stribjen nei lykberjochtiging foar froulju hjit emansipaasje, en de lju dy't dêrfoar krewearje, binne feministen. Bûten de Westerske wrâld is it mei de lykberjochtiging fan froulju faak noch tryst steld, benammen yn lannen dy't de ûnderhearrige posysje fan 'e frou oan 'e man ferbine oan religieuze omtinkens, sa't yn guon islamityske lannen bard, mar ek wol yn it hindoeïstyske Yndia. Datselde barde trouwens foarhinne ek yn it Westen, dêr't bgl. de Roomsk-Katolike Tsjerke him der hast twatûzen jier lang skuldich oan makke hat.

Maatskiplik ûnderdrukking fan froulju en frouljushaat kin liede ta in ferskaat oan misstannen en misdriuwen, wêrûnder seksuële yntimidaasje, ûnwinske yntimiteiten, seksueel misbrûk yn bredere sin, seksuële oantaasting, date rape, ferkrêfting, húslik geweld, earwraak, twongen houliken, ferkrêfting binnen it houlik, twongen prostitúsje, frouljushannel, seksuële slavernij, oarlochsferkrêfting, finzenisferkrêfting, victim blaming, ferkrêfting yn it leger, frouljusbesnijenis, fuotbinen, soersmiten, breidsskatgeweld, sûttiïsme (widdoferbrâning), ûnthâlding fan ûnderwiis, ynfantiside, hekseferfolgings en hekseferbrânings, stienniging op beskuldiging fan oerhoer, ensfh. Aktivisten foar frouljusrjochten binne dêrom noch altyd wrâldwiid yn 't spier om de sitewaasje foar alle froulju te ferbetterjen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.