Evangeelje fan Mattéus

It Evangeelje fan Mattéus, yn it oarspronklike Gryksk: τὸ Εὐαγγέλιον κατὰ Ματθαῖον, to Euangelion kata Matthaion (mar meastentiids koartwei Mattéus neamd), is in evangeelje dat erkend wurdt as ien fan 'e fjouwer kanonike evangeeljes. It is it earste boek fan it Nije Testamint fan 'e kristlike Bibel en foarmet yn 'e mande mei de evangeeljes fan Markus en Lukas ien fan 'e trije synoptyske evangeeljes. It fertelt fan it libben en ûnderrjocht, de dea en de weropstanning út 'e dea fan 'e joadske learmaster Jezus fan Nazaret, dy't troch de kristenen beskôge wurdt as de messias en de Soan fan God. De earste Fryske oersetting fan it Evangeelje fan Mattéus ferskynde yn 1858 fan 'e hân fan Joast Hiddes Halbertsma.

Evangeelje fan Mattéus
algemiene gegevens
oarspr. titel Εὐαγγέλιον κατὰ Ματθαῖον
(Euangelion kata Matthaion")
auteur anonimus
taal Aldgryksk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun 7080 n.Kr.
bondel Bibel
rige
rige Nije Testamint
● foarich diel gjint (is 1ste diel fan it N.T.)
● folgjend diel Evangeelje fan Markus
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Ewangeelje fen Matthewes
publikaasje 1858, Londen
oersetter Joast Hiddes Halbertsma

Men is fan tinken dat it Evangeelje fan Mattéus syn oarsprong hie yn 'e joadsk-kristlike mienskip yn it Romeinske Syrje, oan 'e ein fan 'e earste iuw. It meastepart fan 'e moderne bibelwittenskip en de historiografy datearret it sa tusken 70-80 n.Kr., al wolle guon hawwe dat it noch earder skreaun wie, tusken 50 en 60 n.Kr.

Yn 'e tekst sels wurdt de skriuwer net neamd. De tradysje dy't wol dat it de apostel Mattéus wie, in ferfijd tollener (belestingynder) foar de Romeinske besetter dy't in dissipel fan Jezus waard, is begûn mei de kristlike biskop Papias fan Hiëropolis100-140). Dyselde skreau, yn in passaazje mei in stikmannich útspraken dy't foar mearderlei útlis fetber binne: "Mattéus sammele de wurden [logia: oerleverings fan of oer Jezus] yn 'e Hebriuwske taal [Hebraïdi dialektōi; miskien ek wol "Hebriuwske styl"] en in elk ynterpretearre [hērmēneusen; of "fertaalde"] harren nei bêste kinnen." Dit liket te betsjutten dat it Evangeelje fan Mattéus yn it Hebriuwsk skreaun waard en dêrnei oerset nei it Gryksk, mar taalkundich ûndersyk fan 'e Grykske tekst fan Mattéus slút dat frijwol út. Hoe dan ek, op grûn fan dit twifelige sitaat waard it evangeelje neitiid oan Mattéus taskreaun en om 'e ein fan 'e twadde iuw hinne wie dy oertsjûging sa algemien wurden dat nimmen him noch yn 'e kiif stelde, en yn dy tiid ûntstie ek de titel "it Evangeelje fan Mattéus".

Hjoed de dei wurdt lykwols frij algemien oannommen dat net de apostel Mattéus, mar in anonym skriuwer de wiere auteur fan it evangeelje wie. In wichtich argumint is dêrby dat Mattéus oantoanber fierhinne basearre is op it Evangeelje fan Markus, en it liket net botte wierskynlik dat immen dy't sels tsjûge fan 'e oangeande foarfallen wie, him sasear op in oar ferlitte soe. Men beskôget de anonime skriuwer as in heechoplate joad, dy't in yngeande kennis hie fan 'e details fan 'e joadske wet en oerskrank op 'e grins stie tusken tradisjonele joadske noarmen en wearden en harren nije, kristlike wjergaders. Yn syn fermidden stie de apostel Mattéus nei alle gedachten yn heech oansjen, mei't men leaut dat dyselde ek tige talein wie op 'e Torah en sels wol sjoen wurdt as in fariseeër of skriftlearde dy't ien fan Jezus syn folgelingen waard.

