Fuortplanting of reproduksje is it biologyske proses wêrby't ien of mear organismen (de 'âlden') nije organismen (de 'neikommelingen') produsearje, mei as gefolch it fuortbestean fan 'e populaasje en de soarte. Fuortplantng is sadwaande in fûneminteel elemint fan alle bekende libben, mei't elts yndividueel organisme inkeld en allinne bestiet as resultaat fan in foarm fan fuortplanting. By mearsellige organismen wurdt fuortplanting ôfwiksele mei fazen fan groei en ûntwikkeling. Der besteane twa foarmen fan fuortplanting: geslachtlike fuortplanting (of seksuële fuortplanting) en ûngeslachtlike fuortplanting (of aseksuële fuortplanting).

Sweefmiggen dy't pearje ûnder it fleanen.
Dizze side giet oer it biologyske proses fuortplanting. Foar oare betsjuttings, sjoch: fuortplanting (betsjuttingsside).

Geslachtlike fuortplanting

bewurkje seksje

By geslachtlike fuortplanting kombinearje ferskate organismen fan ien en deselde soarte harren genetysk materiaal (DNA) om dêrmei in nij yndividu te kreëarjen. Soms is it ek mooglik foar organismen fan ferskillende (mar nau besibbe) soarten om op dizze wize in nij yndividu te produsearjen. Sa kinne ezels en hynders, dat bisten fan ferskillende soarten binne, mei-inoar libbene neikommelingen hawwe yn 'e foarm fan mûldieren of mûlezels. Sokke krusings binne lykwols ornaris steryl, wat sizze wol dat se sels gjin libbene neikommelingen produsearje kinne.

Geslachtlike fuortplanting fynt yn 'e regel plak troch it hawwen fan geslachtsmienskip tusken in manlik en in froulik eksimplaar fan deselde soarte organismen. Dêrby wurde in beskate soarte spesjalisearre sellen (gameten) fan twa organismen byinoar brocht. Sokke gameten hawwe mar de helte fan it oantal gromosomen dat in normale sel hat, en wurde kreëarre troch in proses dat oantsjut wurdt mei de namme meioaze, en dat him ûnderskiedt fan 'e gebrûklike foarm fan seldieling, mitoaze. De gameten fan it manlike en froulike yndividu kombinearje har ta in befruchte sygoate, dêr't ien of mear neikommelingen út fuortkomme.

Ungeslachtlike fuortplanting

bewurkje seksje

By ûngeslachtlike fuortplanting produsearret ien organisme neikommelingen sûnder dat dêr in oar organisme by belutsen is. Sokke neikommelingen binne dan genetysk sjoen kopyen fan it âlder-organisme. It iennichste genetyske ferskil tusken de neikommeling en de âlder wurdt feroarsake troch eventuële genetyske mutaasjes. Ungeslachtlike fuortplanting komt fan natuere benammen foar by iensellige organismen, mar is dêr net ta beheind. Ek it stekjen fan planten en it klonen fan bisten (troch de minske) is in foarm fan ûngeslachtlike fuortplanting.

Yn prinsipe is ûngeslachtlike fuortplanting fanút in evolúsjonêr stânpunt beskôge in befredigjender wize fan fuortplanting, om't dêrby 100% fan it genetysk materiaal trochjûn wurdt oan 'e folgjende generaasje. By geslachtlike fuortplanting is dat foar eltse âlder mar foar 50% it gefal. It grutte foardiel fan geslachtlike fuortplanting is lykwols dat besteand genetysk materiaal op in nije wize kombinearre wurdt, wat stagnaasje útslút en nije ûntwikkelings stimulearret.

Fuortplantingsstrategyen

bewurkje seksje

Guon soarten organismen, lykas de minske en oaljefanten, produsearje mar in pear neikommelingen en hawwe in lang duorjende bruodsoarch. Sokke organismen konsintrearje har foar langere tiid op it grutbringen en beskermjen fan ien of in pear neikommelingen. Oare soarten produsearje in grut oantal neikommelingen en hawwe mar in beheinde of hielendal gjin bruodsoarch. Foarbylden binne de wylde knyn, dy't 10-30 jongen jiers produsearje kin, en it fruitmichje, dat 900 neikommelingen krije kin. Fan sa'n grutte kloft neikommelingen sil dan de grutte mearderheid de folwoeksenens nea berikke, mar dat makket evolúsjonêr sjoen neat út salang't der mar twa binne wêrby't dat wol it gefal is. Dy ferfange dan yn 'e folgjende generaasje harren beide âlden, sadat de soarte yn stân bliuwt.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further reading, op dizze side.