Ferkrêfting binnen it houlik
Ferkrêfting binnen it houlik is in foarm fan ferkrêfting wêrby't ien fan 'e houlikspartners, ornaris de frou (of ien fan 'e froulju) mei geweld of op in oare manear tsjin har wil twongen wurdt ta seksuële mienskip mei de oare houlikspartner (ornaris de man). It is teffens in foarm fan partnerferkrêfting, fan húslik geweld en fan seksueel misbrûk. Boppedat is it foar it slachtoffer geastlik en emosjoneel like of sels mear skansearjend as om ferkrêfte te wurden troch in wyldfrjemd.
Hiel lang wie de tradisjonele miening, ek yn Westerske lannen, dat binnen in houlik de manlike partner rjocht hat op seksuële omgong en dat de froulike partner him op dat mêd hearrich wêze moat. Sûnt de sechstiger jierren binne yn it Westen lykwols de ideeën oer it houlik, seksualiteit, seksueel misbrûk, de rolferdieling fan 'e geslachten en it rjocht fan alle minsken op selsbeskikking feroare. Sadwaande waard ferkrêfting binnen it houlik yn Skandinaavje en guon Eastjeropeeske lannen al foar 1970 ta in misdriuw makke, wylst de measte oare lannen yn Jeropa en yn 'e Angelsaksyske wrâld it yn 'e tachtiger of njoggentiger jierren strafber stelden (yn Nederlân waard it pas yn 1991 in misdriuw). Yn in soad ûntwikkelingslannen, wêrûnder Sina, is ferkrêfting binnen it houlik noch altyd tastien. Yn guon oare lannen, wêrûnder Yndia en Yndoneezje, wurdt it beskôge as in foarm fan net-krimineel húslik geweld. Ek binne der lannen dêr't slimme foarmen fan bernemisbrûk ûntstien binne trochdat ferkrêfting binnen it houlik net strafber is en om't bernehouliken der in frij algemien akseptearre maatskiplik ferskynsel binne.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Footnotes, op dizze side. |