Algemien Begraafplak fan Snits
It Algemiene Begraafplak fan Snits leit oan de Tsjerkhofleane 31 yn Snits.
It hôf waard yn 1827 yn gebrûk naam, in pear jier earder as de bedoeling wie. Oarsaak: in ôfgryslike epidemy, feroarsake troch in oerstreaming.
Troch in swiere stoarm yn kombinaasje mei in springfloed bejoegen yn de nacht fan 3 op 4 febrewaris 1825 de diken it, dy't de Fryske Súdwesthoeke beskermen tsjin de Sudersee. It sâlte wetter ferovere de iene polder nei de oare en krong djip de provinsje yn.
Op 6 febrewaris wie it heech lizzende sintrum fan Snits in eilân wurden yn in ûnúteagbere wetterflakte en it wetter yn de stedsgrêften stie heger as ea. It soe oant heal april duorje ear't it lân om de stêd hinne drûchfoel. It wetter hie gâns skea feroarsake: tûzenen dieren wiene omkommen en mannich boer moast mei biddeljen troch de tiid komme. Lykwols, it slimste moast noch komme: de goalera.
Goalera
bewurkje seksjeYn de simmer fan 1826 stonk it súdlik fan de himdiken fan Snits nei rotsjend gers, dat troch it seewetter ôfstoarn wie. Talrike wellen en reinwettersbakken wiene bedoarn om't der kringen yn lein hiene; skjin drinkwetter wie amper te krijen. It ûngewoan hjitte waar fan dy simmer wie dêrnei it lêste triuwke dat nedich wie om de goalera útbrekke te litten.
De besmetlike sykte gie yn de hiele Súdwesthoeke om, mar foaral yn Snits. Yn it begjin fan 1826 telde Snits 6379 ynwenners. Wie it stjertesifer yn Snits tusken 184 en 1844 it jier yn trochsneed 183, yn 1826 wie it 545. Hast in tsiende part fan de befolking stoar dus yn 1826 en yn 1827 ferstoaren 326 ynwenners. Hoefolle fan harren stoaren oan de sykte is net bekend, mar it is wol dúdlik dat dêrtroch hiel wat slachtoffers foelen.
De goalera betsjutte ek ekonomysk in klap foar Snits. De stêd moast in soad jild útjaan om maatregels treffe te kinnen dy't de gefolgen fan de goalera beheine moasten en it op 'e nij útbrekken fan de sykte tefoaren komme moasten.
Ien fan de maatregels wie yn 1826 it ferbieden fan it begraven yn de Martinitsjerke. Yn 1827 waard it (Âld) Hôf om de tsjerke hinne sletten.Sa koene tsjerke en hôf gjin besmettingsboarne mear wêze en it stedsbestjoer luts fl. 2902, 451/2 út om it Martinihôf oer it hiele oerflak oan te stampen en mei stien en semint te befluorjen.
Oan de Koarte Freugde waard, earder as de bedoeling wie in nij hôf oanlein. Dat wie net allinne needsaaklik om nij besmettingsgefaar tefoaren te kommen, mar ûndertusken ek omdat it (Âld) Hôf om de Martinitsjerke hinne fol rekke wie mei al dy slachtoffers fan de sykte.
It ûntwerp fan it nije hôf waard makke troch stedsarsjitekt Pieter Jentsjes Rollema en op 3 desimber 1827 koe de earste deade dêr te hôf brocht wurde. Yn 1828 krige de leane dy't nei it hôf liedt offisjeel de namme Tsjerkhôfsleane. Dêrmei wurdt dus ûnrjochtlik suggerearre dat er nei in hôf by in tsjerke liedt.
It eardere kleaster
bewurkje seksjeSnits wie ien fan de earste gemeenten yn ús lân dy't in nij hôf oanlei. Op 28 augustus 1827 krigen alle gemeenten mei mear as tûzen ynwenners fan kening Willem I it befel om bûten de beboude kom in hôf yn te rjochtsjen, mar de measte gemeenten skytskoarren dêr danich tsjinoan en stelden de oanlis út. Stêden sieten yn dy tiid om samar te sizzen finzene yn de âlde festingwurken en it yn gebrûk nimmen fan grûn bûten de stedsgrinzen soarge foar problemen. Dêrfandinne dat lanlik earst yn 1829 definityf in ein makke wurde koe oan it begraven yn en om tsjerken hinne.
Snits hie lykwols in geskikt plak ta syn foldwaan bûten de festingwurken foar it oanlizzen fan in nij hôf mei it terrein fan it eardere Hospitaal fan de Johanniters. Dat stik grûn lei op romme ôfstân fan de stêd en hie in goede ferbiningswei mei dêrnjonken in feart.
De goalera-epidemy brocht it gemeentebestjoer derta de oanlis fan it hôf mei faasje oan te pakken. De eangst foar de gefolgen fan besmetlike sykten siet sa djip dat by de yngong fan it nije hôf sels in stiennen trep yn de wâlkant mitsele waard. Ynwenners dy't oan in besmetlike sykte ferstoarn wiene, koene dan oer wetter nei har lêste rêstplak brocht wurde. Dy unike mitsele trep is noch altyd oanwêzich. Hy waard yn 2001 restaurearre.
It Algemiene Hôf is ûndertusken net mear it ienige hôf yn Snits. Al foar it midden fan de 19e iuw waard oan de eastkant fan de stêd in Joadsk en yn it midden fan de tweintichste iuw oan de noardkant fan de stêd it Roomsk Katolike hôf oanlein.
Ferskaat
bewurkje seksje- Op it hôf is in tinkmonumint fan de famylje Lever, dy't yn de Twadde Wrâldoarloch belutsen wie by it ferset.
- Yn 1958 waard as ôfsluting fan in útwreiding fan it Algemiene Hôf op de grins mei it nije diel in keunstwurk fan Jan Murk de Vries pleatst.
- Yn 2005 is it hôf útwreide mei in stiltetún en in monumint foar it ûnberne libben.
Ekstra ynformaasje
bewurkje seksjeYn de histoarje bestiet it byld dat de sykte dy't yn 1826 en folgjende jierren yn Snits omgie, goalera wie. Dat kin net sa wêze, want goalera kaam yn 1832 foar it earst yn Nederlân foar. Der gie yn de jierren nei 1826 dus in oare besmetlike sykte om. De medyske wittenskip wie net safier foardere dat de minsken de sykte thúsbringe koene. Wierskynlik wie it tyfus of malaria. Nei alle gedachten hawwe de minsken letter, nei't Nederlân freeslike ûnderfiningen mei goalera opdien hie, tocht dat de sykte fan 1826 ek goalera west hawwe moast. Dat soe ferklearje kinne wêrom't it byld ûntstien is dat Snits nei de wettersneed fan 1825 te lijen hie fan goalera.
Sjoch ek
bewurkje seksje- Grinzer sykte, oer de malaria-epidemy dy't de stoarmfloed fan 1825 yn Grins fan gefolgen hie.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|