Skiermûntseagersk

It Skiermûntseagersk (Skiermûntseagersk: Schiermonnikeigers of Schiermonnikoogs, ek wol Eilanders) is it Fryske dialekt fan it ta de provinsje Fryslân hearrende Waadeilân Skiermûntseach. Dizze fariant fan it Frysk is net nau besibbe oan 'e dialekten fan it fêstelân, en likemin oan 'e oare Fryske eilândialekten, dy't op Skylge sprutsen wurde. It hat tige argayske grammatikale foarmen beholden, lykas in systeem fan grammatikale ferbûging (grammatika)ferbûgings fan eigenskipswurden, en om't it dêrtroch ynteressant is foar taalkundigen, is it ien fan 'e bêst fêstleine dialekten fan Nederlân. Lykwols wurdt it noch mar troch in lyts groepke lju sprutsen, en liket it stadichoan út te stjerren. Yn 2018 begûn in groepke taalhobbyisten op 'e fêste wâl it dialekt mei-inoar te praten.[1]

Skiermûntseagersk
algemien
oare namme(n) Skiermuontseagersk
eigen namme Schiermonnikeigers, Schier-
monnikoogs
, Eilanders
lânseigen yn Nederlân
tal sprekkers 120 (2001)
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Noardwestgermaansk
        ● Frysk
          ● Westerlauwersk Frysk
            ● Skiermûntseagersk
dialekten gjint
taalstatus
offisjele status gjint
erkenning as
minderheidstaal
Nederlân:
  ● Fryslân (as streektaal?)

Skiermûntseach tanket syn hjoeddeiske namme oan 'e Sistersiënzer mûntsen, dy't fanwegen har grize pijen ek wol "skiere mûntsen" neamd waarden. De Sistersiënzers fan it kleaster Klaarkamp, by Rinsumageast, dat yn 1165 stifte wie, rekkenen yn 'e Midsiuwen nammentlik it eilân, dêr't se in úthôf hiene, ta it besit fan har kleaster. As tsjerklik goed kaam Skiermûntseach sadwaande yn 1580, doe't yn Fryslân de Reformaasje trochfierd waard, ûnder bestjoer fan 'e Steaten fan Fryslân. Dy ferkochten it yn 1640, en sa waard it eilân partikulier besit, dat iuwenlang fan 'e iene eigner op 'e oare oergie. Uteinlik kaam it yn 1893 yn eigendom fan it Dútske aadlik laach fan Bernstorff-Wehningen, mei as gefolch dat it nei de Twadde Wrâldoarloch foar fijanlik besit oanmurken en troch de Nederlânske steat konfiskearre waard. Pas doe waard it eilân in Fryske gemeente.

 
De lokaasje fan it Skiermûntseagersk yn it Fryske taalgebiet.

Underwilens hie it Skiermûntseagersk him doe ûntjûn ta in unike foarm fan it Frysk, dy't sterk ôfwykt fan 'e Fryske standerttaal. Soks kin yn it foarste plak weromfierd wurde op it feit dat it eilân iuwenlang sterk isolearre west hat, mear noch as de oare Waadeilannen, dêr't mear oan hannel, fiskerij en walfiskfeart dien waard. Dat der mar selden kontakten mei de bûtenwrâld wiene, late ta it ûntstean fan in besletten mienskip mei op taalkundich mêd sterk behâldende skaaimerken. Dêrby wie it Skiermûntseager dialekt mooglik ek al fan in min ofte mear ôfwikende oarsprong, mei't it eilân krekt op 'e skieding leit fan it Westerlauwersk Fryske en it Easterlauwersk Fryske taalgebiet. Party taalhistoarisy wolle boppedat hawwe it Skiermûntseagersk tebekgiet op 'e Earste Fryske Emigraasjeweach, dy't ek as ferklearring foar it bestean fan 'e ôfwikende eilândialekten fan it Noardfrysk oanfierd wurdt. Nei't de Grinzer Ommelannen oan 'e ein fan 'e fyftjinde iuw ûntfryske rekke wiene, hat it Skiermûntseagersk fierders in ûntsjinsisbere, sij it net bot sterke, ynfloed fan it Nedersaksyske Grinslânsk ûndergien.

It Skiermûntseagersk genietet op Skiermûntseach gjin offisjele status of erkenning. Ek yn 'e provinsje Fryslân beskikt it as Frysk dialekt net oer erkenning los fan 'e Fryske standerttaal, en mei't it Skiermûntseagersk frij fier fan dat Standertfrysk ôfstiet, hat de offisjele status dy't it as dialekt dêrfan yn prinsipe dielt, yn 'e praktyk net folle te betsjutten. Hoewol't men it Skiermûntseagersk ynformeel sûnder beswier as ien fan 'e streektalen fan Fryslân beskôgje kinne soe, is it mar de fraach oft dat wetlik ek ta de mooglikheden heart, yn acht nommen dat mei "streektalen" yn 'e Fryske kontekst ornaris ferwiisd wurdt nei de net-Fryske dialekten yn Fryslân. As ôfwikend dialekt fan it Frysk, mei syn offisjele status, liket it Skiermûntseagersk in bytsje tusken de wâl en it skip yn rekke te wêzen.

