Jeremia (bibelboek)
Jeremia (mei de klam op it foarlêste wurdlid), yn it oarspronklike Hebriuwsk: ירמיהו, Yirmiyahu, is in boek fan sawol de joadske as de kristlike Bibel. Yn 'e joadske Tenach is Jeremia it 11de boek (fan 24) en falt it ûnder de Neḇi'im Aḥaronim (de "Lettere Profeten"); yn it Alde Testamint fan 'e kristlike Bibel is it (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978) it 24ste boek (fan 39) en heart it ta de Grutte Profeten. Yn it boek Jeremia binne de profesijen optekene fan 'e Judeeske profeet Jeremia, dy't yn 'e lette sânde en iere sechsde iuw f.Kr. yn Jeruzalim de fal fan it keninkryk Juda foarsei, en nei't dat wurklikheid wurden wie, yn ballingskip gie yn Egypte. De oarspronklike tekst fan it boek is yn it Hebriuwsk, útsein ien fers (Jer. 10:11), dat aparternôch yn it Arameesk skreaun is. De earste folsleine Fryske oersetting fan Jeremia stie yn 'e fertaling fan it Alde Testamint, fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1943 útkaam.
Jeremia | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | ירמיהו ("Yirmiyahu") | |
auteur | Jeremia e.o. | |
taal | Hebriuwsk | |
foarm | non-fiksje, proaza | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | ±580 f.Kr. | |
bondel | Bibel | |
rige | ||
rige | Alde Testamint | |
● foarich diel | Jesaja | |
● folgjend diel | Kleilieten | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Jeremia | |
publikaasje | 1943, Haarlim | |
útjouwer | Nederlands Bijbelgenootschap | |
oersetter | G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma |
Oarsprong
bewurkje seksjeNeffens de tradysje soe de profeet Jeremia it nei him neamde boek eigenhandich skreaun hawwe en datearret it fan likernôch 580 f.Kr. Dy noasje liket it grutste part fan 'e hjoeddeiske bibelwittenskip noch altyd stekhâldend ta, al moat dêrby oantekene dat der neitiid in beskate redigearring plakfûn hat troch ien of mear anonime skriuwers. Dielen fan Jeremia binne yn 'e fyftiger jierren fan 'e tweintichste iuw weromfûn yn 'e Deade-Seerôlen, en dat hat ta in ferrassende ûntdekking laat. Foarhinne hie men nammentlik altyd oannommen dat de iere Grykske oersetting fan it boek yn 'e Septuaginta fan in útsûnderlik minne kwaliteit wie, mar troch de nijfûne fragminten tinkt men no dat der twa Hebriuwsktalige ferzjes fan Jeremia west hawwe moatte: in âlderen, dy't letter oerset is yn 'e Septuaginta en sels inkeld oerlevere is as ûnderdiel fan 'e Deade-Seerôlen, en in jongeren, of miskien wol in yngeande bewurking en oanpassing fan 'e âldere ferzje, dy't úteinlik yn 'e Tenach opnommen is.
Ynhâld
bewurkje seksjeIt boek toant in ynbannige en wrokkerige Jeremia, dy't mei tsjinnichheid de him optwongen rol fan profeet op him nimt. Hy ropt de Judeeërs op om op te hâlden mei it ferearjen fan frjemde goaden, om't se dêrmei harren ferbûn mei God ferbrekke. Mar it folk harket net nei him, sels net as er de fal fan Jeruzalim en de ein fan it keninkryk Juda foarseit. Nei dat earste en wichtichste part fan 'e eigentlike profesijen giet it boek fierder oer Jeremia syn persoanlike bysûnderheden en syn ynteraksje mei oare profeten. Dêrop folget de profesij fan it ûnthjit fan God, dat nei de fal in restauraasje folgje sil (it saneamde "nije ferbûn", dat yn it joadendom sjoen wurdt as in foarsizzing fan 'e ein fan 'e Babyloanyske Ballingskip, mar dat yn it kristendom ynterpretearre wurdt yn it ramt fan it Nije Testamint en de komst fan Jezus Kristus). Dan wurdt Jeremia syn omgong mei kening Sedekía fan Juda beskreaun en úteinlik de fal fan Jeruzalim (586 f.Kr.) troch tadwaan fan Nebûkadnêzar II, de kening fan Babyloanje, dy't de Judeeërs yn ballingskip fuortfiere lit. Yn 'e lêste haadstikken wurdt dan noch de straf fan God foar de omwenjende folken foarsein.
Fryske oersetting
bewurkje seksjeGerben Colmjon sette yn 1863 in fragmint út Jesaja oer yn it Frysk (Jer. 8:7-11), dat útjûn waard as taheakke by dy syn Beknopte Friesche Spraakkunst. Yn 1919 joech dû. Geart Aeilco Wumkes yn syn Ut 'e Heilige Dobbe, û.m. oersettingsfragminten fan eigen hân fan Jeremia 1:4-10 en 8:4-9 út. De earste folsleine útjefte fan Jeremia stie yn it Alde Testamint fan Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dêr't dy yn 1943 de earste Fryske bibeloersetting mei foltôgen. Om't sawol teologen as taalkundigen beswieren tsjin 'e fertaling Wumkes-Folkertsma hiene, waard fan 1966 ôf wurke oan in nije bibeloersetting, dy't yn 1978 útkaam as de Nije Fryske Bibeloersetting (mei stipe fan 'e provinsje Fryslân, it Nederlands Bijbelgenootschap te Haarlim en de Katholieke Bijbelstichting te Bokstel). Dat is de fertaling dy't noch altiten yn gebrûk is, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan 1995. De oersetting fan Jeremia waard dêrby dien troch dû. Bernard Smilde, dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch frisikus M.J. de Haan.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Citations en Bibliography, op dizze side. |