In mitogondrion of mitogondrium is in troch twa membranen omsletten selorganel, dat, troch it metaboale proses fan it selsykheljen, fungearret as enerzjyomsetter yn in eukaryoate sel. Mei't der in grut tal fan sokke selorganellen yn ien sel sitte, sprekt men ornaris yn meartalsfoarm fan mitogondriën of mitogondria. In mitogondrion hat in diameter fan likernôch 1 mikrometer. Sellen mei in relatyf grut enerzjyferlet, lykas spiersellen, hawwe in relatyf grut tal mitogondriën yn harren sytoplasma.

Dielen fan in mitogondrion:
1. bûtenste membraan
   1.1. poarje
2. yntermembraanromte
   2.1. ynterkristale romte
   2.2. perifeare romte
3. lamel
   3.1. binnenste membraan
      3.1.1. binnenste grinsmembraan
      3.1.2. kristalmembraan
   3.2. matriks
   3.3. kristae
4. mitogondriaal DNA
5. matrikskerl
6. ribosoom
7. ATP-syntetaze

Yn 'e earste faze fan it selsykheljen, de glykolyze, dy't plakfynt yn it sytoplasma, bûten de mitogondriën, wurde enerzjyrike stoffen lykas fetten en glukoaze ôfbrutsen ta pyruvaat. Yn 'e mitogrondriën wurdt út pyrodruvesoer it asetyl-ko-enzym A produsearre troch it proses fan biosynteze. Dêrnei wurde troch oksidaasje enerzjyrike elektroanen ûntlutsen oan dit asetyl-ko-enzym A (de sitroensoersyklus). De mitogondriën brûke dy enerzjyrike elektroanen om by de oksidative fosforylearring (de enerzjyfoarsjenning fan 'e sel) adenosinetrifosfaat (ATP), nikotinamide-adenine-dinukleotide (NADH) en flavine-adenine-dinukleotide (FADH2) te produsearjen. Fral ATP is in wichtige enerzjyboarne foar in protte ûnderskate soarten gemyske reäksjes yn 'e sel.

De mitogrondriën fiere har eigen fetsoersyntese (mtFASII) út, dy't fan essinsjeel belang is foar de mitogondriale biogeneze en it selsykheljen.

In mitogondrion besit in dûbel fosfolipide-membraan. Dat bestiet út in bûtenste membraan en in binnenste membraan mei ynstulpings, de saneamde kristae (inkeltal: krista). De romte binnen it binnenste membraan sit fol mei de matriks (floeistof). Ek it tal kristae stiet yn relaasje mei de yntensiteit fan it selsykheljen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatuurverwijzingen, op dizze side.