 
Yn 'e dunen fan Skiermûntseach.

Hoewol't yn Fryslân sûnt 1980 ûnderwiis fan it Frysk op 'e basisskoallen ferplichte is, hat de gemeente Skiermûntseach dêr frijstelling fan, en follet de skoalle op it eilân de sa frijkommen tiid yn mei lessen "hiemkunde", oer de Skiermûntseager kultuer. Der wurdt lykwols gjin spesifyk ûnderwiis yn it Skiermûntseager dialekt fersoarge.

De wichtichste foarfjochter fan it Skiermûntseagersk wie Douwe Fokkema sr. (1890-1983), dy't him fan 'e midden fan 'e tweintichste iuw ôf o sa foar syn memmetaal ynsette. Sa skreau er yn 1960 de Beknopte Spraakkunst van het Schiermonnikoogs, en ek publisearre er yn 1968 by de Fryske Akademy de earste wurdlist fan it dialekt, de Wezzenlist fan it Schiermonnikoogs. Yn 1979 ferskynde fierders ûnder syn redaksje it Schiermonnikoger Lôzbúek, it earste lêsboek foar skoalbern yn it dialekt. Teffens wie Fokkema aktyf as oersetter, wêrby't er û.m. in grut diel fan it tsjerklik lietboek, it Evangeelje fan Mattéus, it bibelboek Ruth en ferskate oare bibelfragminten nei it Skiermûntseagersk ta oerbrocht. Yn dyselde tiid skreaune ek dichters as Lammert Wiersma, Pita Grilk en Jacob Fenenga yn it eilândialekt.

Sûnt de jierren tachtich oant it earste desennia fan 'e 21ste iuw bestie op Skiermûntseach de Taalplúech, in wurkgroep wêrfan't de leden koarte ferhalen en gedichten yn it eilândialekt skreaune. Teffens fersoarge dizze organisaasje kursussen foar oarstaligen om it dialekt ûnder de knibbel te krijen; yn 2001 wiene der sa'n tweintich minsken dy't op dy wize it dialekt learden, wylst der yn 2004 sa'n tritich dielnimmers wiene. Yn De Dorpsbode fan 15 oktober 2009 waard de lêste oprop dien ta dielnamme oan de Taalplúech, mar der wiene gjin nije leden en dermei wie it besteansrjocht fan de Taalplúech yn 2009 effektyf beëinige. It Skiermûntseagersk wurdt ek noch brûkt foar muzyk. Sa hawwe Henriëtte Pieperiet-Van Bon en Greta Hoogvliet in cd útbrocht mei lietsjes yn it dialekt, mei as titel Eilander Liêten, fan de Lytje Pole.

Yn 'e njoggentiger jierren stalde Els Perdok (de suster fan Henriëtte Pieperiet) in nije wurdlist gear, dy't úteinlik nei in jier as njoggen yn 2001 yn útwreide foarm op it eilân publisearre waard as it 400 siden tellende Woordenboek Nederlands-Schiermonnikoogs, by de Kultuerhistoaryske Feriening 't Heer en Feer. Dêryn binne ek noch nije wurden opnommen, lykas steunkar foar "rollator". Yn 2002 kaam der by de Fryske Akademy in oar Skiermûntseagersk wurdboek út, it tritichtûzen wurden tellende Eilander Wezzenbúek, gearstald troch Willem Visser en Siebren Dyk.

It Skiermûntseagersk is it lytste libbene dialekt fan it Westerlauwersk Frysk. Yn 2000 berjochte Omrop Fryslân as ûnderdiel fan in reportaazje dy't oan it dialekt wijd wie, dat der doe noch mar sa'n 50 sprekkers wiene. Els Perdok, de skriuwster fan it Woordenboek Nederlands-Schiermonnikoogs, kaam lykwols yn 2001 noch út op 120 sprekkers.[2] Neffens gegevens út De Bosatlas van Fryslân, fan 2009, soe doe noch 19% fan 'e eilânbefolking Skiermûntseagersk sprutsen hawwe, wat op in befolking fan 951 minsken (selde boarne) útkomt op goed 180 sprekkers.[3] De ferklearring foar it ferskil yn sprekkersoantallen moat faaks socht wurde yn 'e kritearia dy't hantearre wurde foar de tellings.

 
De fjoertoer fan Skiermûntseach.

