Synagoge fan Snits
De Synagoge fan Snits is it eardere godshûs fan de joadske mienskip, dat yn de Snitser binnenstêd stie.
Synagoge fan Snits | ||
De synagoge yn 1911. | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest-Fryslân | |
plak | Snits | |
adres | Wide Burchstrjitte 5 | |
koördinaten | 53°2' N 5°39' E | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Albert Breunissen Troost | |
boujier | 1836 | |
sloopjier | 1949 | |
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeFòàr de bou fan de synagoge fan Snits, die ûnder oare in boppekeamer oan de Dimpte Pôle tsjinst as gebedsromte. De earste synagoge, in ûntwerp fan Albert Breunissen Troost, waard yn 1836 boud oan de Wide Burchstrjitte.
Yn 1880 waard op itselde steed in nije synagoge boud. It gebou hie trije tuorkes yn de foarm fan minaretten en waard yn 1905 restaurearre. Yn de Twadde Wrâldoarloch, by in razzia op 3 novimber 1944, is gâns de synagoge plondere en folslein teneate dien troch NSB'ers.
Nei de oarloch, yn 1949, binne de restanten (besteande út allinnich de muorren) ek fuorthelle. Sûnt dy tiid hat Snits gjin synagoge mear. In jier nei de sloop, waard de joadske gemeente by dy fan Ljouwert foege. De njoggenearmige kandler en in foarhang waarden oan Kfar Batya yn Israel skonken. Op 'e lokaasje oan de Wide Burchstrjitte is letter in winkelpân set.
Monumint
bewurkje seksjeSûnt 1995 wie der ta neitins fan 'e synagoge in betinkingsstien yn 'e foarm fan in joadske stjer. Om de tinkstien stie in bôge muorke mei de nammen fan 'e 25 joaden dy't yn 'e Twadde Wrâldkriich yn 'e konsintraasjekampen omkamen. Om't de muorre faak as fytsehek of bank brûkt waard, is dy yn 2002 ferhûze nei de tún efter it stedhûs.
Hjoed-de-dei stiet ta neitins fan 'e synagoge en de joadske mienskip op dat plak in modern monumint út 2023. It is makke troch Piet Cohen en bestiet út stalen trijehoeken mei yn 'e midden in oantal trijehoeken dy't ûntbrekke en meiïnoar in Davidstjer foarmje. De ûntbrekkende trijehoeken steane symboal foar de joaden dy't deportearre binne.[1]
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|