Húslik geweld
Húslik geweld is in gedrachspatroan wêrby't men geregeldwei jins houlikspartner of de persoan mei wa't men gearwennet (en al of net in yntime relaasje hat) mishannelet. Dat kin barre troch de wei fan fysike agresje (slaan, skoppe, bite, triuwe, fêsthâlde, bekûgelje mei foarwerpen), geastlike agresje (útskelle, fernederje, bedriigje, yntimidearje, stalking), ferwaarleazging of finansjele útrûpeling. Fierders is it ek faak in gefolch fan of kin it liede ta ferkrêfting binnen it houlik. Húslik geweld wurdt gauris feroarsake of oanboaze troch alkoholgebrûk, alkoholisme en geastlike sykten, en dêrnjonken spylje maatskiplik fermidden en kulturele eftergrûn ek in rol, mei't bewustwêzen, persepsje, definysje, dokumintaasje en bestriding fan dit ferskynsel ferskilt fan sosjale klasse ta sosjale klasse en fan kultuer ta kultuer. Húslik geweld komt sawol yn heteroseksuële as yn homoseksuële relaasjes foar; yn heteroseksuële relaasjes is meast de frou it slachtoffer en de man de dieder, mar lang net altyd.
Persepsje
bewurkje seksjeDe measte Westerske lannen hawwe wetten dy't spesifyk rjochte binne op 'e bestriding fan húslik geweld. In protte ûntwikkelingslannen, lykwols, ûnderkenne net iens dat húslik geweld in probleem is dat bestriden wurde moat. Sa die út in ûndersyk fan UNICEF bliken dat it persintaazje fan 'e froulju tusken de 15 en 49 jier dat mient dat in man ûnder beskate omstannichheden it rjocht hat om syn frou te slaan yn Afganistan en Jordaanje 90% is; yn Maly 87%; yn Guinee en East-Timor 86%; yn Laos 81%; en yn 'e Sintraalafrikaanske Republyk 80%. Wegering om oan 'e easken fan 'e man ta te jaan is gauris it ferlechje dat yn sokke ûntwikkelingslannen jûn wurdt om húslik geweld tsjin froulju te behimmeljen. Yn Tadzjikistan, bygelyks, fynt 68% fan 'e froulju it te rjochtfeardigjen as in man syn frou slacht om't se him tsjinsprekt, 62,4% hat der begryp foar as er dat docht om't se it hûs ferlitten hat sûnder dat se him dat yn 't foar ferteld hie; en 47,9% fynt it goed as er har slacht om't se op dat stuit gjin seksuële omgong mei him hawwe wol.
Wetjouwing
bewurkje seksjeTradisjoneel hiene manlju yn 'e measte kultueren it rjocht om harren froulju te "hoffenjen" (Nederlânsk: "kastijden"), mar yn 'e Westerske wrâld rekken se dat rjocht oan 'e ein fan 'e njoggentjinde of it begjin fan 'e tweintichste iuw kwyt. Arrestaasjes foar húslik geweld wiene oant de santiger jierren lykwols tige seldsum en kamen inkeld foar as it geweld wol alderraarste foarmen oannaam. Pas sûnt de jierren njoggentich binne der wetten oannommen en rjochtlinen opsteld dy't de wol begryplike tebekhâldendheid fan 'e plysje om yn in houlik of in oare yntime relaasje yn te gripen, oan kant reage hat.
Yn in protte lannen (lykas Nij-Seelân, Eastenryk en in soad steaten fan 'e Feriene Steaten) binne wetten oannommen dy't it mooglik meitsje om lju dy't fan it dwaan fan húslik geweld fertocht wurde, út 'e hûs te pleatsen (oftewol in hûsferbod op te lizzen). Yn Nederlân is op 1 jannewaris 2009 de Wet Tijdelijk Huisverbod yngien, dy't it mooglik makket om in fertochte foar in perioade fan yn begjinsel 10 dagen sa'n hûsferbod op te lizzen. Hy (of sy) mei dan ûnder dy perioade op gjin inkele manear kontakt opnimme mei it thúsfront. Bysûnder oan dizze wet is dat der noch gjin fysyk húslik geweld plakfûn hoecht te hawwen, mar dat inkeld de driging dêrfan al genôch is om sa'n hûsferbod op te lizzen. Soks stiet yn skril kontrast mei lannen as de Feriene Arabyske Emiraten, dêr't yn 2010 it heechgerjochtshôf oardiele dat in man it rjocht hat om frou en bern fysyk te "dissiplinearjen" salang't dat mar gjin sichtbere lichaamlike skeinings neilit, en mei de Amerikaanske steat Oklahoma, dêr't in frou ek pas in oanklacht foar húslik geweld yntsjinje kin as hja blauwe plakken of oare sichtbere ferwûnings hat.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, Bibliography en Further reading, op dizze side. |