Yn alle gefallen wurdt it Skiermûntseagersk hast útslutend noch sprutsen troch de âlderein op it eilân en sadwaande nimt it sprekkerstal stadichoan ôf. It dialekt balansearret dêrmei op it rântsje fan it útstjerren. Der is op Skiermûntseach noch mar ien gesin, dat fan doarpsomropper Jelle Woudstra, dêr't de bern yn it dialekt grutbrocht wurde.[4]

Op 11 augustus 2018 ferskynde in artikel yn it Frysk Deiblêd dat omtinken skonk oan Dyami Millarson. Dy hie himsels nei syn jierdei yn 52 dagen tiid it Skiermûntseagersk eigen makke.[5] Foar syn jierdei hied er himsels al yn in moanne tiid it Aastersk fan Skylge leard.[6] Yn 'e mande mei Dyami Millarson setten de Hongkonger Ken Ho en de Italjaan Giovanni Pinto har yn foar it Skiermûntseagersk. Op 24 augustus 2018 ferskynde in artikel yn De Telegraaf oer it earste besyk dat Millarson mei syn freonen brocht hie oan it eilân. Dat histoaryske momint wie, neffens De Telegraaf tige emosjoneel foar de âlderein dy't de taal noch sprekke kin, want dit jout nij perspektyf foar it oerlibjen fan it Skiermûntseagersk.[1] Om't de trije jongeren in ynternasjonaal selskip binne, wurdt de taal no brûkt foar ynternasjonale kommunikaasje, en dêrmei hat it in nije funksje foar de takomst krige.[5] Millarson en syn maten wolle de taal fan Skiermûntseach wer cool meitsje.[7]

Taaleigenskippen

bewurkje seksje

Oarstalige ynfloeden

bewurkje seksje

It Skiermûntseagersk hat troch de iuwen hinne in dúdlike ynfloed ûndergien fan 'e Nedersaksyske dialekten fan Grinslân, benammen fan it Hegelânsk en yn mindere mjitte fan it Westerkertiersk. Soks is bygelyks te merken oan it faak foarkommen yn it Skiermûntseagersk fan 'e typysk Hegelânske klanken "ai" en "au". Ek de Noardgermaanske talen fan Skandinaavje hawwe yn it ferline in beskate ynfloed op it Skiermûntseagersk útoefene. Guon famyljenammen op it eilân wize ek noch op in Deensk komôf.

It Skiermûntseagersk is in frijwat behâldende foarm fan it Frysk, en it iennichste Fryske dialekt dat noch in yngewikkeld systeem fan ferbûgings fan eigenskipswurden bewarre hat (gauris foutyf oantsjut as in namfallesysteem. Om't it dêrmei sterk op it Aldfrysk liket, bestiet der grutte wittenskiplike belangstelling foar dizze taalfariant, en dat hat wer ta gefolch hân dat it Skiermûntseagersk no ien fan 'e bêst dokumintearre dialekten fan hiel Nederlân is.

Einûntstimming

bewurkje seksje

In foarbyld fan 'e behâldende kwaliteiten fan dit eilândialekt is bygelyks dat it Skiermûntseagersk foarhinne stimhawwende bylûden oan 'e ein fan wurden hie, sa't it Frysk dat lang lyn ek hân hawwe moat. Dus wurden as raid ("read") en root ("rôt") hiene net deselde einklank (mei't de d oan 'e ein fan raid net ferwaard ta in t-klank, of, yn taalkundich jargon, om't der gjin einûntstimming plakfûn). Dit ferskynsel is lykwols ek yn it Skiermûntseagersk hast útstoarn en inkeld by de âldste sprekkers komt it tsjintwurdich noch foar.[8]

Grammatikale ferbûgings fan eigenskipswurden

bewurkje seksje

It meast opfallende hjoeddeistige ferskil mei it Standertfrysk is it al neamde systeem fan grammatikale ferbûgings. Dat giet sa:

geslacht Standertfrysk Skiermûntseagersk
beskate foarm ûnbeskate foarm
manlik: "reade auto" de raide auto in raiden auto
froulik: "reade fyts" de raid fyts in raide fyts
ûnsidich: "read stopljocht" it raide stopjiet in raid stopjiet

Mei oanwizende foarnamwurden wurdt it noch justjes dreger:

geslacht tichteby fierôf
Standertfrysk Skiermûntseagersk Standertfrysk Skiermûntseagersk
manlik: "dizze reade auto" deze raide auto dy reade auto dy raide auto
froulik: "dizze reade fyts" dees raid fyts dy reade fyts jò raid fyts
ûnsidich: "dit reade stopljocht" dit raide stopjiet dat reade stopljocht dat raide stopjiet
meartal: "dizze reade frachtweinen" deze raide frachtwooinen dy reade frachtweinen dà raide frachtwooinen

Meartalsfoarming

bewurkje seksje

Foar de meartalsfoarming beskikt it Skiermûntseagersk oer trije efterheaksels: -e, -s en -en. De yn it Standertfrysk net foarkommende foarm op -e is reservearre foar froulike haadwurden: beut ("boat") wurdt beute ("boaten"); kat ("kat") wurdt kôte ("katten") en blom ("blom") wurdt blome ("blommen"). Manlike en ûnsidige haadwurden krije meartallen op -s of -en: aimel – aimels ("eamel", m.); hynjer – hynjers ("hynder", û.); bieuwr – bieuwren ("boer", m.); gleis – gleizen ("glês", û.). Dochs is dit systeem net wetterticht, mei't froulike wurden dy't nei minsklike persoanen ferwize, gjin meartal op -e, mar op -s of -en krije: sekretaresse – sekretaresses ("siktaresse"), bieuwrin – bieuwrinnen ("boerinne"). En teffens binne der manlike en ûnsidige útsûnderings dy't yn it meartal in útgong op -e krije, lykas schúen – schúene ("skoech", m.) en swyn – swiine ("baarch", û.).

