Joadske mienskip fan Snits

De Joadske mienskip fan Snits wie de mienskip fan Joaden dy't foarhinne yn 'e Fryske stêd Snits wennen.

De synagoge fan Snits yn 1911.

Yn 'e njoggentjinde iuw bestie der yn Snits in warbere Joadske mienskip, dy't út likernôch 135 persoanen bestie. Der wie in eigen joadske synagoge, de synagoge fan Snits, en in eigen begraafplak, it Alde Joadske Begraafplak yn 'e wyk Ljouwerterdyk. Fan 1897 ôf waard der ek begroeven op it Nije Joadske Begraafplak, dat diel útmakke fan it Algemiene Begraafplak. Oan it begjin fan 'e tweintichste iuw teach in diel fan 'e Joaden út Snits wei, foar it meastepart nei de grutte stêden yn 'e Rânestêd.

 
It Joadsk monumint yn Snits.

Yn 'e 1930-er jierren folge wer in beskieden oanwaaks fan 'e mienskip trochdat guon Joadske flechtlingen út Dútslân en Poalen har doe yn Snits nei wenjen setten. Yn 'e Twadde Wrâldoarloch wiene der ûnder de Dútske besetting fan Nederlân yn Snits 55 Joaden dy't oanmurken waarden foar deportaasje nei de ferneatigingskampen. Ynsafier bekend waarden 22 fan harren ek wurklik wier ôffierd nei de kampen, en fan dy groep oerlibbe mar ien persoan de oarloch. Mar mear as de helte fan 'e Snitser Joaden oerlibbe de oarloch troch ûnder te dûken of te flechtsjen.

Yn ferhâlding ta de sifers dy't jilde foar Nederlân as gehiel is dat in heech persintaazje, want fan alle Nederlânske Joaden oerlibbe mar in fjirdepart de oarloch. De Doperske Sosiëteit yn Snits spile in wichtige rol by it ûnderbringen fan benammen Joadske bern op ûnderdûkadressen. De húshâlding fan dûmny Willem Mesdag allinnich al wie yn dat ramt belutsen by it pleatsen santich bern, fan wa't de measten út Amsterdam wei mei de boat nei Snits ta smokkele waarden. Nei de ôfrin fan 'e oarloch ferfearen alle oerlibjende Snitser Joaden nei Hollân of emigrearren nei Israel. Sa kaam der in ein oan 'e Joadske mienskip fan Snits.

Oarlochsdeaden

bewurkje seksje

De leden fan 'e Joadske mienskip fan Snits dy't omkamen yn 'e Holokaust, wiene:

adres namme berte ferstjerren âldens berop opmerkings
Grutte Tsjerkstrjitte 14 Samuel Zwart Rotterdam, 21 july 1924 Auschwitz, 28 febrewaris 1943 18 jier winkelbetsjinde
Heechein 1 Roosje Pino Snits, 16 april 1884 Sobibor, 16 april 1943 59 jier bakker âldere suster fan Lina Pino
Lina Pino Snits, 20 april 1890 Sobibor, 23 april 1943 53 jier bakker jongere suster fan Roosje Pino
Koarte Feemerkstrjitte 6 Jakob Pino Snits, 23 jannewaris 1900 Auschwitz, 30 jannewaris 1943 43 jier kafeehâlder man fan Erna Pino-Adler
Erna Pino-Adler Hintersteinau (Dútslân), 18 febrewaris 1905 Auschwitz, 22 oktober 1942 37 jier húsfrou frou fan Jakob Pino
Mechgelien Pino Snits, 12 juny 1931 Auschwitz, 22 oktober 1942 11 jier n.f.t. dochter fan Jakob en Erna Pino
Krusebruorrestrjitte 47 Eduard Pino Snits, 24 juny 1890 Sobibor, 13 maart 1943 52 jier ûnbekend man fan Berta Pino-Sichel
Berta Pino-Sichel Fulda (Dútslân), 19 desimber 1893 Sobibor, 13 maart 1943 49 jier húsfrou frou fan Eduard Pino
Margot Pino Fulda (Dútslân), 19 septimber 1920 Auschwitz, 3 septimber 1943 22 jier hierknipster dochter fan Eduard en Berta Pino;
naam yn Amsterdam diel oan it ferset
Ljouwerterkade 21 Emma Martina Turksma-
   Van der Hove
Wynskoat, 21 augustus 1889 Auschwitz, 23 novimber 1942 53 jier húsfrou
Looxmagrêft 8 Levie Nathan Velleman Snits, 4 maart 1862 Auschwitz, 19 novimber 1942 80 jier keapman
Beeltje Ekstein-Godschalk Roan, 22 desimber 1867 Auschwitz, 19 novimber 1942 65 jier húshâldster
Parallelwei 21 Max Kuyt Snits, 17 augustus 1895 Auschwitz, 30 septimber 1942 47 jier keapman
Ella Lebenstein Epe (Dútslân), 28 maart 1907 Auschwitz, 23 novimber 1942 35 jier húshâldster
Prinsesse Julianapark 17 Lion van Gelder Harns, 18 maart 1889 Auschwitz, 19 novimber 1942 53 jier merkkeapman man fan Carolina van Gelder-Bilderbeek
Carolina van Gelder-Bilderbeek Swol, 6 july 1890 Auschwitz, 19 novimber 1942 52 jier húsfrou frou fan Lion van Gelder
Moritz Rothschild Dörzlach (Dútslân), 3 april 1883 Auschwitz, 23 novimber 1942 59 jier ûnbekend man fan Berta Rothschild-Golomb
Berta Rothschild-Golomb Tarnow (Poalen), 13 oktober 1891 Auschwitz, 23 novimber 1942 51 jier húsfrou frou fan Moritz Rothschild
Súpmerk 15 Rozet IJzerman Amsterdam, 26 septimber 1926 Midden-Jeropa, 30 juny 1944 17 jier n.f.t. ûnderdûkt by de fam. Lever
Twadde Easterkade 9 Philip Rodrigues Amsterdam, 14 maaie 1902 Auschwitz, 10 novimber 1942 40 jier fertsjintwurdiger
Waling Dykstrastrjitte 53 Esther van der Vliet-Gudema Alde Pekela, 14 april 1901 Auschwitz, 23 novimber 1942 41 jier húsfrou

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dijkstra, Tsjomme, Sporen van Joodse Snekers, yn: de Ljouwerter Krante, 3 maaie 2018, s. 36-37.