Gromosoom
In gromosoom [Gryksk: χρώμα (groma) = kleur; σώμα (sooma) = lichem] is in drager fan in part fan it erflik materiaal (DNA) fan in organisme. It is in mei kleurstoffen goed sichtber te meitsjen aaiwytstruktuer yn de selkearn fan eukaryoaten. Prokaryoaten (baktearjes en archaea) hawwe gjin echte gromosomen mar ringfoarmich DNA, lykas plastiden en mitogondryen. By de seldieling wurde de gromosomen goed sichtber troch gearlûken (kondinsaasje) fan it gromatine. Oan de ein fan in gromosoom sit in telomear. Der binne autosomen, X-gromosomen en Y-gromosomen.
By diploïde organismen, ek by de minske, komme gromosomen foar yn spantsjes fan homologe gromosomen, wêrby’t ién eksimplaar fan de mem komt en it oare fan de heit. Homologe gromosomen ha in likense opbou, mar binne net identyk.
Gewoanwei hat in minske 46 gromosomen (23 pear). By de seldieling ferdûbelet elk gromosoom him en bestiet dan tydlik út twa identike gromatiden. De selkearn befettet dan 92 gromatiden. As de gromatiden fan elkoar skieden binne bliuwe der 92 dochtergromosomen oer, dy’t letter ferdield wurde oer twa dochtersellen, sadat elke sel wer 46 gromosomen hat.
Algemien
bewurkje seksjeFaak hearre jo dat it gromosoom drager is fan de erflike eigenskippen (genen). Yn strikte sin is dit lykwols it DNA, dêr’t in gromosoom út opboud is. Gromatine bestiet út DNA dat om gromatine-aaiwiten (histonen) hinne draaid is. Yn de perioade tusken twa seldielings is gromatine in lang string en as in kerrelige struktuer te sjen yn de selkearn. By de seldieling ferdûbelet it gromatine him troch replikaasje, mar beide helten (de gromatiden) bliuwe earne yn de midden ferbûn op in plak dat sintromear neamd wurdt. Hjirtroch ûntstiet de bekende X-foarm. Nei’t de gromatiden fan elkoar skieden binne, is de X-foarm ferdwûn en hat it gromosoom syn langwerpige staafkefoarm wer.
Ferdieling fan de gromosomen
bewurkje seksjeIn sel befettet oer it algemien mear spantsjes gromosomen. Ien sel mei ién inkeld span gromosomen hjit haploïde, mei in dûbeld span diploîde. Meardere spantsjes binne ek mooglik: triploïde, tetraploïde, ensafuorthinne. In dierlike sel is meastentiids diploïde, útsein de geslachtssellen (gameten, dy’t haploïde binne.
Ek by diploïde planten binne de gameten haploïde, mar by in tetraploïde plant binne se diploïde. Kweekte planten binne faak polyploïde, wat resultearret yn gruttere blommen of in gruttere rispinge.
It tal gromosomen is de soarte oars. Inkelde foarbylden:
Soarte | Tal gromosomen | Soarte | Tal gromosomen | |
---|---|---|---|---|
Sûchdieren | Dûbelsieblêdige planten | |||
Kavia | 2×32 | Ierdappel | 4×12 | |
Sjimpansee | 2×24 | Earte | 2×7 | |
Ezel | 2×31 | Tulp | 2×12 | |
Hûn | 2×39 | Sipel | 2×8 | |
Knyn | 2×22 | Swarte moerbei | 2x154 | |
Minske | 2x23[1] | |||
Mûs | 2×20 | Inkeldsieblêdige planten | ||
Hynder | 2×32 | Mais | 2×10 | |
Amfibyen | Weet | 6×7 | ||
Kikkert | 2×13 | Moassen (haploïde) | ||
Ynsekten | Takakia | 1×4 | ||
Fruitmich | 2×4 | |||
Hûsmich | 2×6 |
Gromosomen fan in diploïde sel foarmje spantsjes, wêrby’t it iene gromosoom fan sa’n span fan de iene âlder (heit) komt en it oare gromosoom fan de oare âlder (mem). By in man binne de twa geslachtsgromosomen net identyk, mar se wurde tegearre ek as span beskôge. De 46 minsklike gromosomen besteane dus út 23 spantsjes: te witten 22 spantsjes autosomen en ien spantsje geslachtsgromosomen. By de minske binne de spantsjes autosomen fan grut nei lyts nûmere fan 1 oant 22.
Mutaasjes
bewurkje seksjeBy flaters yn de seldieling fan geslachtssellen (meioaze) kinne ôfwikende tallen gromosomen yn sellen telâne komme. Dêrtroch ûntstiet neiteam dat net libbensfetber is, ôfwikings sjen lit en hast altyd ûnfruchtber is. In ekstra gromosoom yn de sel wurdt trisomy neamd, in gromosoom temin monosomy. It meast bekende foarbyld fan in gromosoomôfwiking is trisomy-21 ofwol it Syndroom fan Down. It komt ek foar dat in diel fan in gromosoom tefolle of temin oanwêzich is: it 18q-syndroom is in gromosomale ôfwiking wêrby’t oan de langste earm fan it 18e gromosoom in stikje ûntbrekt.
Geslachtsgromosomen
bewurkje seksjeOp it Y-gromosoom sit mar in bytsje erflike ynformaasje. It spilet lykwols wol in krúsjale rol yn de ûntjouwing fan it embryo. It Y-gromosoom set oan ta de produksje fan manlike hormoanen en sadwaande ta de ûntjouwing fan manlike geslachtsskaaimerken. Yn de lichemssellen fan in man sitte altyd in X- en in Y-gromosoom en yn de lichemssellen fan in frou altyd twa X-gromosomen.
Erflike ôfwikings dy’t keppele binne oan it X-gromosoom komme by manlju altyd ta utering, omdat der foar it defekte gen gjin goede tsjinhinger yn de sel sit. Yn hokker mjitte de ôfwiking by froulju ta utering komt, hinget fan it type ôfwiking ôf: as de ôfwiking in dominant skaaimerk is, dan komt it skaaimerk of de sykte altyd ta utering. Is it skaaimerk dêrfoaroer in resessyf skaaimerk dan komt de ôfwiking allinnich ta utering as de frou draachster is op beide X-gromosomen. In bekend foarbyld is read-grienkleureblinens.
Net by alle diersoarten bart de geslachtsbepaling op deselde wize as by de minske, mei in grut X- en in lyts Y-gromosoom. Inkeld is der bygelyks allinnich mar in X-gromosoom. By huningbijen binne de mantsjes (darren) haploïde en de wyfkes diploïde.
Isogromosoom
bewurkje seksjeFan in isogromosoom is sprake as in gromosoom ien fan syn earms kwytrekke is en dy ferfongen hat troch in sekuere kopy fan de oare earm. Dy ôfwiking yn gromosomale struktuer komt inkeld foar by famkes mei it syndroom fan Turner en yn tumorsellen.
Eksterne linken
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|