Ferlytsingsfoarmen

bewurkje seksje

Oars as alle oare Fryske dialekten hat it Skiermûntseagersk gjin ferlytsingsfoarmen, lykas "hûntsje" of "húske". Krekt as it Ingelsk, dat likemin oer sokke foarmen beskikt, wurdt yn it Skiermûntseagersk it eigenskipswurd lytj ("lyts") foar in haadwurd pleatst om in ferlytsend effekt te kreëarjen. In lytj hynjer is dat in "hynderke" en in lytje metreus is in "matroaske". Ek de Lytje Pole, letterlik "it Pôltsje", ien fan 'e meast brûkte oantsjuttings foar it eilân Skiermûntseach yn it eigen dialekt, hat dy foarm. Oarspronklik moatte ek yn it Skiermûntseagersk ferlytsingsefterheaksels foarkommen wêze, mar dy binne meitiid weiwurden. Hoe't sokke foarmen derút sjoen hawwe, wurdt dúdlik troch in beheinde groep haadwurden yn acht te nimmen wêrby't sa'n histoaryske ferlytsingsfoarm ferstienne is, bgl. mutjen ("muoike") en petjen ("pet"). It efterheaksel -tjen is lykwols net mear funksjoneel, dat om by sokke wurden in ferlytsingsfoarm te berikken, sprekt men dochs wer fan in lytje mutjen of in lytj petjen.

 
Doarpsgesicht yn Skiermûntseach-Doarp.

Mulwurdsfoarming

bewurkje seksje

In oar ferskil mei it Standertfrysk, mar in oerienkomst mei it Ingelsk, is dat mulwurden it efterheaksel -ed krije kinne as se (ek) as eigenskipswurd fungearje. Sa kin men it dus hawwe oer in heskôked ooi ("in hurdsean aai") of kin men sizze dy man is gúed ynwerked ("dy man is goed ynwurke"). De op dy wize foarme eigenskipswurden kinne dan ek wer gewoan ferbûgd wurde: in grien farveden stúel ("in grien ferve stoel"). As dêrtroch in rige fan trije wurdlidden sûnder klam foarme wurdt, lykas by it tiidwurd mitselje ("mitselje"), dêr't eins de foarm mitseleden (mei trije sjwa's efterinoar) ûntstean soe, dan falt it middelste ûnbeklamme wurdlid dertuskenút. It is dus in mitselden mieuwre ("in mitsele muorre").

Oare bysûnderheden oangeande de tiidwurdsferbûging

bewurkje seksje

By tiidwurden op -je docht him ek it ferskynsel foar dat it (koarte) lûd yn 'e stam fan it wurd oprutsen wurdt ta in lange fokaal as de foarm fan it oangeande wurdlid by de ferbûging feroaret fan sletten ta iepen. Dus men seit bgl. fan ik winje ("ik wenje") en wy winje ("wy wenje"), mei de i fan "pit", mar it is dò weneste ("do wennest") en ik hew wene ("ik haw wenne"), mei de lange e fan "reek". In oare eigenaardichheid fan 'e ferbûging fan tiidwurden op -je is dat de trêde persoan inkeltal notiid yn it Skiermûntseagersk gjin útgong op -et kriget, mar op -e, en sadwaande inkeld troch de kontekst ûnderskaat wurde kin fan 'e doetiidsfoarm. By it tiidwurd werkje ("wurkje") seit men dus fan hy werke, wat sawol "hy wurket" as "hy wurke" betsjutte kin.

Klanklear en Stavering

bewurkje seksje

Ek op it mêd fan 'e klanklear en stavering besteane der frijwat ferskillen tusken it Skiermûnteagersk en it Standertfrysk. As wichtichste ûnderskie jildt dat it Skiermûntseagersk de nijere brekking (it ferskynsel dat soarget foar de lûdsferoaring tusken "beam" en "beammen") net hat. In oar grut ferskil is dat it Skiermûntseagersk net oer nasale lûden beskikt (sa't it Standertfrysk dy hat yn wurden as "aanst", "iensum", "lins" en "ûnsin"). Fierders makket it eilândialekt op it mêd fan 'e lûden ûnderskie tusken twa soarten koarte a's: it koarte net-rûne iepen foarlûd, oftewol de a fan "kap", en it koarte net-rûne iepen efterlûd, dat men oantsjutte kinne soe as de a fan "bak", al wurdt dy yn it Standertfrysk net bewust útsprutsen, mar inkeld reälisearre as in fariant fan 'e earste a. It ferskil is dat de twadde foarm fierder nei efteren yn 'e mûle útsprutsen wurdt. Oarsom komme de o fan "hok" en de û fan "rûch" yn it Skiermûntseagersk inkeld foar yn lienwurden, krekt as de twalklank [u.ǝ], fan "goed".

 
Oan it strân fan Skiermûntseach.

