Mûldier
In mûldier is in krusing tusken in hynstemerje (Equus caballus) en in ezelshynst (Equus assinus).
Hynders en ezels binne ferskillende soarten, mei in ferskillend tal gromosomen. In mûldier ûnstiet makliker as in mûlezel (neisiet fan in hynst en in ezelinne). Alle manlike mûlbisten en fierwei de measte frouljusmûldieren binne ûnfruchtber.
De grutte fan it mûldier en it wurk dêr't it foar brûkt wurde kin, hinget it meast ôf fan de hynstemerje dêr't sy it measte eigenskippen fan meikrije. Mûldieren kinne licht, middelswier, as frijwat swier wêze, at de merje frijwat grut is.[1]
Leafhawwers fan it mûldier wolle hawwe dat sy "geduldiger en hurder binne as hynders en dat sy langer libje, en sy soene minder obstinaat, flugger en yntilliginter as ezels wêze."[2]
Skaaimerken en prestaasje
bewurkje seksjeIt trochsneed gewicht fan in mûldier leit tusken de 370-460 kg.[3] It is per bist ferskillend, mar in legermûldier kin trochstrings "oant 72 kg drage en dan 26 km rinne sûnder te rêsten."[4] Yn it generaal kin in mûldier oant sa'n 20% fan syn eigen lichemsgewicht drage, dat is likernôch 90 kg.[5] It trochsneed hynder kin oant sa'n 30% fan syn lichemsgewicht oan 'libbebgewicht' tôgje, sa as in ruter. Hoewol't in mûldier dat persintaazje (oant 160 kg) meast net hellet, makket syn gruttere úthâlding him superieur oan it hynder wat dat oanbelanget.
It moaie fan it mûldier is dat er de grutte en de aksjeradius fan in hynder hat, mar dat er yn ferhâlding ta in hynder fan deselde grutte sterker is en dat er it gestel en úthâldingsfermogen fan de ezelhynst erve hat. Mûldieren hoege fierders safolle fretten net as in hynder fan deselde grutte.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) British Mule Society
- (in) Project Idaho
- (in) Western Mule Magazine
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|