Oerienkomsten mei de oare evangeeljes

bewurkje seksje

Teologen beskôgje it Evangeelje fan Mattéus net as in eachtsjûgeferslach fan it dwaan en litten fan Jezus, mar as in lettere optekening dêrfan op grûn fan trije ûnderskate boarnen (de saneamde trijeboarneteory, dy't hjoed de dei troch de measte saakkundigen oanhongen wurdt). Yn it foarste plak spile dêrby it Evangeelje fan Markus in wichtige rol, dat foar 94% suver wurd foar wurd yn Mattéus oernommen is en dêrmei 55% fan Mattéus foarmet. Oard is der de hypotetyske samling (of samlings) fan siswizen en útspraken fan Jezus dy't Q neamd wurdt (nei it Dútske wurd foar "boarne", Quelle). De ynhâld fan boarne Q foarmet 25% fan Matteús. Materiaal út Markus en Q waard ek foar in grut part brûkt om it Evangeelje fan Lukas gear te stallen; sadwaande lykje Markus, Mattéus en Lukas tige opinoar en wurde se de synoptyske evangeeljes neamd (yn tsjinstelling ta it Evangeelje fan Jehannes, dat gâns ôfwykt). Ta ein beslút is der dan noch materiaal dat inkeld yn Mattéus foarkomt; dat foarmet sa'n 20% fan it evangeelje. Omset yn fersen is de sitewaasje sa: Mattéus bestiet út 1071 fersen; dêrfan komme der 387 ek foar yn sawol Markus as Lukas; 184 komme inkeld ek foar yn Lukas; 130 komme inkeld ek foar yn Markus; en 387 fersen binne unyk.

 
De apostel Mattéus wurdt troch in ingel ynspirearre ta it skriuwen fan syn evangeelje. (In skilderij fan Rembrandt.)

De útdrukkingsfoarm en de ynhâld wize derop dat it Evangeelje fan Mattéus skreaun waard foar de joadske kristenen yn Palestina, mei as doel om oan te toanen dat Jezus yndie de foarseine ferlosser wie, dejinge is dêr't Mozes en de profeten oer sprieken, en dat yn him de âlde ûnthjitten ferfolle waarden. Mattéus stiet dan ek bol fan 'e oanhellings en ferwizings nei profesijen út it Alde Testamint wêryn't de ûnthjittene Kristus foarsein en foarôfbylde waard. Om persiis te wêzen binne der 65 âldtestamintyske ferwizings, wêrûnder 43 sitaten, folle mear as yn hokker fan 'e oare evangeeljes ek.

Der binne kritisy dy't guon passaazjes yn it boek antysemitysk fine en miene dat dy de wize foarme hat wêrop't in protte kristenen yn it ferline, benammen yn de Midsiuwen, de joaden seagen (en noch wol sjogge). It meastepart fan dy passaazjes besteane út sitaten fan Jezus as dy de leden of lieders fan 'e beide grutte joadske religieuze rjochtings út dy tiid (de farizeeërs en de sadduseeërs), mar fral de farizeeërs, it leksum lêst en harren beskuldiget fan skynhilligens en in misbegryp fan 'e joadske leare.