De twaklanken "aai", "ai" en "ei" wurde útsprutsen lykas yn it Wâldfrysk. De "au" komt gauris yn it stee fan 'e â, dy't yn it eilândialekt ûntbrekt; ferlykje foarmen as aud ("âld"), haun ("hân"), laun ("lân"), saun ("sân") en straun ("strân"). De "ea" fan "beam" en "eo" fan "freon" komme yn it Skiermûntseagersk allinne mar foar as se foàr in r steane, yn 'e kombinaasjes eer en eur. Wol is dêrby mooglik dat dy r stom is (yn 'e taalkunde r-deleesje neamd), lykas yn it wurdt meurn ("moarn"), dat rymt op "gleon". It iennichste Skiermûntseagerske lûd dat net foarkomt yn it Standertfrysk is de twaklank eeuw, dy't útsprutsen wurdt as [ɛ.ṷ], dus de ê fan "bêd", folge troch de û fan "rûch".

Wat de konsonanten oangiet, komt it Skiermûntseagersk grutdiels oerien mei it Standertfrysk. Sa stiet ek hjir nea in z, v of ch oan it begjin fan in wurd. En in g dy't in wurdinisjale posysje hat, wurdt altyd útsprutsen as de "hurde" plofklank [ɡ] (fan "goed"), en nea as de "sêfte" wriuwklank [ɣ] (fan drage). Lykwols besteane der sterke oanwizings dat soks net altyd sa west hat, en dat de "hurde" g in frij resinte ûntliening oan it Standertfrysk is, dy't oarspronklik yn it eilândialekt net foarkaam. Krekt as de Fryske eilândialekten fan Skylge (it Skylgersk en it Aastersk) beskikt it Skiermûntseagersk oer de konsonantekluster [sx] (sch fan school) as ekwifalint foar de Standerfryske [sk] (sk fan "skoalle"), lykas yn schúele ("skoalle") en schiimer ("skimer"). It is al nuveraardich dat it ferhollânske Amelânsk dêrfoaroer krekt de [sk] beholden hat. Ek de troch-Fryske klank [ʧ] (tsj fan "tsjerke") komt net yn it Skiermûntseagersk foar, dat dêrfoar as ekwifalint de [c] (tj fan "tjems") oanhâldt, lykas yn tjattel ("tsjettel") en tjúenderee ("tsjoenderij"), en ek tjiis ("tsiis"), mei't de [ʦ] (ts fan "tsien") yn it eilândialekt krektlyk ûntbrekt.

Al mei al binne de ferskillen op it mêd fan 'e klanklear tusken it Skiermûntseagersk en it Standertfrysk sa grut dat Friezen fan it fêstelân der klauwen oan hawwe sille om in eilanner dy't it eigen dialekt sprekt, te ferstean. Ferlykje bygelyks de folgjende wurden: airk ("jerk"); beum ("boaiem"); eeuwnrast ("ûnrêst"); fieuwl ("fûgel"); got ("grut"); hes ("hurd"); jiet ("ljocht"); jocht ("rjocht"); júer ("djoer"); lytj ("lyts"); oofgreeuwn ("ôfgrûn"); peeuwn ("pûn"); scheeuwe ("skowe"); tjarkhafsbimmen ("tsjerkhôfsbeammen"); tjaune ("justerjûn"); en wes ("wurd"). It is allegearre wol nei te kommen as men it sa op papier sjocht, mei de betsjutting derby, mar yn it spraakgebrûk sil sûnder foarkennis de fersteanberheid dochs yn 'e knipe komme.

Oare ferskillen berinne bygelyks it mêd fan 'e stavering. Sa wurdt yn it Skiermûntseagersk de [i] (i fan "bite") altyd stavere mei in y, ek as er yn in iepen wurdlid foarkomt, dus wyt ("wyt"), mar as men dat wurd ferbûcht, dan wurdt it bgl. wyte snie ("wite snie"). Krektsa wurdt de lange [i:] (ii fan "wiid") yn it Skiermûntseagersk altyd mei "ii" skreaun, ek yn iepen wurdlidden. Dus it meartal fan tiid ("tiid") is tiiden ("tiden"). De lange ú, oan 'e oare kant, wurdt yn tichte wurdlidden stavere as "uu", lykas yn suuch ("sûch"), mar yn iepen wurdlidden as ú, lykas yn súgen ("sûgen"). Ek de twalûden [ɪ.ǝ] (fan "beam"), [o:i̭] (fan "moai") en [y.ǝ] (fan "flues") wurde yn it Skiermûntseagersk oars stavere as yn it Standertfrysk, nammentlik as ee, ooi, resp. úe.

