Haadmenu iepenje
3.2519 Nepalese-mother1.jpg

Frouljushannel is de oantsjutting foar it oerheljen fan froulju ta it ferrjochtsjen fan prostitúsje of it bemiddeljen dêrby. Dit kin al of net mank gean mei twang, yntimidaasje en/of mislieding. Frouljushannel falt ûnder it bredere begryp minskehannel.

Slachtoffers fan frouljushannel wurde faak mei in ferlechje of falske ûnthjitten (bgl. oer wurk as au-pair of fotomodel) nei in oar lân ta lokke (bgl. fan East-Jeropa nei West-Jeropa). As hja dan ienris op 'e bestimming oankomme, wurdt troch de frouljushannelder of troch dejinge oan wa't er de frou oerdraacht, wat almeast in poaier is, har paspoart ynnommen. Se wurdt dan finzen holden en twongen om as prostituee te wurkjen, wêrby't yn 'e regel fierwei it grutste part fan it jild dat se op dy manear fertsjinnet, yn 'e bûsen fan har baas ferdwynt. Opstannigens wurdt yn sa'n sitewaasje ornaris mei grou geweld beäntwurde. Gauris wurdt de frou ek foarholden dat se har frijheid weromwinne kin troch in beskaat withoeheech bedrach oan jild foar de poaier te fertsjinjen, mar dêrby wurde har dan alderlei ekstra kosten yn rekken brocht (bgl. foar kost en ynwenning), sadat har (fiktive) skuld flugger stiget as dat se jild ynbringe kin. Sa komme sokke froulju dan yn in útsichtleaze sitewaasje telâne. Wat ek in soad foarkomt, is it meitsjen fan drigeminten oan it adres fan 'e yn it heitelân efterbleaune famylje fan it slachtoffer.

It komt ek foar dat slachtoffers fan frouljushannel foartiid al fan doel wiene om yn 'e prostitúsje te wurkjen, mar net wisten hoe't se dat yn in frjemd lân oanpakke moasten. As hja dan stipe sykje by lju dy't wol dy know-how besitte, falle ek sy faak yn 'e hannen fan frouljushannelders of fan dubieuze reis- of útstjoerburo's.

Yn Nederlân melde har jiers likernôch 400 slachtoffers fan frouljushannel by it Coördinatiecentrum Mensenhandel (CoMensha; foarhinne de Stichting tegen Vrouwenhandel, STV). Men is lykwols fan tinken dat dat mar it topke fan 'e iisberch is; in ûndersyk út 1997 rûsde it tal Eastjeropeeske froulju dat jiers twongen waard om harren yn Nederlân te prostituëarjen op 2.000. Mar ek in protte Afrikaanske en Karibyske froulju (bgl. út Nigearia en de Dominikaanske Republyk wei) wurde yn Nederlân it slachtoffer fan frouljushannel. De dieders komme faak út itselde lân as de slachtoffers. Sy kinne in protte jild fertsjinje oan frouljushannel; per frou rint soks yn 'e tsientûzenen euro's it jier. Foar de slachtoffers bestiet der in hege drompel om oanjefte te dwaan. Behalven de eangst foar fysike represaillemaatregels fan 'e dieders (om yninoar slein of foltere te wurden), spilet dêrby in rol dat se út lannen komme dêr't de plysje faak net de bêste freon fan 'e boargers is, en teffens dat se bang binne om Nederlân útset te wurden.