Streektaal

In streektaal is in taal, gewoanlik yn ien regio konsentrearre, dy't nearne lânstaal is.

Nederlân hat it Nederdútsk en it Limboarchsk erkend as streektalen neffens it Jeropeeske Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden. Dit ferplichtet it bewâld ta it fuortsterkjen fan dy talen. Oars as by in minderheidstaal hâldt it net in status as rykstaal yn. Om't in eask fan it hânfêst is dat de talen in skiednis ûnôfhinklik fan de standerttaal hawwe moatte is der gjin erkenning foar Hollânsk, Brabânsk of Siuwsk.

Wiki letter w.svg
Dit artikel is in stobbe.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.