De stavering fan it Skiermûntseagersk giet foar it oergrutte diel tebek op 'e stavering dy't Douwe Fokkema sr. yn 1968 foar syn Wezzenlist fan it Schiermonnikoogs brûkte. De stavering (of ) foar de twaklank [i.ǝ] (fan "wiet") en eou foar de typysk Skiermûntseager klank [ɛ.ṷ], dy't men wol tsjinkomt yn it âldere wurk fan dichters as Lammert Wiersma, wie dêryn al oanpast (ta de skriuwwize ie, resp. eeu). Foar de moderne stavering, fêstlein yn it Eilander Wezzenbúek (2002), is Fokkema syn skriuwwize yn oerlis mei de Taalplúech noch justjes oanpast. Sa wurde de twaklanken dy't Fokkema as ieu en eeu skreau no stavere as ieuw en eeuw, wylst koarte fokalen yn in wurdeinige posysje in klamteken krigen hawwe (, , , ) om 'e útspraak dúdliker wer te jaan. De meast yngripende feroaring is dat de stomme r, dy't Fokkema oeral weiliet, no wer skreaun wurdt, mei't it weilitten grutte beswieren bliek te hawwen foar it lêsgemak. Sadwaande hawwe no ferbûgingsfoarmen fan in tiidwurd mei in stam op -r wer in konsekwinte skriuwwize. Allinnich yn wurden dêr't de stomme r inkeld etymologysk fan aard wie, falt er no noch fuort, lykas yn it wurd ben ("bern").

Klankynventaris

bewurkje seksje
koarte lûden
Skiermûntseagerske
stavering
IPA foarbylden omskriuwing
a [a] lakje ("laitsje"), flask ("fleis") de koarte a fan "kap"; komt yn it Skiermûntseagersk eins inkeld foar as ferkoarte foarm njonken
de lange grûnfoarm aa [a:] (laakje, flaask, ensfh.)
a / à [ɑ] brakke ("brekke"), ("sy"/"hja", 3de pers. mt.) de koarte a fan "bak" of hoe't men yn it Ingelsk de earste klank yn London útsprekt
e / è [ɛ] bes ("burd"), rekke ("rekke" en "rikke") de koarte e fan "lek"
e / i [ǝ] de ("de"), in ("in") de sjwa of stomme e fan "gewoan"
y [i] wyt ("wyt"), nydich ("nidich") de koarte i fan "bite"; ek yn iepen wurdlidden mei in y skreaun
i [ɪ] ik ("ik"), mis ("mis") de koarte i fan "pit"
o [ɔ] kok ("kok") de koarte o fan "hok"; komt yn it Skiermûntseagersk inkeld foar yn lienwurden
o / ò [o] got ("grut"), ("te") de koarte o fan "bok"
oe [u] koets ("koets"), poetse ("poetse") de koarte û fan "rûch"; komt yn it Skiermûntseagersk inkeld foar yn lienwurden
u [œ] fut ("fuort"), ulje ("oalje") de koarte u fan "put"
ú [y] krúm ("krom"), múlle ("mûle") de koarte ú fan "tút"
lange lûden
Skiermûntseagerske
stavering
IPA foarbylden omskriuwing
aa / a [a:] daad ("die"), bane ("beane") de lange a fan "baas"
ê [ɛ:] schêne ("rúchskerne"), êve ("êb") de lange ê fan "rêst"
ee / e [e:] leen ("stek", ôffreding), leze ("lizze") de lange e fan "feest"
eu [ø:] seun ("soan"), heuk ("hok") de eu fan "deun"
ii [i:] tiid ("tiid"), gliide ("glydzje") de lange i fan "wiid"; ek yn iepen wurdlidden as "ii" skreaun
ô [ɔ:] gôs ("gers"), dôve ("kûle") de lange ô fan "nôt"
oo / o [o:] stook ("stôk"), fole ("folle") de lange o fan "rook"
uu / ú [y:] schruuf ("skroef"), dúne ("dunen") de lange ú fan "drúf"; yn iepen wurdlidden mei ú stavere, yn tichte mei uu
twalûden
Skiermûntseagerske
stavering
IPA foarbylden omskriuwing
aai [a:i̭] aaie ("aaie"), waai ("wei", suvelprodukt) de aai fan it Wâldfryske "saai"
ai [ai̭] airm ("earm"), sjain ("sjen") de ai fan it Wâldfryske "laitsje"
au [a.ṷ] haun ("hân"), aud ("âld") de au fan "gau"
ee / e [ɪ.ǝ] eers ("kont"), here ("hearre") de ea fan "beam"; bestiet yn it Skiermûntseagersk inkeld foàr in r
eeuw [ɛ.ṷ] fjeeuwr ("fjouwer"), meeuwn ("mole") de e fan "bêd", folge troch de û fan "rûch"; yn âldere teksten wol stavere as eou
ei [ɛ.i̭] heit ("heit"), eich ("each") de ei fan "bij" of it Wâldfryske "dei"
eu [ø.ǝ] feur ("foar"), meurn ("moarn") de eo fan "freon" of eu fan "beurt"; bestiet yn it Skiermûntseagersk inkeld foàr in r (wêrby't it trouwens wol
mooglik is dat dy r stom is, lykas yn meurn, dat rymt op "gleon")
ieuw [i.ṷ] hieuwd ("hûd"), schrieuwe ("skriuwe") de ieu fan "ieu" of "Sieu" (stavering foar 2015)
ie [i.ǝ] schiep ("skiep"), liet ("liet") de ie fan "wiet"; yn âldere staveringen faak skreaun as en ek wol as
oe [u.ǝ] toele ("tuolle") de oe fan "goed"; komt yn it Skiermûntseagersk inkeld foar yn (Standertfryske) lienwurden
ooi [o:i̭] mooi ("mei"), kooi ("kaai") de oai fan "moai"
úe [y.ǝ] dúek ("doek"), úen ("ûne") de ue fan "flues"
ui [ʌi̭] fruit ("fruit"), duit ("duit") de ui fan "bui"; komt yn it Skiermûntseagersk inkeld foar yn lienwurden
Bylûden
Skiermûntseagerske
stavering
IPA foarbylden omskriuwing
b / bb [b] bole ("bôle"), dobber ("dôber") b fan "bêd"
ch [x] nach ("noch"), berch ("berch") ch fan "troch"; komt yn it Skiermûntseagersk nea oan it begjin fan wurden foar
d / dd [d] deus ("doaze"), middel ("middel") d fan "doel"
f / ff [f] faam ("famke"), straffe ("straffe") f fan "fol"
g [ɡ] gúed ("goed"), gain ("gean") g fan "gers"; no yn it Skiermûntseagersk algemien oan it begjin fan wurden, mar der binne oanwizings dat yn it
ferline altyd brûkt de [ɣ] waard
g / gg [ɣ] waigje ("weagje", doare), baggerje ("baggerje") g fan "drage"; no yn it Skiermûntseagersk nea mear oan it begjin fan wurden
h [h] hes ("hurd"), hieuwn ("hûn") h fan "hout"
j [j] júer ("djoer"), leverje ("leverje") j fan "jas"
k / kk [k] kots ("koart"), wakker ("wakker") k fan "kat"
l / ll [l] leus ("slûchslim"), wille ("wille") l fan "lok"
m / mm [m] mem ("mem"), komme ("komme") m fan "mar"
n / nn [n] net ("net", negatyf), kinne ("kinne") n fan "nekke"
ng [ŋ] rakkening ("rekken"), sjonge ("sjonge") ng fan "ding"
nj [ɲ] njúegen ("njoggen") nj fan "njonken"
nk [ŋk] tank ("tank"), stank ("stank") nk fan "bank"
p / pp [p] pyne ("pine"), lappel ("leppel") p fan "pet"
r / rr [r] reus ("roas"), borrel ("boarrel") r fan "rak"
s / ss [s] ("sa"), bassel ("boarstel") s fan "sâlt"
sch [sx] schai ("skea"), scheeuwder ("skouder") sch fan it Nederlânske school; dit is de Skiermûnteagerske ekwifalint fan 'e Standertfryske sk, dy't
yn it Skiermûntseagersk alhiel ûntbrekt
sj [ʃ] sjeeuwe ("sjouwe"), sjotte ("sjitte") sj fan "sjippe"
t / tt [t] taim ("team", gereid), batter ("better") t fan "tosk"
tj [c] tjark ("tsjerke"), tjoster ("tsjuster") tj fan "tjems"; dit is de Skiermûnteagerske ekwifalint fan 'e Standertfryske tsj [ʧ], dy't yn it Skiermûntseagersk
alhiel ûntbrekt
w / ww
v / vv
[ʋ] wer ("wêr"), hawwe ("hawwe")
livje ("libje"), livven ("libben")
w fan "wat"
w [w] kwaid ("lulk"), swyn ("baarch") w fan "skowe"
z / zz [z] deuze ("doazen"), wazze ("wêze") z fan "tûzen"; komt yn it Skiermûntseagersk nea oan it begjin fan wurden foar
zj [ʒ] bagaazje ("bagaazje") zj fan "garaazje"; komt yn it Skiermûntseagersk inkeld foar yn lienwurden

