Earste Brief oan Timóteüs
It Earste Brief oan Timóteüs, yn it oarspronklike Gryksk: Α' Επιστολή προς Τιμόθεο, Alfa Epistoli pros Timotheo, ek wol koartwei 1 Timóteüs neamd, is it fyfjinde boek fan it Nije Testamint fan 'e kristlike Bibel. It is de tsiende fan 'e brieven, en heart ta de Pastorale Brieven en yn bredere sin ta de Brieven fan Paulus. Neffens de tsjerklike tradysje wurdt dit brief oan 'e apostel Paulus taskreaun, mar dêr binne sûnt it begjin fan 'e njoggentjinde iuw ûnder bibelwittenskippers en teologen twifels oer ûntstien. Yn elts gefal is wol dúdlik dat 1 Timóteüs sa'n grutte ienheid fan ynhâld en taaleigen fertoand mei twa oaren fan 'e Pastorale Brieven, 2 Timóteüs en Titus, dat dy trije wol troch ien en deselde persoan skreaun wêze moatte, oft dat no Paulus wie of net.
Earste Brief oan Timóteüs | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Α' Επιστολή προς Τιμόθεο ("Alfa Epistoli pros Timotheo") | |
auteur | Paulus (?) | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 63 – 65 n.Kr. | |
bondel | Bibel | |
rige | ||
rige | Nije Testamint | |
● foarich diel | Twadde Brief oan de Tessalonikers | |
● folgjend diel | Twadde Brief oan Timóteüs | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Earste Brief oan Timóteüs | |
publikaasje | 1933, Haarlim | |
útjouwer | Nederlands Bijbelgenootschap | |
oersetter | G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma |
Tradisjoneel wurdt 1 Timóteüs datearre tusken 63 en 65, mar dan giet men derfan út dat Paulus it brief (yn Masedoanje) skreaun hat. De lju dy't dat ûntstride, datearje 1 Timóteüs tusken de ein fan 'e earste en de midden fan 'e twadde iuw. It brief is opmakke út goerie en warskôgings foar Paulus syn jongere mei-apostel Timóteüs, dy't doedestiden in liedende posysje ferfolle yn 'e kristlike gemeente te Efeze, oan 'e westkust fan Lyts-Aazje. De earste folsleine Fryske oersetting fan 1 Timóteüs stie yn 'e fertaling fan it Nije Testamint fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1933 útkaam.
Ynhâld
bewurkje seksjeNei in groetnis (1 Tim. 1:1-2) falt Paulus mar daliks mei de doar yn 'e hûs, troch Timóteüs te warskôgjen foar lju dy't in dwaallear ferkundigje (1 Tim. 1:3-11); pas dêrnei draacht er in gebed fan tank op (1 Tim. 1:12-20). Dan giet er yn op 'e foarskriften foar it libben yn in kristlike gemeente en it hâlden en dragen fan kristenen (1 Tim. 2:1-3:16). Hy jout Timóteüs ynstruksjes oangeande it mienskiplik gebed (en dan fral oer de ferskillende rollen dy't manlju en froulju dêrby hawwe), en oangeande it liederskip fan 'e tsjerke, folge troch in gearfetting wêryn't er it foargeande nochris opsommet. Dan komt er nochris werom op 'e ferkundigers fan dwaallearen (1 Tim. 4:1-16). Hy fertelt Timóteüs wat er dwaan moat as gemeenteleden it wiere leauwe ôffallich wurde en wat syn eigen ferantwurdlikheden as foaroanman fan 'e gemeente binne yn it omgean mei dwaalleararen. As er dat ienris nei syn tefredenens út 'e doeken dien hat, giet Paulus fierder mei rie oer hoe't men omgean moat mei de ûnderskate groepen binnen de tsjerke (1 Tim. 5:1-6:2). Dêrby komme op 't aljemint: manlju en froulju, de âlderein en de jongerein, âldere en jongere widdowen, de âldsten (lieders fan 'e mienskip), en slaven. Nei nochris in warskôging tsjin dwaallearen (1 Tim. 6:3-10), diskear taspitst op 'e riken en har (mooglike) jildsucht, slút Paulus it brief ôf troch Timóteüs op it hert te drukken om nei it goede te stribjen (1 Tim. 6:11-21a), folge troch in groetnis (1 Tim. 6:21b).
Fryske oersetting
bewurkje seksjeYn 1919 joech dû. Geart Aeilco Wumkes yn syn Ut 'e Heilige Dobbe û.m. in oersettingsfragmint fan eigen hân fan 1 Tim. 1:12-17 út. De earste folsleine Fryske oersetting fan 1 Timóteüs stie yn it Nije Testamint fan Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dat yn 1933 útkaam en dat fan 1943 ôf ûnderdiel útmakke fan 'e earste Fryske bibeloersetting. Om't sawol teologen as taalkundigen beswieren tsjin 'e fertaling Wumkes-Folkertsma hiene, waard fan 1966 ôf wurke oan in nije bibeloersetting, dy't yn 1978 útkaam as de Nije Fryske Bibeloersetting (mei stipe fan 'e provinsje Fryslân, it Nederlands Bijbelgenootschap te Haarlim en de Katholieke Bijbelstichting te Bokstel). Dat is de fertaling dy't noch altiten yn gebrûk is, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan 1995. De oersetting fan 1 Timóteüs waard dêrby dien troch drs. H. Dijkstra, dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch perfester dr. Jelle Hendriks Brouwer.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side. |