Fryske oersetting

bewurkje seksje

De earste Fryske oersettings út Mattéus betroffen fragmintaryske passaazjes yn Aldfryske rjochtsteksten út 'e Midsiuwen (benammentlik Mattéus 6:9-13, it Us Heit). De earste fertaling fan in hiel haadstik (Mattéus 6) ferskynde yn 1802, yn Everwinus Wassenbergh syn Taalkundige Bijdragen tot den Frieschen Tongval I (sawol yn it Standertfrysk, ynsafier't men dat doe al sa neame koe, as yn it oan it Hylpersk besibbe en letter útstoarne Molkwarder dialekt). De earste Fryske oersetting fan it Evangeelje fan Mattéus as gehiel ferskynde yn 1858 fan 'e hân fan 'e grutte njoggentjinde-iuwske Fryske skriuwer en dichter Joast Hiddes Halbertsma, ûnder de titel It Ewangeelje fen Matthewes. Dêrby gie it om in oplaach 250 eksimplaren; pas yn 1884 folge der in (postume) folksútjefte. Yn 1911 en 1912 waard der as in soarte fan fúljeton in nije oersetting fan Mattéus fan 'e hân fan Gerben Postma en Pieter de Clercq útjûn yn it blêd Yn ús eigen tael.

It hiele Frysktalige Nije Testamint kaam út yn 1933, yn in fertaling fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, deselden dy't yn 1943 ferantwurdlik wiene foar de earste folsleine bibeloersetting, wat in útjefte wie fan it Nederlands Bijbelgenootschap yn opdracht fan it Kristlik Frysk Selskip. Om't sawol teologen as taalkundigen beswieren tsjin 'e fertaling Wumkes-Folkertsma hiene, waard fan 1966 ôf wurke oan in nije bibeloersetting, dy't yn 1978 útkaam as de Nije Fryske Bibeloersetting, mei stipe fan 'e provinsje Fryslân, it Nederlands Bijbelgenootschap te Haarlim en de Katholieke Bijbelstichting te Bokstel. Dat is de fertaling dy't noch altiten yn gebrûk is, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan 1995. De oersetting fan it Evangeelje fan Mattéus waard dêrby dien troch pater dr. S. Galama ofm, ûnderstipe troch frisikus M.J. de Haan. Lykwols kaam der yn 1994 in nije evangeeljefertaling út fan Wybren Jan Buma e.o., ûnder de titel De Fjouwer Evangeeljes, op 'e nij ferfryske.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • It Ewangeelje fen Matthewes: vertaeld in het land-friesch (oers. J.H. Halbertsma), Londen, 1858, sûnder ISBN.
  • It Nije Testamint (oers. G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma), Haarlim, 1933, sûnder ISBN.
  • Bibel (oers. G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma), Haarlim, 1943, sûnder ISBN.
  • Bibel (Nije Fryske Bibeloersetting), Haarlim/Bokstel, 1978 (Nederlands Bijbelgenootschap/Katholieke Bijbelstichting), ISBN 9 06 12 60 817.
  • De Fjouwer Evangeeljes, op 'e nij ferfryske, Ljouwert, 1994, ISBN 9 07 49 18 093.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Bibliography, op dizze side.

Bibel (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978)
Alde Testamint
Genesis | Exodus | Leviticus | Numeri | Deuteronomium | Jozua | Rjochters | Ruth | 1 Samuël | 2 Samuël | 1 Keningen | 2 Keningen | 1 Kroniken | 2 Kroniken | Ezra | Nehemia | Ester | Job | Psalmen | Spreuken | Preker | Heechliet | Jesaja | Jeremia | Kleilieten | Ezechiël | Daniël | Hoséa | Joël | Amos | Obadja | Jona | Micha | Nahum | Habakuk | Sefanja | Haggai | Sacharja | Maleächy
Deuterokanonike of Apokrife Boeken (taheakke oan it Alde Testamint)
Judit | Wysheid fan Salomo | Tobit | Jezus Sirach | Barûch | Brief fan Jeremia | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | Ester (Gryksk) | Taheakken op it Boek Daniël (Azarja • Suzanne • Bel en de Draak)
Nije Testamint
Mattéus | Markus | Lukas | Jehannes | Hannelingen | Romeinen | 1 Korintiërs | 2 Korintiërs | Galatiërs | Efeziërs | Filippiërs | Kolossers | 1 Tessalonikers | 2 Tessalonikers | 1 Timóteüs | 2 Timóteüs | Titus | Filémon | Hebreeërs | Jakobus | 1 Petrus | 2 Petrus | 1 Jehannes | 2 Jehannes | 3 Jehannes | Judas | Iepenbiering