Keapman

(Trochferwiisd fan Merkkeapman)

In keapman (meartal: keaplju; as froulike foarm wurdt soms keapfrou brûkt) is in persoan dy't keapwaar opkeapet en dêrnei trochferkeapet mei as doel om dêrby winst te meitsjen. Dêrby fungearret er yn 'e regel as tuskenpersoan tusken de produsint en de konsumint, hoewol't it ek wêze kin dat dêr ek noch ien of mear oare keaplju tuskenyn sitte. It belang fan keaplju is dat se keapwaar faak opkeapje op ien plak (bgl, om it foarbyld fan 'e VOC te brûken, yn Nederlânsk-Ynje) en it wer ferkeapje op in oar plak (yn it gefal fan dit foarbyld Nederlân). Mar de ôfstân hoecht fansels net sa grut te wêzen; foarhinne bestiene yn Fryslân bgl. bûterkeaplju, dy't by de boeren bûter opkochten en it yn 'e stêd (of yn gruttere doarpen) wer ferkochten oan 'e boargers. Ek is it mooglik dat keaplju op ien en itselde plak fungearje as tuskenpersoan tusken de produsint en de konsumint, sadat de produsint him net ek ta hoecht te lizzen op ferkeap. Ut dit soarte fan hannel (of mei in âld wurd keappenskip, útspr.: "kjeppenskip") is de moderne detailhannel ûntstien, en winkellju, dy't tsjintwurdich yn 'e regel net mear as keaplju sjoen wurde, wiene dat fan âlds wol. In winkelman is dan goed en wol beskôge ek neat oars as in sedintêre keapman, yn tsjinstelling ta de omreizgjende kreammers en sutelders fan eartiids of de hjoeddeistige merkkeaplju.

keaplju yn de haven fan Dantzig, 17e iuw

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References and sources, op dizze side.