Hjirnei in priuwke fan it Skiermûntseagersk, in fragmint út it foaropwurd (feurwes) fan it Eilander Wezzenbúek, troch Willem Visser en Siebren Dyk:

De tòstand fan it Eilanders is yn de gúed dôtich jier nooi it ferschiinen fan de Wezzenlist net echt eeuwrs wezzen. Wy heupe, krekt as Fokkema mooi syn Spraakkunst en Wezzenlist, mooi dit wezzenbúek mooi tò werkjen oon de ferstarking fan de posytsje fan en de waardering feur it Eilanders. Tògelyk wette wy maar al tò gúed, dat it (fut)bestain kinnen fan in taal yn it aiste plak bepaald wedt troch in geheel fan sosjale, ekonomyse, kulturele en psychologyse faktoren en dat de rol fan in wezzenbúek der net got yn wazze kin. Fansalm hewwe wy mooi dit wezzenbúek aik in mair wytenschaplik dúel feur aigen: it Eilanders, ne't it nach kin, nach in keer gúed fastleze en dertroch tògonklik metje feur taalkundich eeuwndersiek (yn 'e rúmste sin fan it wes). Derom binne útstorven, ferauderde en seldsume wezzen, búgings- en ferfúegingsformen en faste ferbiiningen aik opnimd en binne der soms freewat útfúerige tòlichtingen by bepaalde wezzen af betjottingen jeeuwn.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

referinsjes:

