Joadske mienskip fan Frjentsjer
De Joadske mienskip fan Frjentsjer wie de mienskip fan 'e Joaden dy't foarhinne yn 'e Fryske stêd Frjentsjer wennen.
Skiednis
bewurkje seksjeFrjentsjer hie nea in grutte Joadske mienskip. De earste Joaden ferbleaune der fan 'e ein fan 'e sechstjinde iuw ôf, doe't se oan 'e protestantske Universiteit fan Frjentsjer holpen mei it drukken en útjaan fan Hebriuwsktalige religieuze geskriften. Yn 1658 krige de earste Joad it rjocht om him yn Frjentsjer nei wenjen te setten. Der wiene letter ek ferskate Joaden dy't oan 'e Universiteit fan Frjentsjer medisinen studearren. Yn 1747 behelle de earste fan harren syn doktoraat.
Pas oan it begjin fan 'e njoggentjinde iuw ûntstie der yn 'e stêd in lytse Joadske gemeente. Dy wie lykwols nea sa grut as de gemeenten yn Ljouwert, Snits, Harns of sels op De Gordyk. Om 1830 hinne waard de Joadske gemeente fan Frjentsjer dêrom by dy fan Harns foege. Op it hichtepunt, yn 1869, wennen der 38 Joaden yn Frjentsjer.
Yn 1941, oan it begjin fan 'e Twadde Wrâldoarloch, bestie de Joadske mienskip yn Frjentsjer neffens offisjele sifers noch út 24 persoanen. Dat kaam benammen om't yn 1935 yn it eardere stasjon fan de lokaalspoarline oan 'e Harnzerwei in Israelityske Lânbouskoalle oprjochte wie foar sionisten dy't Palestina kolonisearje woene. Dêr waarden yn septimber 1941 by in razzia troch de Dútske besetters en de Nederlânske plysje tweintich studinten oppakt, formeel op 'e beskuldiging fan it hamsterjen fan iten. Seis net-Joadske studinten waarden gau wer frijlitten, wylst de Joaden net folle letter nei de konsintraasjekampen deportearre waarden. Ien inkele Joadske studint, Morris Schnitzer (b. 1922) wist troch de efterdoar út te naaien nei't er tastimming krigen hie om syn identiteitsbewiis op te heljen. Hy oerlibbe de oarloch en stie yn 2002 yn syn autobiografy My Three Selves wiidweidich by de razzia stil.
Ek út it Psychiatrysk Sikehûs Frjentsjer, oan 'e Akademystrjitte, waarden troch de Dútsers inkele kearen Joadske pasjinten ophelle. Meubelmakker Bernardus Leijdesdorff en syn frou Ester Pais, dy't yn 1941 eins de iennichste Joaden yn 'e stêd wiene, dy't mei in meubelsaak oan 'e Bredepleats echt in bân mei Frjentsjer hiene, oerlibben de Twadde Wrâldoarloch. Hja sieten ûnderdûkt yn Grou, dêr't se yn 1945 de befrijing meimakken.
Oarlochsdeaden
bewurkje seksjeDe leden fan 'e Joadske mienskip fan Frjentsjer dy't omkamen yn 'e Holokaust, wiene:
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|