Elektron
In elektron (Ald-Gryksk ηλεκτρόν, barnstien dat troch wriuwing elektrysk laden waard) is in negatyf laden elemintêr dieltsje, dat bûn wêze kin (bygelyks yn in atoom) of frij yn de romte beweecht. As it yn de romte is, ûnderfynt it (krektas in ion) ynfloed fan in elektrysk fjild en as it beweecht t.o.f. in magnetysk fjild ek ynfloed dêrfan. It elektron heart ta de klasse fan de leptoanen. It elektron heart ta de earste generaasje. De dieltsjes binne stabyl.
Struktuer fan it atoom
bewurkje seksjeAtomen besteane neffens Rutherford syn atoommodel út in posityf laden atoomkearn, mei dêromhinne likefolle negatyf laden elektroanen as't der posityf laden protoanen yn de kearn binne. De protoanen en neutroanen yn de kearn fan it atoom befetsje hast de folsleine massa fan it atoom. Se binne 1800 kear sa swier as in elektron.
Skaaimerken fan it elektron
bewurkje seksjeIt elektron is in elementêr dieltsje mei spin 1/2, dat it is in fermion, krektas it proton, it neutron en it positron. It antidieltsje fan it elektron hjit positron. Foar safier bekend hat it elektron gjin fierdere ynwindige struktuer. Neffens de snaarteory is it elektron, lykas oare elemintêre dieltsjes, in bepaald trillingspatroan yn in iendiminsjonale snaar. Oer dy snaarteory is noch in soad diskusje.
It elektron hat in negative lading dy't lyk is oan it elemintêre ladingskwantum e (1,6022×10-19 Coulomb), foar it earst mjitten troch Robert Andrews Millikan mei syn oaljedripeksperimint. Elektryske ladingen kinne allinnich foarkomme yn meartallen fan 1 e.
De rêstmassa fan it elektron is 9,109534×10-31 kg, wat 1/1836e is fan de massa fan in proton en oerienkomt mei in rêstenerzjy fan 511,007 keV. It elektron hat lykwols krektas in foton ek weacheigenskippen en is bleatsteld oan de dualiteit fan weagen en dieltsjes neffens de hypoteze fan De Broglie. Dy weacheigenskip fan elektroanen wurdt tapast yn de elektroanemikroskoop.
De elektroanekonfiguraasje bepaalt foar in grut part it gemysk gedrach fan it atoom.
Elektroanen yn in atoom
bewurkje seksjeYn in atoom kin it elektron allinnich yn bepaalde gebieten en mei in wolbepaalde enerzjy om de atoomkearn bewege; it getal n hjit it haadkwantumgetal. Foar n=1 is it elektron yn de grûntastân, foar n>1 is it elektron yn in oansleine tastân. De wearde fan n kin allinnich in hiel getal wêze. Dy tastiene tastannen wurde diskrete enerzjynivos 'neamd.
Sjoch ek
bewurkje seksjeKeppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Electron fan Wikimedia Commons. |