  1. 1,0 1,1 Roosendaal, Marie-Thérèse, Spreekt u ook Schiermonnikoogs?, yn: De Telegraaf, 24 augustus 2018.
  2. Schiermonnikoger woordenboek af, yn: de Ljouwerter Krante, 2 april 2001.
  3. De Bosatlas van Fryslân, Grins, 2009, s. 270.
  4. Eilander moet 'fraimd schyt' durven weerstaan, yn: de Ljouwerter Krante, 5 april 2001.
  5. 5,0 5,1 Ybema, Jan, Talenfan Dyami Millarson leert in zeven weken Schiermonnikoogs dialect, yn: it Frysk Deiblêd, 11 augustus 2018.
  6. Grosso, Maria del, Aasters dialect leren als verjaardagscadeau, yn: de Ljouwerter Krante, 3 july 2018, s. 19..
  7. Falkena, Onno, Bûtenlânske studinten wolle taal fan Skiermûntseach rêde , yn: Omrop Fryslân, 27 augustus 2018.
  8. Jansen, Mathilde, en Oostendorp, Marc van, Taal van de Wadden, De Haach, 2004, s. 38.

boarnen:

  • Boelens, K., et al., Twataligens: Ynlieding yn Underskate Aspekten fan de Twataligens, Ljouwert, 1981 (Fryske Akademy), ISBN 9 06 27 30 086.
  • ——, De Bosatlas van Fryslân, Grins, 2009 (Noordhoff Atlas Productions), ISBN 978-9 00 17 79 047, s. 270-271.
  • Dijkstra, Fedde, Eilander moet 'fraimd schyt' durven weerstaan, yn: de Ljouwerter Krante, 5 april 2001.
  • Dyk, Siebren, Historisch Overzicht van de Bestudering van het Schiermonnikoogs, yn: It Beaken, Tydskrift fan de Fryske Akademy, jiergong 67 (2005), s. 165-211.
  • Fokkema sr., Douwe, Beknopte Spraakkunst van het Schiermonnikoogs, Ljouwert, 1960 (Fryske Akademy).
  • Fokkema sr., Douwe, ûnder redaksje fan, Schiermonnikoger Lôzbúek, Ljouwert, 1979 (Afûk).
  • Fokkema sr., Douwe, Wezzenlist fan it Schiermonnikoogs, mooi Ieursetting yn it Friesk en Hollands, Ljouwert, 1968 (Fryske Akademy).
  • Jansen, Mathilde, en Oostendorp, Marc van, Taal van de Wadden, De Haach, 2004 (Sdu Uitgevers), ISBN 978-9 01 20 97 130.
  • Jansma, Klaas, Friesland en Zijn 44 Gemeenten, Ljouwert, 1981 (Frysk Deiblêd), ISBN 9 06 48 00 154.
  • Jonkman, Reitze J. en Versloot, Arjen P., Fryslân Land van Talen: Een Geschiedenis, Ljouwert, 2018 (op 'e nij besjoene werútjefte), oarspr. printinge 2013 (Afûk), ISBN 978-9 06 27 39 264, s. 95-97.
  • Roosendaal, Marie-Thérèse, Spreekt u ook Schiermonnikoogs?, yn: De Telegraaf, 24 augustus 2018. Ek digitaal beskikber.
  • Perdok, Els, Woordenboek Nederlands-Schiermonnikoogs, Skiermûntseach, 2001 (Kultuerhistoaryske Feriening " 't Heer en Feer").
  • ――, Schiermonnikoger woordenboek af, yn: de Ljouwerter Krante, 2 april 2001.
  • Visser, Willem, en Dyk, Siebren, Eilander Wezzenbúek, Ljouwert, 2002 (Fryske Akademy), ISBN 9 06 17 19 348.
  • Wiersma, Lammert, Yn Myn Thúshafen: Gedichten yn de Taal fan it Eilaun Schiermonnikeich, Ljouwert, 1973.

Talen en Dialekten yn Fryslân
Frysk Aastersk ● Hylpersk ● Klaaifrysk (Bjirmsk) ● Molkwardersk † ● Noardhoeksk (Eastnoardhoeksk • Westnoardhoeksk) ● Skiermûntseagersk ● Skylgersk ● Súdwesthoeksk (Lemsterlânsk) ● Wâldfrysk (Westereindersk)
Hollânsk Hollânsk-Frysk Amelânsk (Eastamelânsk • Westamelânsk) ● Biltsk (Eastbiltsk • Westbiltsk) ● Midslânsk ● Stedsk (Boalsertersk • Dokkumersk • Feanstersk † • Frjentsjertersk • Harnzersk • Kollumersk • Ljouwertersk • Snitsersk • Starumersk)
Westfrysk            Flylânsk †
Nedersaksysk   Kleastersk ● Pompstersk ● Stellingwerfsk (Eaststellingwerfsk • Gitersk † • Haadstellingwerfsk • Kúndersk • Westhoeksk) ● Westerkertiersk (Kollumerlânsk)