Húsfrou
In húsfrou is yn 'e moderne betsjutting in frou dy't gjin betelle wurk hat, mar thús bliuwt en de húshâlding docht en de bern grutbringt, wylst har partner foar it ynkommen soarget. In man yn dy posysje wurdt wol in húsman neamd. Fan oerheidswegen wurdt ornearre dat húsfroulju gjin berop hawwe, mar der kin net sein wurde dat se gjin arbeid ferrjochtsje. It ferskil tusken in berop en arbeid sit him yn it feit dat men foar it wurk dat men foar jins berop ferrjochtet, betelle wurdt. Yn it befolkingsregister wurde húsfroulju sadwaande oantsjut as persoanen 'sûnder berop'; húsfroulju dy't in dieltiidbaan hawwe, wurde oantsjut mei it oangeande berop fan dy baan, salang't dat tolve oeren of langer yn 'e wike ferrjochte wurdt.
Skiednis
bewurkje seksjeDe term 'húsfrou' wie oant fier yn 'e tweintichste iuw de oantsjutting foar in troude frou, de oarehelte fan in man, mei't froulju achte waarden harren wurk, as se dat al hiene, op te jaan sadree't se trouden. Dêrnei wie it harren taak om foar de húshâlding en de bern te soargjen en útsûnderings op dy regel waarden maatskiplik net akseptearre. Wol bestiene der al neigeraden de maatskiplike rangen en stannen fansels ferskillen yn it krekte wurk dat húsfroulju achte waarden te dwaan. Sa diene húsfroulju fan 'e legerein alle wurk sels, wylst harren wjergaders yn 'e middenklasse faak in húshâldster hiene dy't mei tapakte, en froulju fan 'e hegerein lieding joegen oan it húspersoneel en sels mar komselden de hannen smoarch hoegden te meitsjen. Sokken holden har in grut diel fan 'e dei dwaande mei hantwurkjen (breidzjen, haakjen, naaien, borduerjen). Teffens stelden se it menu gear, joegen opdracht foar it ynkeapjen fan boadskippen en rekkenen neitiid de útjeften nei. Om it hûs skjin te hâlden, hiene se ien of mear tsjinstfammen, en foar it itensieden wie der in kok of kokkinne.
It meastepart fan 'e befolking ûnderhold him foar de njoggentjinde iuw op it plattelân mei lânbou en/of feehâlderij. De boerinne, de frou fan 'e boer, hie njonken de gewoane taken fan in húsfrou ek beskate taken yn it bedriuw fan har man. Yn 'e molkfeehâlderij wie bgl. it bûterjen en it tsiizjen yn 'e regel har domein. Yn 'e moderne definysje falt de eardere boerinne sadwaande wat bûten de betsjutting fan it begryp húsfrou. Yn arbeidersgesinnen, dy't fanôf de Yndustriële Revolúsje (yn Nederlân yn 'e earste helte fan 'e njoggentjinde iuw) de fabriken draaiende holden, moasten manlju sawol as froulju en bern lange wurkdagen meitsje foar in skriel lean. Foar goed iten, hygiêne en it grutbringen fan 'e bern wie der doedestiden yn dy fermiddens tiid noch jild. Pas yn 'e tweintichste iuw mocht it in better ûnderrjochte en betelle manlike arbeidersbefolking barre om mem de frou thús te litten, sadat dy har útslutend talizze koe op it beävensearjen fan 'e húshâlding.
Lange tiid wie it sa dat famkes yn harren tinerjierren fan 'e eigen mem of yn in tsjinstferbân as faam learden hoe't se alle wurk as húsfrou opknappe moasten. Letter kaam dêr de húshâldskoalle by, dêr't famkes nei de legere skoalle in pear jier hinne giene. Fan 'e jierren sechstich fan 'e tweintichste iuw ôf begûn de tradisjonele rolferdieling tusken manlju en froulju lykwols stadichoan te ferdwinen. Dêrby wie de frouljusemansipaasje ûnder de Twadde Feministyske Weach fan beslissend belang, mar ek nije technyske ûntjouwings, lykas de waskmasine en de stofsûger, dy't it dwaan fan 'e húshâlding oansjenlik minder arbeidsyntinsyf makken, spilen dêrby in rol.
Oan it begjin fan 'e ienentweintichste iuw wurdt it yn Nederlân oer it algemien net mear akseptearre as manlju op 'e bank sitten geane en froulju alle húshâldlike wurk opknappe litte. Faak bestiet der in ôfsprutsen taakferdieling tusken de partners, wêrby't elts fan harren him taleit op dingen dêr't se talint foar hawwe (bgl. itensieden) of dy't se yn elts gefal net sa slim fine. Dêrby spilet ek in rol dat tsjintwurdich faak beide partners fan troude of gearwenjende pearen in baan hawwe (de saneamde twafertsjinners). Yn fermiddens dêr't men it wat rommer hat, wurdt dan faak ek in parttime-húshâldster oannommen, dy't in diel fan 'e húshâldlike taken oernimt en bekendstiet as in 'húshâldlike help', in 'help yn 'e húshâlding' of gewoan as in wurkster.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.
|